Lange Bolle (Sjajinsk: Hotóa’ôxháa’êstaestse, útspr.: [hotoaʔoxha:ʔɪstaɪsʦɪ]; Ingelske oersetting: Tall Bull; ±1830 – by Sterling (Kolorado), 11 july 1869) wie in haadman fan it krigergenoatskip fan 'e Hûnskrigers fan 'e Sjajinnen (Cheyenne), in Yndiaansk folk fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika.

Lange Bolle wie fan mingd Sjajinsk-Lakota-komôf, hoewol't er him identifisearre mei de Sjajinnen. Krekt as alle Hûnskrigers wie Lange Bolle in fûleindich fijân fan 'e Amerikanen. Hy waard op 11 july 1869, yn 'e Slach by Summit Springs, yn 'e neite fan it hjoeddeiske Sterling, yn Amerikaanske steat Kolorado, deasketten troch majoar FRank North, de oanfierder fan 'e Pâny-ferkenners fan it Amerikaanske leger.

Kategory:Yndiaansk lieder yn Noard-Amearika Kategory:Persoan yn de Kolorado-oarloch Kategory:Persoan yn de Komantsje-Oarloggen Kategory:Persoan yn it Wylde Westen Kategory:Persoan dy't omkommen is yn in oarlochssitewaasje op lân Kategory:Persoan fan Sjajinsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1830 Kategory:Persoan stoarn yn 1869