thumb|240px|Petrus Jacobus Joubert Petrus Jacobus (Piet) Joubert (Cango, 20 jannewaris 1834 – Pretoria, 28 maart 1900) wie oerbefelhawwer fan it leger fan de Súdafrikaanske Republyk fan 1880 oant 1900. As politikus tsjinne er as fisepresidint fan de republyk ûnder syn rivaal Paul Kruger.

Persoanlik libben Joubert waard berne yn Cango, yn it distrikt Oudtshoorn yn kaapkoloanje. Hy wie in ôfstammeling fan de Frânske Hugenoaten dy’t nei Súd-Afrika flecht wiene nei it ynlûken fan it Edikt fan Nantes troch Loadewyk XIV. Jouberts âlden ferstoaren al op jonge leeftyd. Hy gie mei jonge jierren nei Transfaal dêr't er in suksesfol boerespul opsette en mei in stúdzje rjochten útein sette.

Polityk Yn de jierren ’60 waard er keazen as lid fan de folksrie Súd-Afrika om Wakkerstroom te fertsjintwurdigjen. Doedestiids wie Marthinus Wessel Pretorius dwaande my syn twadde termyn as presidint. Yn 1870 waard Joubert opnij ferkeazen en omdat er in soad kennis hie fan rjochten waard er beneamd ta steatsprokureur fan de republyk. Yn 1875 mocht her presidint Thomas Francois Burgers ferfange wylst dy yn Europa wie.

Earste Britske anneksaasje fan de Transfaal Yn de tiid fan de Britske anneksaasje fan de Transfaal hat Joubert de reputaasje krigen as in man dy’t net om lyk woe. Yn tsjinstelling ta Paul kruger wegere er in regearpost op te pakken. Ynstee fan dy lukrative baantsjes sette hy oan ta ferset tsjin de Britske ûnderdrukkers. Dat late ta de kriich fan 1880-1881 dy’t it begjin wie fan de nije ûnôfhinklikheid fan de transfaal. Foar de doer dan dizze Earste Boerekriich kommandearre hy de boeretroepen by Laingsnek, Ingogo en Majuba. Ek die hy mei oan de earste ûnderhannelingen tusken de Boer en de Brit. Hy waard opperbefelhawwer en bestjoer de provisoaryske regearing festige yn Heidelberg.

Lettere politike karriêre Yn 1883 stelde hy him kandidaat om presidint te wurden fan de Transfaal, mar hy krige 1171 stimmen tsjin de 3431 stimmen foar Kruger. De rest fan syn politike karriêre tsjinne hy Kruger. Yn 1893 besocht hy it opnij; dy kear as fertsjintwurdiger fan it relatyf progressive part fan de Boeren. Dizze groep woe mear rjochten foar de útlanners, dy’t de mearderheid foarmen yn Johannesburg en de Witwatersrand. Dizze ferkiezingen waarden mar krekt wûn troch Kruger. Der wurdt sein dat Kruger de útslach manipulearre hat. Nei in formeel protest akseptearre Joubert Krugers presidintskip. Hy besocht it opnij yn 1898 mar ferlear dizze kear flink. Troch de Jameson Raid wie syn posysje min, hy waard beskuldige fan ferret en sympaty foar de útlanners.

Twadde Boerekriich Yn de oanrin nei de Twadde Boerekriich kocht Joubert grutte foarrieden gewearen en munysje. Hy hie in lyts oandiel yn de ûnderhannelingen dy’t resultearren yn it ultimatum dat yn 1899 troch Kruger nei Grut Britanje stjoerd waard.

Nei it útbrekken fan de kriich waard hy opperbefelhawwer, mar hy joech dit al gau op. Ûnfermogen en apaty soargjen dêrfoar. Syn foarsichtige natuer late der ta dat syn kriichshannelingen mei nammen definsyf wienen. Hy waard ek wol slim Piet neamd. De offinsive bewegingen fan de boeretroepen waarden betocht troch jongere befelhawwers.

Dea Joubert ferstoar oan búkfluesûntstekking yn Pretoria. Hy waard beïerdige by syn buorkerij yn Rustfontein. Kruger hat wat sein op syn begraffenis. Syn militêre tsjinstanner Frederich Sleigh Roberts hat syn respekt sjen litten troch in kondoleânsje-telegram te stjoeren.

De stêd Pietersburg (no Polokwane) yn it noarden fan Súd-Afrika waard nei him ferneamd.

Kategory:Súdafrikaansk politikus Kategory:Parlemintslid fan de Súdafrikaanske Republyk Kategory:Presidint fan de Súdafrikaanske Republyk Kategory:Generaal fan de Súdafrikaanske Republyk Kategory:Afrikaner militêr yn de Twadde Boere-oarloch Kategory:Afrikaner persoan Kategory:Súdafrikaansk persoan fan Hugenoatsk komôf Kategory:Voortrekkers Kategory:Persoan berne yn 1834 Kategory:Persoan stoarn yn 1900