Foarfallen 9 maart - Augsburg wurdt in frije ryksstêd. 8 septimber - Paus Jehannes XXI wurdt keazen. Dêrtroch binne der dit jier fjouwer ûnderskate pausen fan Rome, wêrfan't Gregoarius X, Ynnosintius V en Adrianus V allegearre koart nei inoar komme te ferstjerren. 1276 wurdt sadwaande ek wol it 'Fjouwerpausejier' neamd. sûnder datum - Yn Wales brekt ûnder lieding fan Llywelyn ap Gruffudd in opstân út tsjin 'e Ingelske oerhearking. sûnder datum - Stefan Dragutin wurdt kening fan Servje.
Berne 29 septimber - kening Kristoffel II fan Denemark († 1332) datum ûnbekend Neil fan Bruce, Skotsk ealman en frijheidsstrider († 1306)
Ferstoarn 10 jannewaris - paus Gregoarius X (* 1210) 22 juny - paus Ynnosintius V (* 1225) 18 augustus - paus Adrianus V (* 1205)
Kategory:13e iuw