De hamsters (wittenskiplike namme: Cricetinae) foarmje in ûnderfamylje fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia) en de famylje fan 'e wrotmûseftigen (Cricetidae), dêr't ûnder oaren ta hearre de (gewoane) hamster, dy't yn Nederlân yn it wyld foarkomt, en de goudhamster, in bekend húsdier. Yn totaal binne der 19 libbene soarten, ferdield oer 7 skaaien. De hamsters binne nau besibbe oan 'e oare ûnderfamyljes fan 'e wrotmûseftigen, de wrotmûzen (Arvicolinae) en trije groepen dy't mei-inoar beflapt wurde ûnder de oantsjutting mûzen en rotten fan de Nije Wrâld.

Algemiene beskriuwing Hamsters binne yn it wyld benammen yn 'e skimerperioaden en yn mindere mjitte nachts aktyf, en bliuwe oerdeis yn eigengroeven hoalen ûnder de grûn om rôfdieren te ûntrinnen. Se frette benammen sied (plant)sied, fruchten en griene plantedielen, mar wreidzje har menu út en troch út mei gravende ynsekten. Se steane fral bekend om har wangpûden, dy't se oant har skouders oprekke kinne troch se fol te stopjen mei fretten dat se yn lytse stikjes biten hawwe. As der net mear by kin, keare se werom nei har hoale om dêr yn alle rêst it opgarre fretten te beplúzjen. Dit ferminderet de tiid dat se bleatsteane oan predaasje en ferbetteret dus har kânsen om te oerlibjen. De Sineeske hamster (Criteculus griseus) is de iennichste soarte mei in grypsturt (de measte soarten hamsters hawwe in koart, hast rudimintêr sturtsje).

Domestisearring Hamsters wurde faak ek as húsdier holden troch de minske. Domestisearring fan dit slach bisten liket benammen ûntstien te wêzen nei't medyske ûndersykslaboratoaria om 'e midden fan 'e tweintichste iuw hinne hamsters begûnen hâlden, om't se har yn finzenskip sa maklik fuortplantsje. De meast holden soarte is de goudhamster (Mesocricetus auratus), mar ek de trije soarten dwerchhamsters (Phodopus) binne frij populêr. Om't se nachtdieren binne, hingje hamsters derta oer om oerdeis te sliepen en nachts klearwekker en aktyf te wêzen, wat foar eigners nochal yrritant wêze kin mei al dat gekoaibyt en getsjildraaf by neare nacht.

Underfamylje-opbou

ûnderfamylje hamsters (Cricetinae) skaai Allocricetus † skaai Amblycricetus † skaai Chuanocricetulus † skaai Collimys † skaai dwerchhamsters (Phodopus) campbelldwerchhamster of Campbells dwerchhamster (Phodopus campbelli) Russyske dwerchhamster, Dzjûngaarske dwerchhamster of Sibearyske dwerchhamster (Phodopus sungorus) woastyndwerchhamster, roborovskidwerchhamster of Roborovski's dwerchhamster (Phodopus roborovskii) skaai Gansûhamsters (Cansumys) Gansuhamster (Cansumys canus) skaai goudhamsters (Mesocricetus) goudhamster (Mesocricetus auratus) Kaukasushamster (Mesocricetus raddei) Roemeenske hamster (Mesocricetus newtoni) Turkske hamster (Mesocricetus brandti) skaai Hattomys † skaai Hypsocricetus † skaai Ischymomys † skaai Jeropeeske hamsters (Cricetus) hamster, gewoane hamster of Jeropeeske hamster (Cricetus cricetus) skaai Karstocricetus † skaai Kowalskia † skaai Microtocricetus † skaai langsturthamsters (Tscherskia) rôthamster (Tscherskia triton) skaai Nannocricetus † skaai Pannonicola † skaai Paracricetulus † skaai Rhinocricetus † skaai Rotundomys † skaai Sinocricetus † skaai Sintraalaziatyske hamsters (Allocricetulus) evermanndwerchhamster of Eversmanns dwerchhamster (Allocricetulus eversmanni) Mongoalske dwerchhamster (Allocricetulus curtatus) skaai ûnechte dwerchhamsters (Cricetulus) Dauryske dwerchhamster (Cricetulus barabensis) Kamdwerchhamster (Cricetulus kamensis) langsturtdwerchhamster (Cricetulus longicaudatus) Sineeske dwerchhamster (Cricetulus griseus) solokovdwerchhamster of Solokovs dwerchhamster (Cricetulus solokovi) Tibetaanske dwerchhamster (Cricetulus alticola) trekhamster (Cricetulus migratorius)

Kategory:Wrotmûseftige