Jezabel Vessir, echte namme ûnbekend (Denver, 13 april 1990), is in Amerikaansk neakenmodel en pornografysk aktrise fan mingd Afro-Amerikaansk en Yndiaask komôf, dy't ek wol gebrûk makke hat fan 'e artystenammen Jezabel Vessire en Jezabel Visser. Hja sette yn 2014 útein mei in wurkpaad yn 'e Amerikaanske pornoyndustry en spile sûnt yn in stikmannich films. Vessir stiet benammen bekend om har grutte natuerlike boarsten.
Libben en karriêre Vessir waard yn 1990 berne yn Denver, yn 'e Amerikaanske steat Kolorado. Hja is fan etnysk Afro-Amerikaansk komôf. Yn 2014 makke se mei 24 jier har debút yn in pornografyske film. Under har karriêre yn 'e Amerikaanske pornoyndustry kaam se benammen bekend te stean om har tige grutte, natuerlike boarsten. Se wurke gear mei manlike tsjinspilers as Mike Adriano, Mick Blue, James Deen en Keiran Lee.
Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hie Vessir tsjin begjin 2017 yn mear as tritich films spile, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Wicked Pictures, Devil's Film, Evil Angel en Digital Playground. Teffens hat se wol wurke foar minder bekende studio's, lykas Mile High Media, West Coast Productions, Northstar Associates en Pure Play Media. Fierders wie Vessir ek geregeldwei yn 't spier foar pornowebsiden op it ynternet, wêrûnder BangBros, Naughty America en Brazzers.
Lichemsskaaimerken Jezabel Vessir is swart, mei brune eagen en swart hier. Neffens har offisjele opjefte is se 1.65 m lang, mei in gewicht fan 52 kg, en in opfallend grutte natuerlike kupmaat 28F. Behalven piercings troch har earlellen hat Vessir ek in nâlpiercing. Fierders hat se in tatoeaazje oan 'e binnenkant fan har rjochterearm.
Filmografy (in seleksje) jier film studio 2014 Hot Black Chicks Love Huge White Dicks Northstar Associates 2015 Big Natural Boobies TittyFucked BigTitsRoundAsses.com Big Tits Round Asses 40 BangBros Black Girl Gloryholes 12 Dogfart Black in Black Digital Desire Brown Bunnies 11 Bang Bros Erotic Encounters Erotica X Jezabel's Sweet Breasts BabyGotBoobs.com Real Black Housewives of LA 4 West Coast Productions We Fuck Black Girls 2 Dogfart 2016 Deep Throat League PervCity.com Dirty Money Wicked Pictures Sexy Jezabel BigNaturals.com We Fuck Black Girls 5 Dogfart
Keppelings om utens Biografy en filmografy fan Jezabel Vessir yn 'e Internet Movie Database (IMDb) Biografyske gegevens en filmografy fan Jezabel Vessir yn 'e Internet Adult Film Database (IAFD) Biografyske gegevens fan Jezabel Vessir op FreeOnes
Kategory:Amerikaansk neakenmodel Kategory:Amerikaansk froulik pornoakteur Kategory:Amerikaansk neakenmodel fan Afro-Amerikaansk komôf Kategory:Amerikaansk froulik pornoakteur fan Afro-Amerikaansk komôf Kategory:Amerikaansk pornoakteur fan Middeneastlik of Súdaziatysk komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Hindoestaansk komôf Kategory:Persoan berne yn 1990