De langsturtmarmot of reade marmot (Latynske namme: Marmota caudata) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e iikhoarntsjes (Sciuridae) en it skaai fan 'e marmotten (Marmota), dat foarkomt yn Sintraal-Aazje.

Fersprieding en biotoop It ferspriedingsgebiet fan 'e langsturtmarmot omfiemet dielen fan Kazachstan, Kirgyzje, Tadzjikistan, Oezbekistan, Afganistan, Pakistan, Yndia en Sina, dêr't dizze soarte libbet yn 'e berchgebieten fan 'e Hindoekûsj, de Karakoram, it westen fan 'e Kunlun, de Pamir, de Altai en it westen fan 'e Tjensjan-bergen. Yn 'e regel komme langsturtmarmotten foar op in hichte fan tusken de 1.400 en 4.800 m. Se jouwe de foarkar oan tuskenbeiden gerslân. De grutste populaasjes befine har op 'e heechberchtmesteppes fan 'e Altai en de heechberchtmewoastyn fan 'e eastlik Pamir.

Skaaimerken De langsturtmarmot wurdt troch soölogen benammen as in aparte soarte ûnderskaat op grûn fan 'e genitale bonken: it penisbonkje hat by langsturtmarmotten in folle yngewikkelder struktuer as by oare marmottesoarten.

Kategory:Sûchdieresoarte Kategory:Marmot Kategory:Lânseigen fauna yn Afganistan Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Kazachstan Kategory:Lânseigen fauna yn Kirgyzje Kategory:Lânseigen fauna yn Oezbekistan Kategory:Lânseigen fauna yn Pakistan Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Tadzjikistan