Mâl Hynder (Lakota: Tȟašúŋke Witkó, útspr.: [tˣa'ʃũ:ke wit'ko:] (eins "Syn-Hynder-Is-Mâl-Wurden" of "Syn-Hynder-Is-in-Mâlenien); Ingelske oersetting: Crazy Horse; oan 'e rivier de Cheyenne (Súd-Dakota), ±1840 – Fort Robinson (Nebraska), 5 septimber 1877) wie in opperhaad fan 'e Oglala-substamme fan 'e Lakota-Sû (Sioux), in Yndiaansk folk fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika. Hy stie bekend as in grut kriger en oarlochslieder, en as in fûleindich fijân fan 'e Amerikanen, fanwegen de oanhâldende kolonisaasje fan Yndiaansk lân troch de blanken. It meast ferneamd is er wurden troch syn militêre lieding oer de Yndiaanske koälysje dy't yn 1876 yn 'e ferneamde Slach oan de Little Bighorn it Amerikaanske Leger in ferpletterjende nederlaach tabrocht. Syn dapperens yn 'e striid en syn persoanlike eare makken dat er sels by syn fijannen yn oansjen stie. Hy waard fjouwer moanne nei syn oerjefte ûnder ûnopheldere omstannichheden deadien.
Libben Komôf De boarnen rinne útinoar oangeande it bertejier fan Mâl Hynder, mar dat moat yn elts gefal tusken 1840 en 1845 west hawwe. Neffens de mûnlinge oerlevering yn it Cheyenne River Yndianereservaat, yn 'e steat Súd-Dakota, dêr't de Minnikonzjû wenje, wie it yn 1840, en datselde fertelde Mâl Hynder syn heit yn 1877 ek oan 'e Amerikaanske luitenant H.R. Lemly, wêrby't er fierders oanjoech dat it berteplak oan 'e igge fan 'e rivier de Cheyenne west hie. Mâl Hynder syn mem, Ratteljende Tekken, wie fan 'e Minnikonzjû-substamme fan 'e Lakota, wylst syn heit, dy't ek fan Mâl Hynder hiet, fan 'e Oglala-substamme wie. Mei't de Lakota-kultuer doedestiden matrilineêr wie (de komôf waard fia de mem rekkene), wie de jonge Mâl Hynder dus eins in Minnikonzjû. Mar troch syn mem har iere dea troch selsmoard kaam er mear ta syn heite folk te hearren.
Ratteljende Tekken har âldere broer, Mâl Hynder syn omke, wie it Minnikonzjû-opperhaad Inkele Hoarn, en dy syn soannen wiene dus syn neven. De bekendsten dêrfan wiene Bûnte Wapity, dy't by it Bloedbad fan Wounded Knee sa ûngelokkich oan syn ein komme soe, en Reitsje-de-Wolkens-Oan, dy't Mâl Hynder in kear it libben rêde. De histoarikus George Hyde skreau dat Ratteljende Tekken de suster wie fan it ferneamde Brulee-opperhaad Bûnte Sturt, mar dêr wied er mis mei; it wiene Mâl Hynder de Aldere syn oare trije froulju, Izer-tusken-de-Hoarnen, Deadet-de-Fijân en Reade Broek, dy't susters fan Bûnte Sturt wiene. Men soe dus sizze kinne dat Mâl Hynder de Jongere in styfomkesizzer fan Bûnte Sturt wie.
Mâl Hynder syn bertenamme wie Čha’oha, dat "Yn-it-Wyldlân" of "Mank-de-Beammen" betsjut (en sizze woe dat er ien mei de natoer wie). Neffens ien ferhaal joech syn heit him dy syn eigen namme doe't er ienris folwoeksen wurden wie en toand hie dat er dy namme wurdich wie. Syn heit soe dêrop sels in oare namme oannommen hawwe, Waglula, dat "Wjirm" betsjut. Neffens in oar ferhaal soe Mâl Hynder syn nije namme op eigen manneboet oannommen hawwe nei't er dêr yn in fizioen ta oanfitere wie.
Jonkheid Doe't Mâl Hynder sa'n foege jonge wie, wenne er yn it kamp fan it opperhaad Oerwinnende Bear, mei syn healbroer Heech Hynder (in soan fan syn heit en Izer-tusken-de-Hoarnen) en Lytse Hauk, in neef fan syn trije styfmemmen. Dêr wied er yn 1854 tsjûge fan 'e moard op Oerwinnende Bear troch in Amerikaanske soldaat en it dêropfolgjende gefjocht dat late ta de dea fan 29 fan 'e 31 leden fan in Amerikaansk kavalerydetasjemint ûnder lieding fan luitenant John Lawrence Grattan (it saneamde Grattan-bloedbad of Grattan-gefjocht).
Neitiid begûn Mâl Hynder fizioenen te krijen. Syn heit naam him mei nei it hjoeddeistige Sylvan Lake, yn Súd-Dakota, dêr't se allebeide in hembleča ûndernamen (aktyf in fizioen besochten op te wekjen). Yn Mâl Hynder syn fizioen waard him in medisynbondel jûn dy't him foar it libben beskermje moast, en waard him ek toand hoe't er syn oarlochsferve oanbringe moast. Ta ein beslút waard er bejeftige mei in hillich liet dat hjoed de dei noch altyd songen wurdt troch de Oglala-Lakota, en waard him ferteld dat er in beskermer fan syn folk wêze soe.
Yn 'e tsien jier tusken 1855 en 1865 makke Mâl Hynder in namme foar himsels as kriger. De earste kears dat er immen deade, wie yn in gefjocht mei in Sjosjoanske oerfaller dy't in Lakota-frou fermoarde hie wylst hja bizonfleis oan it waskjen wie oan 'e kant fan 'e rivier de Powder. Mâl Hynder focht yn in grut tal skermutselings en fjildslaggen fan 'e Lakota mei harren tradisjonele fijannen, lykas de Pâny (Pawnee), Sjosjoanen (Shoshone), Krieën (Crow), Swartfuotten (Blackfeet) en Arikara. Nei't de milysje fan Kolorado yn 1864 it Bloedbad fan Sand Creek oanrjochte hie ûnder de Súdlike Sjajinnen, dat tradisjonele bûnsgenoaten fan 'e Lakota wiene, gie in Yndiaanske koälysje besteande út de Noardlike Sjajinnen, de Noardlike Arapaho en de Oglala- en Minnikonzjû-Lakota op oarlochspaad tsjin 'e blanken. Mâl Hynder focht mei yn 'e Slach by Platte Bridge en de Slach by Red Buttes, beide yn july 1865. Dêrby fêstige er sa'n reputaasje, dat er ta ogle taŋka un of "himddrager" útroppen waard, wat sizze woe dat er tenei de krigers yn 'e striid liede soe. left|thumb|250px|In foto dêr't fan beweard wurdt dat er fan Mâl Hynder is en makke is yn 1877. De measte histoarisy geane der lykwols fan út dat it om in ferfalsking giet of dat de foto yn elts gefal net autintyk is.
Oarloch fan Reade Wolk Yn 'e Oarloch fan Reade Wolk, dy't yn 1866 útbriek, besochten de Lakota ûnder harren opperhaad Reade Wolk, stipe troch harren bûnsgenoaten, de Noardlike Sjajinnen en de Noardlike Arapaho, foar te kommen dat it Amerikaanske leger forten stiftsje soe by it Bozeman Trail lâns, dat troch harren lân rûn. It wie feitlik de súksesfolste kampanje fan 'e Flakte-Yndianen tsjin 'e blanken, en hie ta gefolch dat it Amerikaanske regear by it twadde Ferdrach fan Fort Laramie, út 1868, in grut reservaat oan 'e Lakota taparte, dat harren hillige lân, de Black Hills, hielendal omfette.
Yn dizze oarloch wie Mâl Hynder yn desimber 1866 mei û.o. de Hûnkpapa-haadman Rein-yn-'t-Gesicht, de Minnikonzjû-lieder Hege Rêchbonke en it Sjajinske opperhaad Lytse Wolf belutsen by it saneamde Fetterman-bloedbad of Fetterman-gefjocht, wêrby't de Yndianen yn 'e neite fan Fort Phil Kearney, yn Wyoming, in Amerikaansk kavalerydetasjemint fan 81 man ûnder lieding fan kaptein William J. Fetterman oan 'e lêste man ta útrûgen. De patrûlje waard yn 'e fâle lokke troch Mâl Hynder en seis oaren, dy't foar harren útnaaiden. Dêrby spile Mâl Hynder sels in krúsjale rol, troch te bearen dat syn hynder kreupel wie. Ek naam er diel oan it saneamde Weinboarchgefjocht, yn augustus 1867, alwer yn 'e neite fan Fort Phil Kearny. Dêrby foelen de Lakota in groep soldaten oan dy't derop útstjoerd wiene om hout te hakjen. De soldaten namen har taflecht yn in weinboarch en trochdat se tarist wiene mei nije repeteargewearen, dy't net nei elts skot werladen hoegden te wurden, rjochten se in slachting ûnder de Yndianen oan doe't dy harren posysje bestoarmen, dat sadwaande einige dat gefjocht yn in ympasse.
Priveelibben De leafde fan Mâl Hynder syn libben wie nei't it skynt Swarte Bizonfrou, dy't er al fan bern ôf oan kend hie. Hja troude lykwols mei in oare kriger, dy't fan Gjin Wetter hiet, en in alkoholist west skynt te hawwen. Yn 1870 krige Mâl Hynder Swarte Bizonfrou safier dat se mei him op bizonjacht gie. Under de Lakota wie it foar froulju in rjocht om altyd skiede te meien, om lykfol hokker reden. Soks waard dien troch by famyljeleden yn te lûken of troch de besittings fan 'e man bûten de tipy te pleatsen. Hoewol't soms in beskate finansjele kompinsaasje fereaske wie, koe in man tsjin 'e skieding sels neat ynbringe, en waard fan him ferwachte dat er him derby dellei. Mar sokke regels wiene yn dit gefal net fan tapassing, want der wie neffens de ferhalen gjin sprake fan in skieding.
Gjin Wetter wie net thús doe't Swarte Bizonfrou mei Mâl Hynder útnaaide, mar doe't er derefter kaam, liende er in pistoal en sette er harren efternei. Nei't er de tipy fan Mâl Hynder fûn hie, rôp er fan bûtenôf Mâl Hynder syn namme al. Dêrop stiek er it pistoal nei binnen ta, rjochte op it boarst fan syn rivaal en helle de trekker oer. Mar Mâl Hynder syn neef Reitsje-de-Wolkens-Oan, dy't yn 'e tinte njonken de iepening siet, stompte Gjin Wetter syn hân omheech, sadat de kûgel Mâl Hynder yn 'e kaak rekke ynstee fan yn it boarst. Gjin Wetter spile fan ruten, en ried syn hynder kroandea yn in besykjen om oan Mâl Hynder syn poerrazene famyljeleden te ûntkommen. Uteinlik wist er geandefoets syn eigen doarp te berikken, dêr't er yn beskerming nommen waard troch syn famylje. De rie fan âldsten gie oer de saak gear en oertsjûge beide partijen derfan om gjin geweld mear te brûken. Fierders kamen de âldsten ta de konklúzje dat beide partijen mis west hiene: Mâl Hynder hie net mei in troude frou omslaan moatten, mar dat koe Gjin Wetter syn besykjen ta moard net behimmelje. As kompinsaasje foar de ferwûning, dy't in opfallende groede yn Mâl Hynder syn gesicht efterliet, moast Gjin Wetter him trije hynders jaan. Om't Mâl Hynder mei in oar syn frou omslein hie, ferlear er syn titel fan "himddrager". Swarte Bizonfrou kearde werom nei har man. right|thumb|300px|"Mâl Hynder en syn Oglala-troep ûnderweis fan Kamp Sheridan om har oer te jaan oan generaal Crook by it Reade Wolk-agintskip", in skets út 1877.
Om syn wûne te fersoargjen, stjoerden de âldsten Swarte Sjaal, in famyljelid fan Bûnte Sturt, nei Mâl Hynder ta, mei wa't er yn 1871 troude. Mei har krige er syn iennichst bern, it famke Se-Binne-Bang-fan-Har, dy't lykwols al yn 1873 ferstoar. Swarte Sjaal oerlibbe hast al har tiidgenoaten en ferstoar yn 1927 op hege jierren oan 'e gryp. Mâl Hynder troude ek mei in Nellie Larrabee (of Laravie), de dochter fan in Sjajinske mem en in Frânsk-Kanadeeske heit, dy't neffens guon ferhalen nei him ta stjoerd wêze soe troch it Oglala-opperhaad Reade Wolk, en neffens oare ferhalen in spionne foar it Amerikaanske leger west hawwe soe.
Grutte Sû-Oarloch fan 1876 Doe't de Amerikanen yn 1876 de Lakota harren hillich lân, de Black Hills, ûntnaderje woene, waard it op 'e nij oarloch. Op 17 juny fan dat jier fierde Mâl Hynder in legermacht fan likernôch 1.500 Lakota en Noardlike Sjajinnen oan dy't it yn 'e Slach oan de Rosebud opnaam tsjin 'e 1.000 man Amerikaanske kavalery en ynfantery en 300 Krieën en Sjosjoanen fan generaal George Crook. Hoewol't de striid min ofte mear yn in ympasse einige, slagge it Mâl Hynder om Crook fan syn paad wike te litten, wat derfoar soarge dat er him net op 'e tiid by de troepemacht fan luitenant-kolonel George Armstrong Custer foegje koe.
Net dat dat trouwens Mâl Hynder syn bedoeling wie, want de Yndianen wisten doedestiden noch neat ôf fan Custer syn opmars. It wie Mâl Hynder derom te dwaan om Crook by it grutte Yndiaanske doarp fan it opperhaad Sittende Bolle, oan 'e rivier de Little Bighorn, wei te hâlden, dat troch it gearkloftsjen fan lytse troepkes Lakota en Sjajinnen tsjin 'e ein fan 'e maityd oanwoeksen wie ta in grutte fan nei skatting mear as 10.000 minsken. It lân koe sa'n grutte kloft folk net drage, dat der waard besletten om it kamp op te spjalten yn in stikmannich lytsere groepen. Ear't se útinoar gean koene, knoffele lykwols in goed wike nei de Slach oan 'e Rosebud, op 25 juny 1876, Custer syn Amerikaanske 7e Kavaleryrezjimint tsjin it doarp oan, yn in treffen dat de Slach oan de Little Bighorn kaam te hjitten.