De Sû (Ingelsk: Sioux; útspr.: ['su:]) binne in lânseigen Yndiaansk folk fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika. De term is fan tapassing op 'e hiele etnyske groep fan 'e saneamde Grutte Sû Naasje, mar likegoed op elts fan 'e etnyske subgroepen dêrfan en op 'e ûnderskate talen en dialekten dy't troch de leden dêrfan sprutsen wurde. De Sû as folk falle útinoar yn trije grutte etnyske en linguïstyske kloften, nammentlik de Lakota en de Eastlike en Westlike Dakota. Foarhinne spriek men gauris fan 'e Lakota, de Dakota (d.w.s. de Eastlike Dakota) en de Nakota, wêrby't dy lêste beneaming dan op 'e Westlike Dakota sloech, mar resint taalûndersyk hat útwiisd dat de Eastlike en Westlike Dakota eins nau besibbe binne, sadat de namme "Nakota" no inkeld noch mar brûkt wurdt foar twa besibbe folken (de Assiniboin en de Stony), dy't net ta de Sû rekkene wurde. De Sû kinne fierders neffens tradisjonele etnyske en dialektyske breklinen opdield wurde yn sân grutte stammen, wêrby't benammen de Titon (Lakota) dan noch wer fierder opspjalten wurde kinne yn wichtige substammen.

De Sû libje hjoed oan 'e dei benammentlik yn 'e Amerikaanske steaten Noard- en Súd-Dakota, Montana, Nebraska en Minnesota, wylst der fierders lytse groepen yn it suden fan 'e Kanadeeske provinsjes Manitoba en Saskatchewan tahâlde. De helte fan harren wennet yn Yndianereservaten. Hja binne ien fan 'e bekendste Yndiaanske folken fan Noard-Amearika, om't se yn njoggentjinde iuw in grut part fan 'e noardlike Grutte Flakten behearsken, wat harren allegeduerigen yn konflikt brocht mei blanke kolonisten en it Amerikaanske leger. De rop fan guon foarfallen, lykas de Slach oan de Little Bighorn, en de reputaasje fan party Sû-lieders, lykas Sittende Bolle en Mâl Hynder, hawwe meitiid wol hast legindaryske foarmen oannommen. Sels no noch, al hoe ûnder fuotten brocht oft harren kultuer en identiteit ek wêze mei, binne se mei likernôch 170.000 minsken op 'e Flakten noch altiten fierwei it grutste Yndiaanske folk.

Etymology De namme "Sû" komt fan it op deselde manear útsprutsen Ingelske Sioux, wat in ôfkoarte foarm is fan it Kanadeesk-Frânske Nadouessioux, in ferbastering fan Nadoüessioüak, dat wer ôflaat is fan Naadowesiwag, in beneaming foar de Sû út 'e taal fan 'e Ottawa-Yndianen. It gebrûk fan dy beneaming ûnder de Ottawa waard al 1640 fêstlein troch de Frânske pelskeapman Jean Nicolet. Mei't der ferskate foarmen fan dit wurd yn 'e Algonkwynske talen (dêr't ek it Ottawa ta heart) foarkomme, wêrfan't ferskaten ferwize nei in lyts soarte fan rattelslange (de massassauga), is dizze beneaming foar de Sû yn it ferline wol ynterpretearre wurden as in mislediging. Nij taalûndersyk hat lykwols oan it ljocht brocht dat it wurd nei alle gedachten weromgiet op it Proto-Algonkwynske *na•towe•wa, en dat it safolle betsjut as "Noardlike Irokezen", wat útkomme kin, want der binne yndie teoryen dat de Sûaanske talen yn 'e fierte besibbe wêze soene oan 'e Irokeeske talen. It wichtichste diel fan 'e namme is *-a•towe•, dat "in frjemde taal sprekke" betsjut (datoangeande komt dizze namme dus oerien mei de etymology fan it fan oarsprong Grykske wurd "barbaar", dat krektlyk betsjut "dyjingen dy't in frjemde taal sprekke").

Demografy It wurd "Sû" is as in etnografyske term mar frijwat betiizjend, mei't der it in grut ferskaat oan folken en etnyske groepen ûnder beflapt wurde kin. Yn 'e alderbreedste sin stiet "Sû" foar de Sûaanske folken, in grut tal stammen yn 'e midden, it noarden en it súdeasten fan 'e Feriene Steaten (en in lyts, middensúdlik diel fan Kanada) dy't de Sûaanske talen sprekke (of sprieken, mei't ferskaten dêrfan no útstoarn binne). Ta de Sûaanske folken hearre net inkeld dy groepen dy't ornaris mei de namme "Sû" oantsjut wurde, mar ek stammen as de Krieën (Crow), Mandan, Hidatsa, Iowa, Oto (Otoe), Katôba (Catawba), Omaha, Ponka (Ponca), Osadzje (Osage), Kwapou (Quapaw) en Winnebago.

Yn it twadde plak wurdt de namme "Sû" wol brûkt foar de folken dy't in groepke folle nauwer besibbe talen sprekke, de saneamde Dakotaanske talen. Dat binne de Sû sels en fierders de Assiniboin (Assiniboine) en de Stony (Stoney). De Assiniboin (of Nakota) makken oarspronklik ûnderdiel út fan it Westlike Dakota-part fan 'e Sû, mar spjalten har dêr om 1640 hinne fan ôf. Se teagen noardoan, dêr't se ûnder ynfloed fan 'e pelshannel fan 'e Britske Hudsonbaaikompanjy bûnsgenoaten waarden fan 'e Flakte-Kry (Plains Cree) en de Flakte-Odjibwe (Plains Ojibwe) as ûnderdiel fan wat bekend kaam te stean as de Izeren Konfederaasje. Dêrmei waarden se duchtige fijannen fan 'e Sû en dy harren bûnsgenoaten, de Sjajinnen (Cheyenne) en de Arapaho; dêrfandinne dat de Sû de Assiniboin de namme fan Hohe joegen, wat fan "Opstannelingen" betsjut. De Stony (of Nakoda) foarmen it noardlikste folksdiel fan 'e Assiniboin oant se har dêr om 1744 hinne los fan makken.

Yn 'e regel wurdt mei de namme "Sû" lykwols de etnyske kloft oantsjut dy't feriene is yn 'e saneamde Grutte Sû Naasje, in ynformele term dêr't alle groepen ûnder beflapt wurde dy't de talen en dialekten fan it Sû sprekke (en dy't dus oerienkomt mei de Sû as folk sa't de namme yn it gewoane spraakgebrûk yn 'e regel brûkt wurdt. Histoarysk sjoen bestiene de Sû út sân ûnderskate stammen, en dat komt yn 'e eigen namme fan 'e Sû foar de Grutte Sû Naasje werom, want dat is Očhéthi Šakówiŋ (útspr.: [o'tʃʰe:tʰi ʃa'ko:wĩ]), wat "Sân Riedsfjurren" betsjut. Dêrby stie elts fjoer symboal foar in oyáte ("folk" of "naasje"). De sân stammen wiene de Mdewakanton, Wahpeton, Wahpekûte, Sisseton, Jankton, Janktonai en Titon.

Tsjintwurdich is de taalkundige yndieling yn trije groepen lykwols folle bekender. Oarspronklik spriek men dêrby fan 'e Dakota, de Nakota en de Lakota, de eigen nammen dy't de Sû foar harrensels hawwe soene, dy't yn alle trije taalfoarmen it wurd binne dat etymologysk sjoen fan oarsprong "freon" (of om persiis te wêzen, "bûnsmaat") betsjutte. Resint taalûndersyk hat lykwols útwiisd dat wat foarhinne it Dakota en it Nakota neamd waard, eins frij nau besibbe dialekten fan ien en deselde taal binne, en dat de "Nakota" harren eigen namme foar harsels krekt as de Dakota útsprekke as Dakȟóta. Sadwaande sprekt men tsjintwurdich oer de Eastlike Dakota (dy't earder as Dakota oantsjut waarden) en Westlike Dakota (de eardere Nakota). De term "Nakota" is no reservearre foar de folle minder nau besibbe Assiniboin en Stony. Ta de Eastlike Dakota, dy't ek wol Santy (Ingelsk: Santee) neamd wurde, hearre de stammen fan 'e Mdewakanton, Wahpeton, Wahpekûte en Sisseton. Ta de Westlike Dakota, of de Jankton-Janktonai (Yankton-Yanktonai), hearre de stammen fan 'e Jankton en de Janktonai, wêrfan't de lêste noch fierder opdield wurde kin yn 'e Neder-Janktonai en de Opper-Janktonai. De Lakota, ta ein beslút, falle gear mei de stamme fan 'e Titon (mei't Lakota in linguïstyske en Titon in etnografyske oantsjutting is), en kinne opdield wurde yn sân substammen: de Brulee, Hûnkpapa, Minnikonzjû, Oglala, Sâns Arks, Swartfuotten (dy't net betize wurde moatte mei it bekendere Algonkwynske folk fan 'e Swartfuotten) en Twatsjettels.

Mei't dit grif allegear wakker betiizjend is hjirûnder nochris in oersichtlike opbou fan 'e Sû as folk, mei útlis wat de nammen yn 'e eigen taal fan 'e Sû betsjutte. Dakota (Ingelsk: Dakota; Eastlik Dakota: Dakhóta; Westlik Dakota: Dakȟóta; "Bûnsmaten") Eastlike Dakota of Santy (Ingelsk: Eastern Dakota of Santee; Dakota: Isáŋyathi; "Messemakkers") Mdewakanton (Ingelsk: Mdewakanton; Dakota: Bdewékhaŋthuŋwaŋ; "Doarp oan 'e Geastemar") Sisseton (Ingelsk: Sisseton; Dakota: Sisíthuŋwaŋ; mooglik betsjuttend: "Doarp Dêr't It Goed Fiskjen Is") Wahpekûte (Ingelsk: Wahpekute; Dakota: Waȟpékhute; "Bôgesjitters mank de Beammen") Wahpeton (Ingelsk: Wahpeton; Dakota: Waȟpéthuŋwaŋ; "Blêdedoarp") Westlike Dakota of Jankton-Janktonai (Ingelsk: Western Dakota of Yankton-Yanktonai; Dakota: Wičhíyena) Jankton (Ingelsk: Yankton; Dakota: Iháŋktȟuŋwaŋ; "Doarp oan 'e Ein") Janktonai (Ingelsk: Yanktonai; Dakota: Iháŋktȟuŋwaŋna; "Doarpke oan 'e Ein") Neder-Janktonai (Ingelsk: Lower Yanktonai; Dakota: Uŋkpátina) Opper-Janktonai (Ingelsk: Upper Yanktonai; Dakota: Pabáksa) Lakota (Ingelsk: Lakota; Lakota: Lakȟóta; "Bûnsmaten") Titon (Ingelsk: Teton; Lakota: Thítȟuŋwaŋ; mooglik betsjuttend: "Dy't op 'e Prêrje Tahâlde") Brulee (Ingelsk: Brule; Lakota: Sičháŋǧu; "Dy't Ferbaarnde Billen Hawwe" – "billen" yn 'e sin fan "boppeskonken") Hûnkpapa (Ingelsk: Hunkpapa; Lakota: Húŋkpapȟa; "Dy't Har Kamp by de Doar Meitsje" – d.w.s. "Swalkers") Minnikonzjû (Ingelsk: Minniconjou; Lakota: Mnikȟówožu; "Dy't oan it Wetter Plantsje") Oglala (Ingelsk: Oglala; Lakota: Oglála; mooglik betsjuttend: "Dy't Harsels Fersilje") Sâns Arks (Ingelsk: Sans Arcs; Lakota: Itázipčho; "Dy't Gjin Bôgen Hawwe") Swartfuotten (Ingelsk: Blackfoot; Lakota: Sihásapa; "Dy't Swarte Fuotten Hawwe" – net te betiizjen mei it Algonkwynske folk fan 'e Swartfuotten) Twatsjettels (Ingelsk: Two Kettles; Lakota: O’óhenuŋpa; "Dy't Twaris Siede")

Hjoed oan 'e dei libje de Sû benammentlik yn 'e Amerikaanske steaten Noard- en Súd-Dakota, mei oansjenlike groepen yn 'e steaten Montana en Nebraska, en lytsere tropkes yn 'e steat Minnesota en de Kanadeeske provinsjes Manitoba en Saskatchewan. Der wurdt rûsd dat der op 't heden likernôch 170.000 Sû binne, wêrfan goed 163.000 yn 'e Feriene Steaten en sa'n 6.700 yn Kanada. Likernôch de helte dêrfan wennet noch altyd yn 'e Yndianereservaten dy't harren oan 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw tawiisd binne. Yn 'e Feriene Steaten binne der 16 federaal erkende Sû-stammen en dêropta ien federaal erkende stamme fan mingde etnisiteit (Sû-Assiniboin), dy't alle santjin in eigen reservaat hawwe. Yn Kanada binne der 9 "earste naasjes" (sa't stammen dêr neamd wurde), dy't folslein fan Sû-etnisiteit binne, en teminsten ien oaren dy't foar in part Sû is, ek wer allegear mei harren eigen reservaten. De stammen rinne útinoar fan 'e Oglala Sû Stamme fan it Pine Ridge Reservaat fan Súd-Dakota, mei 47.000 leden, oant de Wood Mountain Earste Naasje út súdlik Saskatchewan, mei mar 210 leden. (Sjoch foar in opsomming ûnder it kopke "Stamme-organisaasjes", leger op dizze side.) De alve Sû-stammen yn Noard- en Súd-Dakota en Nebraska (mei in mienskiplik ledetal fan likernôch 144.000) foarmje mei-inoar de Feriene Sû Stammen, in koepelorganisaasje dy't lykwols troch de Amerikaanske oerheid net erkend wurdt. Net alle etnyske Sû binne lid fan in stamme, en om lid te wurden fan ien fan 'e federaal erkende Sû-stammen yn 'e Feriene Steaten moat men oantoane kinne dat men teminsten foar in fearn fan Sû-komôf is (ien fan jins pakes en beppes moat dus in folbloed-Sû west hawwe).

Skiednis Iere kontakten en de pelshannel It earste kontakt fan 'e Sû mei Jeropeänen fûn plak yn 'e rin fan 'e santjinde iuw, doe't de Sû yn 'e neite fan 'e boarnen fan 'e rivier de Mississippy taholden, yn in krite dy't no diel útmakket fan 'e Amerikaanske steaten Minnesota, Iowa en Wiskonsin. De Frânske ûntdekkingsreizgers Pierre-Esprit Radisson en Médard des Groseilliers besochten harren dêre yn 'e winter fan 1659 op 1660. Frânske en Frânsk-Kanadeeske pelskeaplju en misjonarissen, lykas Claude-Jean Allouez en Daniel Greysolon Duluth, diene letter itselde, en Pierre-Charles Le Sueur oerwintere yn 1700 sels by de Dakota.