Mary Chapin Carpenter (Princeton (Nij-Jersey), 21 febrewaris 1958), is in ferneamd en populêr Amerikaansk sjongster, lietsjeskriuwster en muzikante (gitariste). Har muzyk heart ta it countrysjenre, al skaait it altemets ris wat út nei soft rock.

Libben en karriêre Carpenter waard yn 1958 berne yn 'e stêd Princeton, yn 'e steat Nij-Jersey, as de dochter fan Chapin Carpenter jr., dy't in liedingjaande funksje hie by it ferneamde tydskrift Life Magazine, en dy syn frou Mary Bowie Robertson. Fan 1969 oant 1971 wenne it gesin yn Japan. Nei't se nei de Feriene Steaten weromkeard wiene, wennen se yn Washington, D.C., dêr't Carpenter yn 1976 har middelbere-skoaloplieding ôfrûne. Se learde fierder oan 'e Brown Universiteit, dêr't se yn 1981 ôfstudearre mei in bachelorstitel yn Amerikaanske stúdzjes. Yn har stúdzjetiid trede se yn 'e simmerfakânsjes al hjir en dêr yn Washington op, en dêrby mette hja John Jennings, de produsint mei wa't se desennialang gearwurkje soe. It wie Jennings dy't har oerhelle om har eigen materiaal te sjongen ynstee fan oare artysten te coverjen. Nei't Carpenter klear wie mei studearjen song se in pear jier lang mei wikseljend súkses yn bars en nachtklubs yn Washington en omkriten, foar't se úteinlik in kontrakt oanbean krige troch Columbia Records.

Har earste album, Hometown Girl, út 1987, die it yn 't earstoan net sa bêst, oant Columbia it begûn oan te priizgjen as countrymuzyk. Doe fûn Carpenter oansluting by in breder publyk. Fan Hometown Girl kamen gjin singles út, mar fan sawol it album State of the Heart, út 1989, as fan Shooting Straight in the Dark, út 1990, stiene fjouwer singles yn 'e country-top 20. Carpenter har súksesfolste album oant op 't heden is lykwols Come On, Come On, út 1992, wêrfan't sân singles de top 20 hellen. Mei mear as fjouwer miljoen ferkochte eksimplaren wie dat album yn 'e Feriene Steaten fjouwer kear platina. Ek de lettere albums Stones in the Road (1994) en A Place in the World (1996) smieten grutte hits op. Nei de iuwwiksel, yn 'e iere jierren 2000, naam Carpenter sawol tematysk as muzikaal wat ôfstân fan har eardere wurk, mei muzyk dy't minder radiofreonlik wie en mear talein op maatskiplike en politike striidkwestjes. It album fan harres dat troch de kritisy it meast bejubele waard, en dat, miskien net tafallich, ek it meast maatskippijkritysk is, wie The Calling, dat útbrocht waard yn maart 2007. Dêrop folgen noch The Age of Miracles (2010) en Ashes and Roses (2012).

Carpenter hat yn har karriêre al fiif Grammy Awards wûn (de wichtichste Amerikaanske muzykpriis), en hja is de iennichste artyst dy't fjouwer jierren efterinoar de Grammy Award foar bêste froulike countrysangoptreden wûn hat, fan 1992 oant 1995. Yn 2005 hie se al mear as 12 miljoen platen ferkocht. Op 7 oktober 2012 waard Carpenter ynhuldige as lid fan 'e Nashville Songwriters Hall of Fame. By in breder publyk, dat net nei countrymuzyk harket, is se bekend wurden troch har optredens op 'e Amerikaanske tillefyzje (bgl. yn it praatprogramma fan David Letterman) en op 'e radio (bgl. yn it programma fan Diane Rehm). Carpenter is net troud (in feit dat fral yn 'e njoggentiger jierren breed útmetten waard yn 'e Amerikaanske rabbersblêden), al hat se ferskate relaasjes hân, wêrûnder ien mei John Jennings. Se toert in protte en keart hast eltse simmer nei Washington werom om op te treden yn 'e iepen loft, yn it Wolf Trap National Park for the Performing Arts.

Diskografy Albums Jier Titel Prizen en nominaasjes Resultaat1987Hometown Girln.f.t.n.f.t.1989State of the Heartn.f.t.20px Feriene Steaten: goud1990Shooting Straight in the Darkn.f.t.20px Feriene Steaten: platina 20px Kanada: goud1992Come On, Come Onn.f.t.20px Kanada: 4x platina 20px Austraalje: 2x platina 20px Feriene Steaten: platina 20px Grut-Brittanje: goud1994Stones in the Roadwûn in Grammy Award foar bêste country-album20px Feriene Steaten: 2x platina 20px Kanada: platina 20px Grut-Brittanje: sulver1996A Place in the Worldn.f.t.20px Feriene Steaten: goud 20px Kanada: goud 2001Time* Sex* Love*n.f.t.n.f.t.2004Between Here and Gonen.f.t.n.f.t.2007The Callingn.f.t.n.f.t.2010The Age of Miraclesn.f.t.n.f.t.2012Ashes and Rosesn.f.t.n.f.t.

Kompilaasje-albums Jier Titel Prizen en nominaasjes Resultaat1999Party Dolls and Other Favoritesn.f.t.20px Feriene Steaten: goud2003The Essential Mary Chapin Carpentern.f.t.n.f.t.2007Super Hitsn.f.t.n.f.t.2008Playlist: The Best of Mary Chapin Carpentern.f.t.n.f.t.

Krystalbum Jier Titel Prizen en nominaasjes Resultaat2008Come Darkness, Come Light: Twelve Songs of Christmasn.f.t.n.f.t.

mear útwreide diskografy In mear útwreide diskografy (yn it Ingelsk), ynkl. singles en in fideografy, kin fûn wurde op dizze side fan 'e Ingelske Wikipedy.

Prizen en nominaasjes Jier Priis Resultaat Kategory Foar it nûmer/album1990ACM Awardwûnnije artyst fan it jiern.f.t.1992ACM Awardwûnsjongster fan it jiern.f.t.CMA Awardwûnsjongster fan it jiern.f.t.Grammy Awardwûnbêste countrynûmer songen troch in frouDown at the Twist and Shout1993ACM Awardwûnsjongster fan it jiern.f.t.Grammy Awardwûnbêste countrynûmer songen troch in frouI Feel Lucky1994Grammy Awardwûnbêste countrynûmer songen troch in frouPassionate Kisses1994Grammy Awardwûnbêste countrynûmer songen troch in frouShut Up and Kiss Mewûnbêste country-albumStones in the Road1996earedoktoraatynhuldigeBrown Universiteit (te Providence)oeuvre

Keppelings om utens Offisjele webside fan Mary Chapin Carpenter Mary Chapin Carpenter yn 'e Internet Movie Database (IMDb)

Kategory:Amerikaansk sjonger Kategory:Amerikaansk lietsjeskriuwer Kategory:Amerikaansk muzikant Kategory:Amerikaansk gitarist Kategory:Amerikaansk country-artyst Kategory:Grammy-winner Kategory:Persoan berne yn 1958