Frederick Douglass (berne as: Frederick Augustus Washington Bailey; Talbot County (Marylân), ±febrewaris 1818 – Washington, D.C., 20 febrewaris 1895), wie in Amerikaansk polityk aktivist, predikant, publisist, redakteur, diplomaat en steatsman fan Afro-Amerikaansk etnysk komôf. Hy waard as slaaf berne yn it Amerikaanske Suden, mar wist oan syn eigner te ûntsnappen en sette him nei wenjen yn it Noarden. Dêr ûntjoech Douglass him meitiid ta ien fan 'e lieders fan 'e abolisjonistyske beweging en waard er ferneamd om syn meislepende taspraken en trochkringende geskriften. Hy leaude sterk yn 'e gelikensens fan alle minsken, oft se no blank, swart, froulik of Yndiaansk wiene. Ien fan syn bekendste sitaten is: "Ik soe my by lykfolwa oanslute om goed te dwaan, en by nimmen om kwea te dwaan." Douglass wurdt no rûnom beskôge as de wichtichste lieder fan 'e Afro-Amerikaanske mienskip yn 'e njoggentjinde iuw.

Libben Slavernij Douglass waard om febrewaris 1818 hinne as slaaf berne yn Talbot County, yn 'e steat Marylân, ûnder de namme Frederick Augustus Washington Bailey. Syn mem wie de swarte slavinne Harriet Bailey en syn heit wie mooglik de blanke opsichter Aaron Anthony, mei't Douglass letter sels yn syn autobiografy optekene dat der op 'e plantaazje geroften fan dy strekking giene. Hy waard fan syn mem skaat doe't er noch mar in poppe wie, en hie letter gjin oantins oan har. Oant er sân jier wie, waard er grutbrocht troch syn beppe, de slavinne Betty Bailey, en neitiid tsjinne er syn mooglike heit in hoart as plantaazjeslaaf, oant dy stoar en de jonge Douglass eigendom waard fan in Lucretia Auld, de frou fan in Thomas Auld, dy't him nei Baltimore ta stjoerde om dêr har man syn broer Hugh Auld te tsjinjen.

Doe't Douglass in jier as tolve wie, begûn Hugh Auld syn frou Sophia him it alfabet te learen, nettsjinsteande it feit dat de steatswetjouwing fan Marylân soks ferbea. Douglass beskreau frou Auld letter as in freonlike frou, dy't har slaven behannele sa't men jins meiminsken hearden te behanneljen. Doe't har man der lykwols efter kaam wat se mei de jonge útheefde, feegde dy har alderraarst de mantel út, want as in slaaf leare soe om te skriuwen, sa seid er, dan soe dy ûntefreden wurde oer syn maatskiplike status en nei frijheid begjinne te langjen. Yn syn autobiografy hold Douglass letter út dat dy wurden by him it earste siedsje fan syn eigen frijheidssin planten. Baltimore wie lykwols gjin plantaazje mar in grutte stêd, en it slagge Douglass dan ek en beset it skriuw- en lêsmateriaal dat er brek wie om himsels temûk fierder lêzen en skriuwen te learen.

In pear jier letter waard Douglass troch Hugh Auld ferpachte oan 'e plantaazjehâlder William Freeland. Op dy syn plantaazje sette Douglass dermei útein om op in wyklikse sneinsskoalle de oare slaven te learen hoe't se it Nije Testamint lêze moasten. De animo dêrfoar wie sa grut dat eltse wike wol fjirtich slaven delkamen om fan him les te krijen. Likernôch in healjier gie dat ûnopmurken, mar úteinlik kaam de moard fansels út. Hoewol't it Freeland ien toetmem wie, rekken slavehâlders út 'e omkriten alhiel breinroer, en op in snein foelen se, bewapene mei kneppels en stiennen, de sneinsskoalle binnen om 'e slaven mei geweld derfan te oertsjûgjen dat se better net fierder leare koene. Neitiid, yn 1833, naam Thomas Auld Douglass werom fan syn broer Hugh, neffens Douglass by wize fan bestraffing fan syn broer, om't de jonge slaaf blykber lêzen en skriuwen leare kinnen hie yn 'e tiid dat er Hugh Auld tsjinne. Thomas Auld ferpachte Douglass ynstee oan Edward Covey, in earme gernier dy't de reputaasje hie dat er in "slavebrekker" wie. Dêr waard Douglass sa mishannele dat er der suver psychologysk trochhinne sakke, oant er úteinlik Covey sels in wan bruien joech, wêrnei't de man him nea wer mei finger oanrekke.

Nei twaris om 'e nocht besocht te hawwen en ûntkom nei it frije Noarden ta, rekke Douglass yn 1837 smoarfereale op Anna Murray, in frije swarte frou út Baltimore. Om by har wêze te kinnen, sprong er op 3 septimber 1838 op 'e trein nei it noarden. Ferklaaid as in matroas (yn in unifoarm dat Murray him besoarge hie) stiek er mei it fear de rivier de Susquehanna en dêrmei de grins tusken Marylân en Pennsylvania oer. Ienris yn it Noarden naam er op 'e nij de trein nei Philadelphia, dêr't er him melde by in ûndergrûnsk netwurk fan abolisjonisten, wêrnei't er nei in ûnderdûkadres yn New York ta brocht waard. Dêr joech Murray har by him, en op 15 septimber 1838 trouden se mei-inoar.

Aktivisme tsjin slavernij Douglass en de frou setten har nei wenjen yn New Bedford, yn 'e steat Massachusetts, dêr't er de namme Douglass oannaam ta ferfanging fan syn slavenamme. Yn 1839 helle er syn papieren as predikant fan 'e Afrikaanske Metodistyske Episkopaalske Siontsjerke, in selsstannige Afro-Amerikaanske kristlike denominaasje. Datselde jiers kaam Douglass yn kontakt mei William Lloyd Garrison, in blanke sjoernalist en in fûleindich strider tsjin 'e slavernij, dy't him behelle yn 'e abolisjonistyske beweging. Al rillegau waard Douglass frege as sprekker op abolisjonistyske gearkomsten, mei't er as ûntsnapte slaaf perfoarst in relevant ferhaal te fertellen hie. It die bliken dat er in grut talint hie foar it hâlden fan taspraken, dat binnen in pear jier reizge er it hiele Noarden troch om lêzings te hâlden foar lykstimden.

Yn 1845 skreau er syn earste autobiografy, Narrative of the Life of Frederick Douglass, an American Slave. Dat boek waard in bestseller, wêrfan't binnen trije jier 11.000 eksimplaren yn 'e Feriene Steaten sirkulearren, wylst it teffens yn Grut-Brittanje útbrocht waard en oerset waard yn it Frânsk en it Nederlânsk. Letter skreau Douglass noch twa oare autobiografyen, yn 1855 My Bondage and My Freedom, en yn 1881 Life and Times of Frederick Douglass. Dêrby sette er eltse kear útein mei syn foargeande wurk, dat er dan útwreide en oanfolle. De lêste ferzje, út 1881, beseach er yn 1892 nochris op 'e nij.

Fan 1845 oant 1847 makke Douglass in rûnreis troch Ierlân en Ingelân, dêr't er ta oantrune wie troch syn freonen, om't dy yn noed sieten dat syn tanimmende populariteit wolris de oandacht fan syn eardere eigner lûke kinne soe. De reis wie foar him in iepenbiering, mei't er, sa't er it sels ûnder wurden brocht, yn Jeropa "net as in hûdskleur, mar as in man" behannele waard. Syn Britske oanhingers brochten, ûnder lieding fan Ellen Richardson fan Newcastle oan de Tyne, sels jild byinoar wêrmei't se him frijkochten fan Thomas Auld, sadat er as in wetlik frij man nei syn heitelân weromkeare koe.

Nei syn weromkear yn 'e Feriene Steaten sette Douglass útein mei de publikaasje fan in abolisjonistyske krante, The North Star, dy't er bekoste fan 'e jeften fan Britske abolisjonisten. Teffens rekke er yn dyseldichste snuorje ferfrjemde fan Garrison, mei't er dy syn opfettings te radikaal begûn te finen. Sa holden Garrison en dy syn oanhingers út dat de Amerikaanske Grûnwet it ynstitút fan 'e slavernij propagearre, wylst Douglass fûn dat dat dokumint ek útlein wurde koe (en moast) yn it foardiel fan 'e abolisjonisten. Njonken syn krewearjen foar ôfskaffing fan 'e slavernij sette Douglass him ek tige yn foar frouljusrjochten. Hy wie û.m. in grut foarstanner fan it frouljuskiesrjocht yn in tiid dat dat sels foar de measte froulike foarfjochters fan frouljusrjochten noch in brêge te fier wie.

Yn 1848 publisearre Douglass in iepen brief oan syn eardere master Thomas Auld, wêryn't er de man it leksum lies foar syn behanneling as slaaf, en frege hoe't Auld it fine soe as Douglass syn dochter as slavinne fuortfiere soe en har behannelje soe sa't er sels behannele wie. Uteinlik soe Douglass Thomas Auld hast tritich jier letter, yn 1877, doe't de man op syn stjerbêd lei, besykje. Ferskate jierren earder wie Douglass yn kontakt kommen mei Auld syn dochter, Amanda Auld Sears, wêrby't it inisjatyf fan har kant kommen wie. Sy wie it ek dy't dat lêste besyk oan har heit bewurkmastere hie, wêrby't de beide mannen nei't it skynt harren skeel oersljochten.

Tsjin it útbrekken fan 'e Amerikaanske Boargeroarloch, yn 1861, wie Douglass ien fan 'e meast ferneamde swarten yn 'e Feriene Steaten wurden. De oarloch wie útbrutsen om deilisskip oer de rjochten fan 'e ôfsûnderlike steaten fersus dy fan it nasjonale regear, en teffens om ekonomyske motiven. Sûnder dat er wurch te krijen wie, pleite Douglass der lykwols foar dat it doel fan 'e oarloch de ôfskaffing fan 'e slavernij wêze moast. De Proklamaasje fan Emansipaasje, wêrmei't presidint Abraham Lincoln yn 1863 úteinlik in ein oan dat ferfijde ynstitút makke, foarme de kroan op al Douglass syn krewearjen. Hy wie lykwols teloarsteld dat Lincoln net daliks ek it kiesrjocht oan swarte manlju joech. Mei dit barren gie Douglass syn stribjen in nij stadium yn, nammentlik dat fan 'e boargerrjochtestriid.

Aktivisme foar gelikense rjochten Nei ôfrin fan 'e Boargeroarloch gie Douglass troch mei syn wurk foar de gelikense rjochten foar Afro-Amerikanen en froulju. Om't er sa'n foaroansteande persoanlikheid wurden wie, waard er ek op ferskate politike en diplomatike posten beneamd; sa wied er direkteur fan 'e Freedman's Savings Bank, in bank dy't opset wie foar eks-slaven, en teffens wied er de Amerikaanske folmacht yn 'e Dominikaanske Republyk, mar dat amt joech er nei twa jier oer om't er it Amerikaanske belied oangeande dat lân net goedkrije koe. Letter soed er fan 1889 oant 1890 de funksje fan Haïtiaansk ambassadeur yn 'e Feriene Steaten op him nimme.

De perioade fan 'e weropbou nei de Boargeroarloch wie yn 't earstoan in tiid fan grutte foarútgong foar de befrijde negerslaven yn it Suden. De manlju krigen nei ferrin fan tiid kiesrjocht, se rjochten eigen tsjerken, skoallen en ferienings op, en ûntwikkelen in bloeiende kultuer. Yn 'e 1870-er jierren kaam der lykwols in weromslach yn 'e foarm fan diskriminaasje en yntimidaasje troch blanken. It wie yn dy tiid dat de rasistyske Ku Klux Klan oprjochte waard. Yn 'e 1890-er jierren namen de Súdlike steaten ien foar ien saneamde Jim Crow-wetten oan, dy't de rasseskieding en de útsluting fan swarten fan it kiesrjocht fan hegerhân opleine.

Douglass sette him o sa yn om 'e behelle foarútgong te behâlden en de nije ûnderdrukking tsjin te kearen. Dêrta stipe er û.m. de ferkiezingskampanje fan 'e eardere generaal Ulysses S. Grant, dy't yn 1869 presidint waard. Grant soarge dat der ferskate wetten tsjin 'e Klan en lykstimden oannommen waarden, en ek liet er 5.000 man oppakke. Dat smiet him ûnder de blanke kiezers gjin freonen op, mar Douglass priizge him dêrfoar. Tsjin 'e ein fan Grant syn presidintskip ferwettere it federale belied op dit punt lykwols wer. By de presidintsferkiezings fan 1872 waard Douglass troch de saneamde Equal Rights Party, in marginale politike partij sûnder lykfol hokker kâns om 'e ferkiezings te winnen, ta harren fise-presidintskandidaat beneamd, sûnder dat er dêr sels fan op 'e hichte wie. Lykwols wied er dêrmei de earste Afro-Amerikaan ea dy't foar sa'n heech amt ferkiesber wie. Datselde jiers brânde Douglass syn hûs yn Rochester oan 'e grûn ta ôf. Wierskynlik wie it oanstutsen. Douglass en syn gesin oerlibben it ûnskansearre, en dêrnei ferhuze er nei de federale haadstêd Washington, D.C. Yn 1877 skafte er dêr syn úteinlike hûs oan, op in heuvel oan 'e rivier de Anacostia, dat nei syn dea it Frederick Douglass National Historic Site wurde soe.

Priveelibben