In fleanfjild is in flak terrein foar it opstigen en delkommen fan fleantugen.

In grut fleanfjild is in lofthaven. In militêr fleanfjild wurdt oantsjut as fleanbasis en in lâningsplak foar helikopters is in helyhaven. Soms wurde fleanfjilden sawol troch fleantugen as helikopters brûkt, en kinne boppedat tagelyk fan militêre en sivile aard wêze. De fasiliteiten wurde dan meastal wol fan elkoar skieden.

Fryske fleanfjilden Yn de provinsje Fryslân lizze de neikommende fleanfjilden: Amelân Fleanfjild Ballum Fleanfjild Drachten Fleanbasis Ljouwert

Sjoch ek Loftfeartmaatskippij

Kategory:Loftfeart