Droog Brood wie in kabaretduo dat bestie út Bas Hoeflaak en Peter van de Witte.
Sy krigen kunde oan elkoar op de Academie voor Kleinkunst yn Amsterdam dêr't sy tegearre ek ferskate foarstellings makken. Nei dy oplieding giene sy fierder as Droog Brood. Sy wûnen 2000 it Amsterdams Kleinkunst Festival en makken de foarstellings "Teer" (2001), "Scènes voor de Mensen" (2003) en "Omwille van de Smeer" (2005). It fjirde teäterprogramma, mei de titel "De Kip met de Gouden Enkels", gie op 20 desimber 2007 yn premiêre en spile noch oant 2009. Mei dat lêste programma waard Droog Brood teffens nominearre foar de Poelifinario 2008.
Ier yn 2016 makke it duo buorkundich dat it ophold mei teäterfoarstellingen. Op 2 maart 2016 spilen se harren lêste foarstelling yn De Kleine Komedie yn Amsterdam.
Programma's 2001 - 2002 Teer 2003 - 2005 Scènes voor de Mensen 2005 - 2007 Omwille van de Smeer 2007 - 2009 Kip met de Gouden Enkels 2009 - 2011 Een frisse wind 2012 - 2013: Dat wordt Oorlog 2013 - 2014: Toppers in de Mist 2014 - 2016: Kissy Kissy
Keppelings om utens Webstee fan Droog Brood Webstee fan Peter van de Witte
Kategory:Nederlânsk kabaretier