De Oanpaste Steatestavering is in wiziging yn 'e Steatestavering dy't sûnt 1980 foar de Fryske taal yn gebrûk is. Dy wiziging wie in advys dat út 'e koker fan 'e Fryske Akademy kaam. Op 17 desimber 2014 waard de Oanpaste Steatestavering formeel goedkard troch de Steaten fan Fryslân. De feroarings yn 'e Fryske stavering waarden op 31 jannewaris 2015 fan krêft, nei't it beslút fan 'e Steaten fan Fryslân yn in provinsjale feroardering fêstlein wie troch de Deputearre Steaten.
Feroarings oe / û It Frysk hat 3 ûnderskate oe/û-lûden, te witten: it koarte ienlûd /u/, it lange ienlûd /uː/ en it twalûd /u.ə/. Dy wurde sa stavere: /u/ - û of oe (bgl. "tûk" en "boek") /uː/ - û of oe (bgl. "sûch" en "droech") /u.ə/ - oe (bgl. "doel")
Boppesteande wie foarôfgeande oan 2015 ek al sa. Wat der mei de ynfiering fan 'e Oanpaste Steatestavering feroare, wie dat de haadregel fan doe ôf oan wie dat sawol it koarte ienlûd ("tûk") as it lange ienlûd ("sûch") altyd stavere wurdt as û. Op dy haadregel binne lykwols 2 útsûnderings: As it oerienkomstige Standertnederlânske wurd de stavering mei oe hat, dan hat it Fryske wurd dy ek. Dy útsûndering waard ûnderboud mei it argumint dat der datoangeande in staveringstradysje bestean soe. De bûging fan in beheind tal sterke tiidwurden hat yn de doetiid en de folsleine tiid foar it oe/û-lûd de stavering oe of û. Dy besteande staveringstradysje bliuwt beholden, want troch dy stavering wurdt yn guon gefallen ûnderskied makke tusken de notiid oan de iene kant en de doetiid oan de oare kant, lykas by: "ik lûk" (notiid) - "ik loek" (doetiid).
Fan û nei oe Grûnwurden wêrfan't de stavering feroare fan û nei oe:
âlde stavering
fûkepot kalmûs kapûs prûste rûf rûftdy rûs rûts(baan) rûtsdy trûs trûzich tûf(e) wûper wûps wûpstynije stavering
foekepot kalmoes kapoes proeste roef roeftdy roes roets(baan) roetsdy troes troezich toef(e) woeper woeps woepstybetsjutting
rommelpot soarte plant soarte mûtse Ned. niesen, ek: hurd laitsje lûd, feroarsake troch in flugge beweging idem, ek: "hoepel op!" waas, dronken sliep glydbaan lûd, feroarsake troch in flugge beweging hynstesykte, Ned. droes lijend oan troes opsteande fearren op kop, lok (hier), reidplom feech lûd, feroarsake troch in flugge beweging lûd, feroarsake troch in flugge beweging
Fan oe nei û Grûnwurden wêrfan't de stavering feroare is fan oe nei û:
âlde stavering
bazoeka boek doezebout droech goelasj haboes (h)oekebakke (h)oekedakke (gean) hoekeniel joetse keboef koetsebeibeam noegje oek poemelje reboelje roegje spoek stoef toek(e) tsjoets útnoegje útroegjenije stavering
bazûka bûk dûzebout drûch gûlasj habûs (h)ûkebakke (h)ûkedakke (gean) hûkeniel jûtse kebûf kûtsebeibeam nûgje ûk pûmelje rebûlje rûgje spûk stûf tûk(e) tsjûts útnûgje útrûgjebetsjutting
fan it skouder ôffjurre raketwerper beamsoarte (de staveringsferoaring jildt net foar de betsjutting fan ynbûne tekst) plantenamme: synonym foar tuorrebout tsjinstelde fan wiet bekend, fan oarsprong Hongaarsk gerjocht dronkwinsk (synonym oan "sûnens" of "proast") útrop by it optillen fan in bern op bêd (gean) útbou mei finster boppe daksgoate pearje, neuke, fluch en sloarderich yninoar flânzgje kombuis, kombof, roef, kajút (sawol op skip as op dak) soarte beam (immen) freegje eat te dwaan leaf lyts bern stampfuotsje opstân, drokke beweging roaie mytysk wêzen yn 'e foarm fan in geast fan in ferstoarne bartsk, stuch, stiif, dreech te hantearjen ropwurd foar keallen jaachwurd foar hinnen (immen) deryn freegje of freegje del te kommen ferdylgje
It twalûd oe De stavering fan it twalûd /u.ə/ waard by de ynfiering fan 'e Oanpaste Steatestavering op himsels net feroare. Der waard lykwols al fêststeld dat it twalûd altyd stavere wurde moat as oe. As it /u.ə/-lûd yn ûnbeklamme posysje ferkoarte wurde kin ta in /u/-eftich lûd, wurdt ek altyd in oe foar in r skreaun. Foarbylden: amoereus ("amoureus"), djoerabel ("prijzig"), entoeraazje ("entourage"), koereur ("coureur"), oerémis ("overstuur"), toerisme ("toerisme").
eo / eau It twalûd /ø.ə/ (lykas yn "freon") koe yn it tiidwurd "reauntsje" (Ned. neuriën) ek mei eo stavere wurde, as "reontsje". Tenei moast it altyd stavere wurde as "reauntsje".
ieu / iuw It ferskil yn stavering tusken de twalûden /i:ṷ/ ("ieu") en /iṷ/ ("liuw") waard opheft. Tenei waard inkeld noch de stavering iuw brûkt. Foar de wurden "kiuw" en "miuw", dy't foarkamen mei beide staveringsfarianten, ferdwûnen de foarmen mei ieu.
Grûnwurden wêrfan't de stavering feroare, wiene: âlde stavering
Hebrieusk ieu kieu mieu Sieunije stavering
Hebriuwsk iuw kiuw miuw Siuw
f / v De staveringsregel foar v en z oan it begjin fan frjemde wurden waard feroare. Oan it begjin fan in grûnwurd komt yn prinsipe gjin v of z mear foar, mar ynstee in f of s, ek as dat wurd ûnderdiel is fan in gearstalling of ôflieding wêrby't de earste letter fan it grûnwurd net oan it begjin fan it wurd stiet. Dat hold yn alle gefallen* foar de neikommende wurden in wiziging yn: *) Mar der kinne mear wurden wêze dêr't dizze regel fan tapassing is.
âlde stavering
divyzje provyzje revyzje supervyzje telefyzje tillevyzje
ynvalide ambivalint revalidearjenije stavering
difyzje profyzje refyzje superfyzje telefyzje tillefyzje
ynfalide ambifalint refalidearje
Griene list Boppedat komt de Fryske Akademy ek mei in griene list, dy't de status fan foarkarstavering hat. Benammen it ûnderwiis hat om mear dúdlikens frege. Foar de skriuwers op dizze wikipedy oft it no Klaaikers, Wâldsjers of Súdwesthoekers binne, bliuwe de ferskate dialektfoarmen tastien.
Keppeling om utens Utlis op it webstee Fryske Akademy
Kategory:Fryske stavering