Latino's foarmje in etnyske en linguïstyske minderheid yn 'e Feriene Steaten en Kanada. Yn 'e regel wurde ûnder dizze oantsjutting alle lju beflapt dy't Spaansktalich (of fan oarsprong Spaansktalich) binne en dy't út Midden- of Súd-Amearika komme (of wa har foarâlden oft dêrwei komme). In útsûndering foarmje dejingen dy't sels of wa har foarâlden oft út Brazylje komme, dat Portegeesktalich is; dy wurde soms wol en soms net ta de Latino's rekkene. Yn it Amerikaansk-Ingelsk is de term Latino frijwol synonym mei de likefolle brûkte oantsjutting Hispanic, mei it ferskil dat ta Hispanics ek lju út Spanje (of wa har foarâlden oft dêrwei komme) rekkene wurde. Foar dit artikel sil de breedste betsjutting fan "Latino's" oanholden wurde, dus ynkl. Brazyljanen en Spanjerts, of it moat wêze dat dat oars oanjûn wurdt.
Ras, taal, leauwe Latino's binne in tige ferskate groep, dy't lju fan teminsten trije rassen omfettet: blanken, swarten en Yndianen. Hoewol't de grutte mearderheid Spaansktalich (of Portegeesktalich) wêze sil, hawwe party dy't al generaasjeslang yn Noard-Amearika wenje, harren eigen taal ferlern, en binne oergien op it Ingelsk (of yn guon parten fan Kanada op it Frânsk). Latino's binne foar it meastepart leden fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke, mar harren kristlike leauwe hat gauris synkretistyske eleminten ôfkomstich út 'e prekristlike natoerreligyen fan 'e lânseigen Yndiaanske folken. Fierders is der in lytse, mar groeiende protestantske minderheid fan benammen pinksterkristenen en Jehova's tsjûgen. Ek binne der almar mear dy't sekularisearje ta agnosten of ateïsten.
Demografy Algemien Neffens in offisjele skatting fan it Amerikaanske Folkstellingsburo wiene der yn 2012 52.961.017 Latino's yn 'e Feriene Steaten (16,9% fan 'e totale befolking), wylst út 'e Kanadeeske folkstelling fan 2011 bliken die dat der yn Kanada 870.130 Latino's wiene (oftewol 2,2% fan 'e befolking). Dat bringt it totale oantal Latino's yn Noard-Amearika op goed 53,8 miljoen minsken.
Demografy yn 'e Feriene Steaten Hoewol't Latino's yn 'e regel as ien etno-linguïstyske groep oantsjut wurde, hâlde se sels faak fêst oan 'e âlde nasjonale identiteit fan harren lân fan komôf. Yn 'e Feriene Steaten foarmen yn 2010 binnen de Latino-mienskip de Meksikanen (ek wol Chicanos neamd) fierwei de grutste groep, mei 31.798.000 minsken (62,5% fan alle Amerikaanske Latino's), folge troch de Portorikanen, mei 4.624.000 minsken (9,1%) en dan de Kubanen, mei 1.786.000 minsken (3,5%). Sokke groepen hawwe yn 'e Feriene Steaten ek gauris harren eigen delsettingsgebiet. Sa binne de Portorikanen fral sterk fertsjintwurdige yn 'e grutte stêden oan 'e hegere eastkust (New York, Philadelphia, Baltimore, Washington, D.C., ensfh.), wylst de Kubanen benammentlik konsintrearre binne yn súdlik Floarida. Hoewol't de Meksikanen oer it hiele lân ferspraat binne, is harren oantal dochs dúdlik grutter yn 'e Amerikaanske steaten dy't oan Meksiko grinzgje: Kalifornje, Arizona, Nij-Meksiko en Teksas.
Dan binne der noch de Latino's wa har foarâlden oft al yn it Súdwesten wennen ear't dat tusken 1845 en 1850 by de Feriene Steaten kaam te hearren, en by wa't men dus net sprekke kin fan ymmigranten. Sokke lju wurde nei regio opdield yn saneamde Californios yn Kalifornje (300.000 oant 500.000); Nuevomexicanos yn Nij-Meksiko en Kolorado (mear as 340.000); en Tejanos yn Teksas (6.670.000 of 32% fan 'e Teksaanske befolking). In oare lytse groep fan foàr de Amerikaanske kolonisaasje fan Teksas en Louisiana dy't syn eigen identiteit beholden hat, binne de Isleños ("Eilanners"), Spaansktalige bewenners fan 'e Kanaryske Eilannen, dy't yn Teksas bgl. yn 1691 ferantwurdlik wiene foar de stifting fan 'e stêd San Antonio.
Latino-populaasje yn 'e Feriene Steaten neffens lân fan komôf (op grûn fan selsidentifikaasje by de folkstelling fan 2010) Latino-groep Populaasje % fan 'e Latino-pop. 20px Meksikanen 31.798.258 62,5% Portorikanen 4.623.716 9,1% 20px Kubanen 1.785.547 3,5% 20px Salvadoranen 1.648.968 3,2% 20px Dominikanen 1.414.703 2,8% 20px Gûatemalteken 1.044.209 2,1% 20px Kolombianen 908.734 1,8% 20px Spanjerts 635.253 1,2% 20px Hondoerezen 633.401 1,2% 20px Ekwadoranen 564.631 1,1% 20px Perûvianen 531.358 1,0% 20px Brazyljanen *371.529 0,7% Latino-groep Populaasje % fan 'e Latino-pop. 20px Nikaragûanen 348.202 0,7% 20px Argentinen 224.952 0,4% 20px Fenezolanen 215.023 0,4% 20px Panamezen 165.456 0,3% 20px Silenen 126.810 0,3% 20px Kostarikanen 126.418 0,3% 20px Bolivianen 99.210 0,2% 20px Urûguayanen 56.884 0,1% 20px Paraguayanen 20.023 <0,1% alle oaren 3.505.838 6,9% totaal 50.849.123 100% *) Dit sifer is út 2012.
Latino-populaasje yn 'e Feriene Steaten per steat (op grûn fan gegevens fan 'e folkstelling fan 2010) Amerikaanske steat Latino-populaasje % fan 'e steatsbefolking Kalifornje 14.013.719 37,6% Teksas 9.460.921 37,6% Floarida 4.223.806 22,5% Porto Riko 3.688.455 99,0% New York 3.416.922 17,6% Illinois 2.027.578 15,8% Arizona 1.895.149 29,6% Nij-Jersey 1.555.144 17,7% Kolorado 1.038.687 20,7% Nij-Meksiko 953.403 46,3% Georgia 853.689 8,8% Noard-Karolina 800.120 8,4% Washington 755.790 11,2% Pennsylvania 719.660 5,7% Nevada 716.501 26,5% Firginia 631.825 7,9% Massachusetts 627.654 9,6% Konettikut 479.087 13,4% Marylân 470.632 8,2% Oregon 450.062 11,7% Michigan 436.358 4,4% Indiana 389.707 6,0% Utah 358.340 13,0% Ohio 354.674 3,1% Wiskonsin 336.056 5,9% Oklahoma 332.007 8,9% Kansas 300.042 10,5% Amerikaanske steat Latino-populaasje % fan 'e steatsbefolking Tennessee 290.059 4,6% Minnesota 250.258 4,7% Súd-Karolina 235.682 5,1% Missoury 212.470 3,5% Louisiana 192.560 4,2% Arkansas 186.050 6,4% Alabama 185.602 3,9% Idaho 175.901 11,2% Nebraska 167.405 9,2% Iowa 151.544 5,0% Kentucky 132.836 3,1% Rhode Island 130.655 12,4% Hawaï 120.842 8,9% Mississippy 81.481 2,7% Delaware 73.221 8,2% Distrikt Kolumbia 54.749 9,1% Wyoming 50.231 8,9% Alaska 39.250 5,5% Nij-Hampshire 36.704 2,8% Montana 28.565 2,9% West-Firginia 22.268 1,2% Súd-Dakota 22.119 2,7% Amerikaanske Famme-eilannen 18.504 17,4% Maine 16.935 1,3% Noard-Dakota 13.467 2,0% Fermont 9.208 1,5%
Demografy yn Kanada Yn Kanada, dêr't de Latino's oer it algemien konsintrearre binne yn 'e grutte stêden fan it suden, lykas Toronto, Montreal, Ottawa en Vancouver, binne de Spanjerts mei 326.000 minsken (37,4%) fierwei de grutste groep, folge troch de Meksikanen, mei 70.000 minsken (8%) en de Kolombianen (7%) mei 61.000 minsken.
Latino-populaasje yn Kanada neffens lân fan komôf (op grûn fan selsidentifikaasje by de folkstelling fan 2011) Latino-groep Populaasje % fan 'e Latino-pop. 20px Spanjerts 325.750 37,4% 20px Meksikanen 69.695 8,0% 20px Kolombianen 60.555 7,0% 20px Salvadoranen 43.655 5,0% 20px Perûvianen 26.715 3,1% 20px Silenen 25.195 2,9% 20px Brazyljanen 22.920 2,6% 20px Argentinen 18.870 2,2% 20px Fenezolanen 16.005 1,8% 20px Gûatemalteken 15.285 1,8% 20px Ekwadoranen 13.635 1,6% 20px Kubanen 13.340 1,5% Latino-groep Populaasje % fan 'e Latino-pop. 20px Nikaragûanen 8.945 1,0% 20px Dominikanen 8.450 1,0% 20px Paraguayanen 7.110 0,8% 20px Urûguayanen 6.600 0,8% 20px Hondoerezen 5.805 0,7% 20px Bolivianen 4.605 0,5% 20px Kostarikanen 4.095 0,5% 20px Panamezen 2.445 0,3% Portorikanen 380 <0,1% alle oaren 170.075 19,5% totaal 870.130 100%
Latino-populaasje yn Kanada per provinsje (op grûn fan gegevens út 2011, mar inkeld fan Latynsk-Amerikanen; fan Spanjerts binne der op dit mêd gjin gegevens beskikber Kanadeeske provinsje Latino-populaasje % fan 'e prov. befolking Ontario 172.560 1,4% Kebek 116.380 1,5% Alberta 41.305 1,2% Britsk-Kolumbia 35.465 0,8% Manitoba 9.140 0,8% Saskatchewan 3.255 0,3% Nij-Skotlân 1.360 0,2% Kanadeeske provinsje Latino-populaasje % fan 'e steatsbefolking Nij-Breunswyk 1.160 0,2% Prins Edwardeilân 235 0,2% Nijfûnlân en Labrador 185 <0,1% Yukon 105 0,3% Noardwestlike Territoaria 105 0,3% Nunavut 30 0,1%
Gallery
Kategory:Etnyske groep yn de Feriene Steaten Kategory:Etnyske groep yn Alaska Kategory:Etnyske groep yn Kanada