De Dakota (Ingelsk: Dakota; útspr.: [də'kou:tə]) binne in lânseigen Yndiaansk folk fan 'e Grutte Flakten en de eastlik dêrfan leine boskgebieten fan Noard-Amearika. Mei de Lakota foarmje hja ien fan 'e beide folksdielen fan 'e Sû (Sioux). De Dakota wurde yn 'e regel ûnderferdield yn 'e Eastlike Dakota (of Santy) en de Westlike Dakota (of Jankton-Janktonai). Foarhinne spriek men gauris fan 'e Lakota, de Dakota (d.w.s. de Eastlike Dakota) en de Nakota, wêrby't dy lêste beneaming dan op 'e Westlike Dakota sloech, mar resint taalûndersyk hat útwiisd dat de Eastlike en Westlike Dakota eins nau besibbe binne, sadat de namme "Nakota" no inkeld noch mar brûkt wurdt foar twa besibbe folken (de Assiniboin en de Stony), dy't net ta de Sû rekkene wurde. De Dakota kinne noch fierder opspjalten wurde yn seis fan 'e sân tradisjonele Sû-stammen. De Dakota libje tsjintwurdich benammentlik yn 'e Amerikaanske steaten Noard- en Súd-Dakota, Montana, Nebraska en Minnesota, wylst der fierders lytse groepen yn it suden fan 'e Kanadeeske provinsjes Manitoba en Saskatchewan wenje. Yn totaal binne der hjoed de dei likernôch 70.000 Dakota.

Etymology De eigen namme "Dakota" (Westlik Dakota: Dakȟóta, útspr.: [da'kˣo:ta]; Eastlik Dakota: Dakhóta, útspr.: [da'kʰo:ta]) betsjut yn 'e Dakota-taal safolle as "freon", of eins mear spesifyk "bûnsmaat". Oare eigen oantsjuttings binne bygelyks Ikče Wičasas ("Frij Folk") en Dakȟóta Oyáte ("de Dakota Naasje").

Demografy Mei de term "Dakota" wurdt it eastlike folksdiel fan 'e Sû (Sioux) oantsjutten. Histoarysk sjoen bestiene de Sû út sân ûnderskate stammen, te witten: de Mdewakanton, Wahpeton, Wahpekûte, Sisseton, Jankton, Janktonai en Titon. De earste seis fan dy stammen foarmje mei-inoar de Dakota, wylst de Titon lykslein wurde kinne mei de Lakota, it westlike folksdiel fan 'e Sû (mei't "Titon" in etnografyske oantsjutting is, en "Lakota" yn it foarste plak in taalkundigen).

Tsjintwurdich is de taalkundige yndieling fan 'e Sû yn trije groepen lykwols folle bekender. Oarspronklik spriek men dêrby fan 'e Dakota, de Nakota en de Lakota, dêrby de eigen nammen brûkend dy't de Sû foar harrensels hawwe soene, en dy't yn alle trije taalfoarmen itselde betsjutte soene (nammentlik: "bûnsmaat"). Resint taalûndersyk hat lykwols útwiisd dat wat foarhinne it Dakota en it Nakota neamd waarden, eins frij nau besibbe dialekten fan ien en deselde taal binne, en dat de "Nakota" harren eigen namme foar harsels krekt as de Dakota útsprekke mei in "d" as begjinklank. Sadwaande sprekt men tsjinwurdich oer de Eastlike Dakota (dy't earder as Dakota oantsjut waarden) en de Westlike Dakota (de eardere Nakota). De term "Nakota" is no reservearre foar de folle minder nau besibbe Assiniboin (Assiniboine) en Stony (Stoney).

Ta de Eastlike Dakota, dy't ek wol Santy (Santee) neamd wurde, hearre de stammen fan 'e Mdewakanton, Wahpeton, Wahpekûte en Sisseton. Ta de Westlike Dakota, of de Jankton-Janktonai (Yankton-Yanktonai), hearre de stammen fan 'e Jankton en de Janktonai, wêrfan't de lêste noch fierder opdield wurde kin yn 'e Neder-Janktonai en de Opper-Janktonai. Mei't dit grif wakker betiizjend is, hjirûnder nochris in oersichtlike opbou fan 'e Dakota as folk, mei útlis wat de nammen yn 'e eigen taal fan 'e Dakota betsjutte. Dakota (Ingelsk: Dakota; Eastlik Dakota: Dakhóta; Westlik Dakota: Dakȟóta; "Bûnsmaten") Eastlike Dakota of Santy (Ingelsk: Eastern Dakota of Santee; Dakota: Isáŋyathi; "Messemakkers") Mdewakanton (Ingelsk: Mdewakanton; Dakota: Bdewékhaŋthuŋwaŋ; "Doarp oan 'e Geastemar") Sisseton (Ingelsk: Sisseton; Dakota: Sisíthuŋwaŋ; mooglik betsjuttend: "Doarp Dêr't It Goed Fiskjen Is") Wahpekûte (Ingelsk: Wahpekute; Dakota: Waȟpékhute; "Bôgesjitters mank de Beammen") Wahpeton (Ingelsk: Wahpeton; Dakota: Waȟpéthuŋwaŋ; "Blêdedoarp") Westlike Dakota of Jankton-Janktonai (Ingelsk: Western Dakota of Yankton-Yanktonai; Dakota: Wičhíyena) Jankton (Ingelsk: Yankton; Dakota: Iháŋktȟuŋwaŋ; "Doarp oan 'e Ein") Janktonai (Ingelsk: Yanktonai; Dakota: Iháŋktȟuŋwaŋna; "Doarpke oan 'e Ein") Neder-Janktonai (Ingelsk: Lower Yanktonai; Dakota: Uŋkpátina) Opper-Janktonai (Ingelsk: Upper Yanktonai; Dakota: Pabáksa)

Hjoed oan 'e dei libje de Dakota benammentlik yn 'e Amerikaanske steaten Noard- en Súd-Dakota, mei oansjenlike groepen yn 'e steaten Montana en Nebraska, en lytsere tropkes yn 'e steat Minnesota en de Kanadeeske provinsjes Manitoba en Saskatchewan. Harren persize oantal wurdt nearne jûn, mar is net dreech om fêst te stellen. Hoewol't in protte boarnen klakkeleas it oantal fan 20.000 oernimme, dat op 'e taalkundewebside Ethnologue neamd wurdt, is it ledetal fan alle stamme-organisaasjes fan 'e Dakota gewoan bekend, en troch dy sifers op te tellen, komt men al op 66.600 minsken. Dan moat men der noch rekken mei hâlde dat fan 'e 170.000 Sû mar 163.000 by sokke stammen oansletten binne. As men sjocht dat de Sû-stammeleden foar twatrêde diel Lakota en ientrêde diel Dakota binne, soe men dy twadieling hanthavenje kinne foar de net-stammeleden en noch rûchwei 3.000 by dy 66.600 optelle kinne, om út te kommen op in totaal oantal Dakota dat om 'e 70.000 hinne lizze moat. Dêrfan libje 64.000 yn 'e Feriene Steaten en 6.400 yn Kanada. De opdieling fan dy 70.000 Dakota yn Westlike en Eastlike Dakota is dreger te meitsjen, om't in protte Dakota-stammen datoangeande fan mingd erfskip binne en dus út beide groepen besteane. Likegoed soe men in rûge skatting meitsje kinne dat der likernôch 41.000 Westlike Dakota wêze moatte (likernôch 1.800 Kanadeeske Janktonai ynbegrepen), en sa'n 29.000 Eastlike Dakota (ynkl. rom 4.600 yn Kanada). Ungefear de helte fan alle Dakota wennet noch altyd yn 'e Yndianereservaten dy't harren oan 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw tawiisd binne.

Yn 'e Feriene Steaten binne der 10 federaal erkende Dakota-stammen en dêropta noch 2 federaal erkende stammen fan mingde etnisiteit (Dakota-Lakota en Dakota-Lakota-Assiniboin). Al dy 12 stammen hawwe in eigen reservaat. Fierders is der noch ien stamme dy't net erkend wurdt, mar wol nei erkenning stribbet. Fan 'e yn totaal alve Dakota-stammen besteane twa útslutend út Westlike Dakota, en 8 binne eksklusyf opmakke út Eastlike Dakota. Dêropta bestiet de Mille Lacs Troep fan Odjibwe (Mille Lacs Band of Ojibwe), út Minnesota, foar in oansjenlik diel út lju fan Dakota-komôf, al identifisearje dy har tsjintwurdich as Odjibwe. Yn Kanada binne der 7 "earste naasjes" (sa't stammen dêr neamd wurde), dy't folslein fan Eastlike Dakota-etnisiteit binne, 1 dy't út sawol Eastlik as Westlike Dakota bestiet, en teminsten noch ien oaren dy't foar in part út Eastlike Dakota bestiet. Ek dizze stammen hawwe wer allegear harren eigen reservaten. Yn grutte rinne de Dakota-stammen útinoar fan 'e Sisseton en Wahpeton Sû Stamme, yn Súd- en Noard-Dakota, mei 12.000 leden, oant de net erkende Mendota Mdewakanton Sû Mienskip út Minnesota, mei mar 250 leden. (Sjoch foar in opsomming ûnder it kopke "Stamme-organisaasjes", leger op dizze side.)

Alve Sû-stammen yn Noard- en Súd-Dakota en Nebraska (mei in mienskiplik ledetal fan likernôch 144.000 minsken) foarmje mei-inoar de Feriene Sû Stammen, in koepelorganisaasje dy't lykwols troch de Amerikaanske oerheid net erkend wurdt. Under dy alve stammen binne seis Dakota-stammen en ien mingde Dakota-Lakota-stamme (de oare fjouwer besteane útslutend út Lakota). Om lid te wurden fan ien fan 'e federaal erkende Sû-stammen yn 'e Feriene Steaten moat men oantoane kinne dat men teminsten foar in fearn fan Sû-komôf is (ien fan jins pakes en beppes moat dus in folbloed-Sû west hawwe).

Skiednis Prehistoarje It is oannimlik dat de Dakota yn in fier, prehistoarysk ferline yn it súdeasten fan 'e Feriene Steaten taholden, mooglik yn wat no Súd-Karolina is, yn it streamgebiet fan 'e rivier de Santee. De Eastlike Dakota wurde ek wol Santy, of yn it Ingelsk Santee, neamd, en de rivier soe nei harren neamd wêze, al bestie der ek in oare, mar yn 'e fierte oan 'e Dakota besibbe etnyske groep, de Santy, wêrfan't de ôfstammelingen noch altyd yn Súd-Karolina libje. Hoe dan ek, de Dakota ferfearen earst nei Ohio en letter nei Wiskonsin en Minnesota, dêr't se harren nei wenjen setten yn 'e krite dêr't de rivier de Mississippy ûntspringt. Harren wengebiet dêre bestie fierhinne út bosklân, en hja libben der yn fêste delsettings fan 'e jacht, de fiskerij en de lânbou.

Iere kontakten en de pelshannel It earste kontakt fan 'e Dakota mei Jeropeänen fûn plak yn 'e rin fan 'e santjinde iuw, doe't de Dakota noch yn Minnesota, Wiskonsin en noardlik Iowa omhúsmannen. Ferskate Frânske en Frânsk-Kanadeeske ûntdekkingsreizgers, pelskeaplju en misjonarissen besochten harren dêre, en leine kontakten dy't der meitiid foar soargen dat de Dakota yn 'e Frânske ynfloedssfear telâne kamen en sadwaande fijannen fan 'e Britten waarden. Der wie nammentlik grou jild te fertsjinjen mei de pelshannel, en om dêr optimaal fan te profitearjen, rjochten de Britten yn 1670 de Hudsonbaaikompanjy op, dy't in ferbûn oangie mei de Assiniboin (Assiniboine), de Flakte-Kry (Plains Cree) en de Flakte-Odjibwe (Plains Ojibwe). Mei't dy trije stammen erffijannen fan 'e Sû wiene, waarden de Dakota dêrtroch fierder yn 'e earmen fan Frânsen dreaun, mei wa't se oan 'e ein fan 'e santjinde iuw in formeel bûnsgenoatskip oangiene. Nettsjinsteande dat har tydlingswei gewelddiedige ûnderlinge ynsidinten tusken de Frânsen en Dakota foardiene, bleaune sy inoars bûnsgenoaten tsjin 'e Britten, sels noch nei't de Frânsen yn 1763 al harren koloniale besittings op it fêstelân fan Noard-Amearika opjaan moasten.

Op 'e flakten It westoan opkringen fan 'e Odjibwe út it gebiet fan 'e Grutte Marren wei twong de Eastlike Dakota yn dyselde snuorje út Wiskonsin wei en djipper súdlik Minnesota yn. De Westlike Dakota libben doedestiden yn noardlik Minnesota, dêr't se om 1765 hinne yn 'e krite fan 'e Mille Lacs-mar ferslein waarden troch de mei gewearen tariste Odjibwe en oer de rivieren nei de Grutte Flakten dreaun waarden. Inkeld de Eastlike Dakota bleaune foar in grut part yn Minnesota efter.

Op 'e flakten namen de Westlike Dakota en in diel fan 'e Eastlike Dakota de hynstekultuer oer dy't de Sjajinnen om 1720 hinne by harren Lakota-sibben yntrodusearre hiene. Sa fêstigen se in nomadyske libbenswize yn wat no Noard- en Súd-Dakota, Montana, Nebraska en Wyoming is. Harren kultuer stipe fierhinne op twa bisten, de mustang, dy't harren faasje ferskafte, en de Amerikaanske bizon, dêr't se op jagen. By 't simmer holden de Dakota en Lakota op 'e flakten in grutte folksgearkomste, wêrby't fertsjintwurdigers fan 'e Očhéthi Šakówiŋ, de "Sân Riedsfjurren" (d.w.s. de sân tradisjonele stammen), mei-inoar yn berie giene oer nasjonale oangelegenheden, wylst sljochtwei folk famylje- en freonskipsbannen oanhelle en krigers dielnamen oan it inisjaasjeritueel fan 'e sinnedûns. Om sit te nimmen yn 'e grutte rie fan 'e Sân Riedsfjurren keas elk fan 'e sân tradisjonele stammen fjouwer foaroanmannen út dy't dan mei syn achtentweintigen it folksregear fan 'e Sû foarmen. Om útkard te wurden as ien fan 'e fjouwer fertsjintwurdigers fan in stamme wie de heechste eare dy't in Sû-opperhaad ta diel falle koe. De lêste gearkomste fan 'e Sân Riedsfjurren wie yn 1850.

De Dakota-Oarloch fan 1862