De Neder-Brulee Sû Stamme (Ingelsk: Lower Brule Sioux Tribe; Lakota: Kul Wičasa Oyáte, útspr.: [kul wi'ʧasa o'ja:te]) is in federaal erkende Yndiaanske stamme-organisaasje yn 'e Feriene Steaten, mei in eigen reservaat yn 'e steat Súd-Dakota.
Algemien De organisaasje, dy't oprjochte waard yn 1868, hat 3.400 leden, en it haadkertier is fêstige yn Lower Brule, yn Súd-Dakota. De leden besteane út etnyske Sû (Sioux) fan ien inkele substamme fan 'e Lakota, nammentlik de Brulee. De Neder-Brulee Sû Stamme foarmet mei tsien oare Sû-organisaasjes de Feriene Sû Stammen.
Reservaat It reservaat fan 'e Neder-Brulee Sû Stamme is it Neder-Brulee Yndianereservaat (Lower Brule Indian Reservation) fan sintraal Súd-Dakota, dat in oerflak hat fan likernôch 537 km², en dêr't yn 2004 1.300 minsken wennen. Oarspronklik makke it Neder-Brulee Reservaat diel út fan it Grutte Sû-reservaat dat yn 1868 stifte waard, mar nei de nederlaach fan 'e Sû yn 'e Flakte-Yndiaanske Oarloggen fan 'e 1860-er en 1870-er jierren waard de helte dêrfan troch de Amerikanen ôfnommen, wylst de rest yn 1889 opdield waard yn fiif lytsere reservaten, wêrfan't Neder-Brulee ien wie.
Keppelings om utens Offisjele webside fan 'e Neder-Brulee Sû Stamme
Kategory:Lakota-stamme Kategory:Amerikaanske Yndianestamme mei federale erkenning Kategory:Yndiaanske stamme-organisaasje yn Súd-Dakota Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1868