Glenevis (útspr.: [ɡlɛn'ɛvəs]) is in útbuorren yn it sintrale diel fan 'e Kanadeeske provinsje Alberta, dy't 25 ynwenners telt. It leit yn Lac Ste. Anne County, oan Highway 43, likernôch 71 km noardwestlik fan 'e stêd Edmonton. Yn Glenevis is it haadkertier fêstige fan 'e Alexis Nakota Sû Naasje (Alexis Nakota Sioux Nation), in Noardlike Stony-stamme.
Klimaat Glenevis hat in lânklimaat, mei mylde simmers en tige strange winters. Yn july, de waarmste moanne, is de trochsneed temperatuer oerdeis 22,1 °C, en yn jannewaris, de kâldste moanne, is dat –7,1 °C. Der falt jiers trochinoar 585,6 mm delslach; yn 'e winter komt dat yn 'e regel del yn 'e foarm fan snie.
Kategory:Plak yn Alberta Kategory:Plak stifte yn de 19e iuw