In discjockey, dj (almeast skreaun as DJ as der in namme op folget) of deejay is in persoan dy't muzyk draait. De term (letterlik "platerider"), dy't oarspronklik út it Amerikaansk-Ingelsk komt, ferwiist nei immen dy't in plaat (disc) op 'e draaitafel leit.
Der binne twa soarten discjockey's: in radio-discjockey is in radiopresintator dy't in muzykprogramma presintearret; in live-discjockey is in muzikant dy't yn nachtklubs en op feesten elektroanyske of dance-muzyk draait.
Kategory:Radiopresintator Kategory:Muzikant Kategory:Elektroanyske muzyk Kategory:Dance (muzyksjenre) Kategory:Berop Kategory:Lienwurd út it Ingelsk