Zarayda Groenhart (Hoarn, 31 july 1982) is in Nederlânsk presintatrise en publisiste fan Surinaamsk komôf.

Libben en karriêre Groenhart is hikke en tein yn it Westfryske Hoarn, en is fan Surinaamsk-Kreoalsk etnysk komôf. Har âlden binne yn 'e santiger jierren út Suriname nei Nederlân emigrearre. Groenhart studearre marketing yn Amsterdam, en die neitiid audysje by it Cosmic Theater, wat derop útrûn dat se acht moannen lang meispile yn it teäterstik Catwalk.

Yn 2005 fûn Groenhart wurk as VJ by de muzykstjoerder The Box, en nei in reorganisaasje fanôf desimber 2006 by TMF. Yn febrewaris 2007 stapte se oer nei omrop BNN, dêr't se presintatrise waard fan 'e programma's URBNN, State TV en Try Before You Die. Lanlike bekendheid krige hja troch har presintaasje (mei oaren) fan it spraakmeitsjende programma Spuiten en Slikken (oer drugs en seks). Op 'e radio wie Groenhart ek te beharkjen as presintatrise fan in wykliks programma dat útstjoerd waard op 'e stjoerder FunX en as ûnderdiel fan Lijn5 op Radio 5. As kollumniste is hja wurksum foar it tydskrift JFK en fierders skriuwt hja artikels foar de Nieuwe Revu en nrc.next. Yn 2013 die se mei oan it reality-spulprogramma Wie Is de Mol?, wêrby't se lykwols ôffoel foar de finale.

Yn 2014 publisearre Groenhart it boek Het Waarom-Meisje, wêryn't se iepenhertich har ûnderfinings beskriuwt oangeande de ferkrêfting dy't hja om 2001 hinne ûndergie, en alle dêrút fuortfloeiende persoanlike en psychyske swierrichheden. Ek wreidet se dêryn út oer de stipe dy't se fan har famylje krige, en dy't ûnmisber wie foar it oerwinnen fan har problemen.

Keppelings om utens Offisjele webside fan Zarayda Groenhart

Kategory:Nederlânsk telefyzjepresintator Kategory:Nederlânsk radiopresintator Kategory:Nederlânsk toanielakteur Kategory:Nederlânsk kollumnist Kategory:Nederlânsk publisist Kategory:Nederlânsk autobiograaf Kategory:TMF-wurknimmer Kategory:BNN-wurknimmer Kategory:Dielnimmer oan in Nederlânsk realitytelefyzjeprogramma Kategory:Nederlânsk misdieslachtoffer Kategory:Ferkrêftingsslachtoffer Kategory:Nederlânsk persoan fan Surinaamsk komôf Kategory:Nederlânsk persoan fan Surinaamsk-Kreoalsk komôf Kategory:Westfrysk persoan Kategory:Persoan berne yn 1982