Foarfallen 26 febrewaris - Karel fan Anzjû ferslacht kening Manfred fan Sisylje yn 'e Slach by Benevento. Manfred sneuvelet, en Karel makket him master fan syn keninkryk, dat net inkeld it eilân Sisylje omfiemet, mar ek it súdlike part fan 'e Lears fan Itaalje. 2 july - Mei it Ferdrach fan Perth komt in ein oan 'e Skotsk-Noarske Oarloch. Noarwegen stiet it eilân Man en de Hebriden ôf oan Skotlân, mar behâldt de Orkney- en de Sjetlâneilannen. sûnder datum - Leien kriget stedsrjochten.
Berne datum ûnbekend Jan fan Strathbogie, greve fan Atholl, Skotsk ealman († 1306)
Ferstoarn 26 febrewaris - kening Manfred fan Sisylje (* 1232)
Kategory:13e iuw