thumb|250px|Merkeplein Slagelse Slagelse is in lytse stêd yn de Deenske regio Seelân, yn de gemeente mei deselde namme Slagelse. It leit sa'n 100 km súdwest fan Kopenhagen.

Skiednis Tichteby Slagelse leit Trelleborg, in Wytsingefort dat om 981 boud waard en as earste delsetting fan it gebiet jilt. Slagelse waard foar it earst neamd yn de kroniken fan Roskilde doe't dêr fan 1074 oant 1088 de earste tsjerke, de Sint Michael fanwege de noardske biskop Sven, boud waard. Yn 1150 folge de bou fan de Sint Petrus en yn 1164 it Antvorskovkleaster. Bjarne Fibiger, Slagelses historie 1999 Yn de 11e iuw hie Slagelse muntrjocht en wie it plak in wichtich hannelsintrum.

Hans Christian Andersen gie dêr in pear jier nei de Latynske skoalle, dy't er as 'ferfelend' beskreau.

Sport Superligaen-fuotbalclub FC Vestsjælland spilet syn thúswedstriden yn Slagelse.

Partnerstêden Stargard Szczeciński (Poalen) Aberdare (Wales)

Keppelings om utens Museum Slagelse Vikingeborgen Trelleborg Toeristeynformaasje oer Slagelse

Kategory:Plak yn Denemark