In karnivoar of fleisiter is in organisme dat dierlik materiaal brûkt om him mei te fieden. De term komt út it Latyn, fan carnis ("fleis") en -vorus ("iter"). Dizze oantsjutting wurdt net inkeld brûkt foar bisten dy't oare bisten opfrette, mar ek foar fleisitende planten en fleisitende baktearjes.
It begryp "karnivoar" moat net betize wurde mei de Carnivora, it taksonomyske skift fan 'e rôfdieren. In protte bisten dy't ta dy groep hearre binne yndie karnivoaren, mar guon binne ynstee omnivoaren (bgl. de measte bearen), wylst guon just herbivoaren binne (tink oan 'e reuzepanda). In spesifyk soarte fan karnivoaren binne de ynsektivoaren of ynsekte-iters.
Karnivoaren yn 'e sit fan fleisitende organismen kinne opdield wurde yn trije kategoryen: hyperkarnivoaren binne organismen mei in dieet dat foar 70% of mear út dierlik materiaal bestiet mesokarnivoaren binne organismen mei in dieet dat foar 30–70% út dierlik materiaal bestiet hypokarnivoaren binne organismen mei in dieet dat foar 30% of minder út dierlik materiaal bestiet
Kategory:Dierlik hâlden en dragen Kategory:Lienwurd út it Frânsk