Jan Jelles Hof (De Gaastmar, 27 oktober 1872 - Ljouwert, 13 febrewaris 1958) wie in Frysk skriuwer, oersetter en sjoernalist. Hy waard berne yn De Gaastmar as soan fan in skipper. Hy waard letter beropssoldaat en wurke as sjoernalist oan it Nieuwsblad Friesland, as haadredakteur by it Leeuwarder Nieuwsblad en wie redakteur fan Frysk en Frij (1945). Hy hie in soad spul as lid fan de Fryske Beweging. Hie û.o. striidskriuwerij mei Douwe Kalma. Mei O.H.Sytstra wied er in treflik kenner fan de Fryske folkstaal.

thumb|Grêf fan Hof yn Grou Yn 1933 publisearre er de Friesche Dialectgeographie, in stúdzje dy't de Fryske dialektgrinzen yn kaart brocht op basis fan syn eigen fjildûndersyk.

Under de skûlnamme 'Jan fen'e Gaestmer' skreau er poëzij.

Bibliografy poëzij: Klankboarne (1906) (fermeardere werprintinge: Fan eigen Tiid en Folk, 1951) Omstikken en Sydstikken (1907) De Greate Striid (1916) skoalboek: Yn eigen Tún (1909) oersettings: De Sang fen Hiawatha (nei Henry Wadsworth Longfellow, 1901-1904) ferskate oersettings nei Multatuli en Guido Gezelle ferskaat Nieuwe Friesche Spraakkunst ( mei O.H. Sijtstra, 1925) Friesche dialectgeographie (1933) Fjirtich Jier Taelstriid (1943) 4 dielen, 1940-1942 Dit en dat oer it Stedsk (1956) brosjueres en artikels

Oer Hof en syn wurk Douwe Kalma (1943) J. Tj. Piebenga (1957)

Keppeling om utens Jan Hof yn de DBNL

Kategory:Frysk sjoernalist Kategory:Frysk kranteredakteur Kategory:Frysk tydskriftredakteur Kategory:Frysk romanskriuwer Kategory:Frysk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Frysk dichter Kategory:Frysk publisist Kategory:Frysk soldaat Kategory:Skriuwer yn it Frysk Kategory:Frysk oersetter Kategory:Oersetter nei it Frysk Kategory:Persoan berne yn De Gaastmar Kategory:Persoan stoarn yn Ljouwert Kategory:Persoan berne yn 1872 Kategory:Persoan stoarn yn 1958