Nowy Targ is in wichtige stêd yn 'e histoaryske regio Podhale yn it suden fan Poalen. Troch de stêd rinne de rivieren de Czarny Dunajec en de Bialy Dunajec.
Skiednis Nowy Targ ("Nije Merk") waard yn 1336 offisjeel stifte troch kening Kazimir de Grutte ûnder it Magdeburchske rjocht. It plak ûntstie op 'e lokaasje fan 'e âldere delsetting Stare Cło. In soad plaknammen yn 'e omjouwing út dy tiid tsjutte op 'e ynfloed fan Dútske kolonisten (mooglik út Sileezje), dy't in grut oandiel hiene yn 'e iere befolking fan 'e stêd.
Yn 1601 ferneatige in grutte brân de stêd en de tsjerke. Yn 'e Sweedsk-Poalske Oarloch yn 1656 rjochten de Sweden grutte skea oan. Yn 'e 18e iuw waard de stêd ferskate kearen troffen troch de pest en op 'e nij troch grutte stedsbrannen (yn 1710 en 1784). De moderne ûntwikkeling sette yn 'e 19e iuw útein, mei ûnder oare de earste apotheek (1823) en in frijwillige brânwar (1880). thumb|left|It plak yn 1914-1918. Foar de Twadde Wrâldkriich wennen der likernôch 6.000 minsken yn Nowy Targ, wêrfan 1.300 Joaden. Yn maaie 1941 rjochten de nazy's in getto yn, dêr't op it hichtepunt tusken de 3.000 en 4.000 minsken opinoar pakt sieten. Yn augustus 1942 waarden hja deportearre nei it ferneatigingskamp Bełżec. Op 29 jannewaris 1945 waard de stêd befrijd troch it Reade Leger.
Hjoed-de-dei is Nowy Targ it hannelssintrum fan 'e Podhale-regio. In wichtich histoarysk momint wie in besite fan 'e Poalske paus Jehannes Paulus II op 8 juny 1979, wat foar de lokale befolking in grutte symboalyske betsjutting hie.
Kultuer en rekreaasje Museum Muzeum Podhalańskie PTTK
Bioskoop Tatry Cinema (Kino Tatry) Kabina Cinema (Kino Kabina)
Underwiis Podhalańska Państwowa Wyższa Szkoła Zawodowa
Sport Podhale Nowy Targ Szarotka Nowy Targ Gorale Nowy Targ
Keppeling om utens Webstee fan Nowy Targ
Kategory:Plak yn Poalen Kategory:Plak stifte yn de 13e iuw Kategory:Plak yn it woiwodskip Lyts-Poalen