Kayme Kai, echte namme: Angelina Rosati (Kaaoa (Hawaï), 23 juny 1987), is in Amerikaansk neakenmodel en pornografysk aktrise fan mingd Hawaïaansk-Sineesk etnysk komôf, dy't yn it ferline ek wol gebrûk makke hat fan 'e artystenammen Karynn Kai, Kami Kai en Kanya Kai.

Libben en karriêre Kayme Kai is hikke en tein yn 'e steat Hawaï, dêr't se yn 1987 yn it plakje Kaaoa berne waard. Yn 2007, doe't se tweintich jier wie, makke se har debút yn in pornografyske film. Neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) hat se sûnt yn mear as tachtich pornofilms spile, û.m. foar sokke foaroansteande labels as Evil Angel, Penthouse, Wicked Pictures, Adam & Eve, New Sensations, Zero Tolerance, Digital Sin, Pure Play Media en Diabolic Video. Yn 2011 waard se mei fyftjin oaren nominearre foar in AVN Award (de Oscars fan 'e pornoyndustry) foar bêste groepsekssêne yn 'e film Speed. Neffens har offisjele opjefte is se 1.54 m, mei in gewicht fan 50 kg en kupmaat 34D, dy't se krigen hat troch yn 2008 in boarstfergruttingsoperaasje te ûndergean.

Prizen en nominaasjes Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn 2011 AVN Awardnominearrebêste groepsekssêne (mei 15 oaren)Speed

Keppelings om utens Offisjele webside fan Kayme Kai Biografy en filmografy fan Kayme Kai yn 'e Internet Movie Database (IMDb) Biografyske gegevens en filmografy fan Kayme kai yn 'e Internet Adult Film Database (IAFD)

Kategory:Amerikaansk neakenmodel Kategory:Amerikaansk froulik pornoakteur Kategory:Amerikaansk pornoakteur fan Polynezysk of Filipynsk komôf Kategory:Amerikaansk pornoakteur fan East- of Súdeastaziatysk komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Hawaïaansk komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Sineesk komôf Kategory:Persoan berne yn 1987