De Lakota (Ingelsk: Lakota; útspr.: [lə'kou:tə]) binne in lânseigen Yndiaansk folk fan 'e Grutte Flakten fan Noard-Amearika. Mei de Dakota foarmje hja ien fan 'e beide folksdielen fan 'e Sû (Sioux). De Lakota kinne lykslein wurde mei de Titon (Teton), ien fan 'e sân tradisjonele Sû-stammen, en sprekke fan oarsprong it Lakota, in Sû-taal dy't nau besibbe is oan it Dakota.
Hja libje tsjintwurdich benammentlik yn 'e Amerikaanske Amerikaanske steaten Noard-Dakota, Súd-Dakota en Montana, al wenje der ek guon yn steaten as Wyoming en Kolorado. Yn it suden fan 'e Kanadeeske provinsje Saskatchewan bestiet fierders noch ien lytse Lakota-stamme, mei goed 200 leden. Yn totaal binne der hjoed de dei likernôch 100.000 Lakota. Hja binne ien fan 'e bekendere Yndiaanske folken fan Noard-Amearika, wat ferklearre wurde kin trochdat se yn njoggentjinde iuw in grut part fan 'e noardlike Grutte Flakten behearsken, en sadwaande allegeduerigen yn konflikt rekken mei blanke kolonisten en it Amerikaanske leger. De rop fan guon foarfallen, lykas de Slach oan de Little Bighorn, en de reputaasje fan party Sû-lieders, lykas Sittende Bolle en Mâl Hynder, hawwe meitiid wol hast legindaryske foarmen oannommen.
Etymology De eigen namme "Lakota" (Lakȟóta; útspr.: /la'kˣo:ta/) betsjut yn 'e Lakota-taal safolle as "freon", of eins mear spesifyk "bûnsmaat". In oare eigen oantsjutting is bygelyks Lakȟóta Oyáte ("de Lakota Naasje").
Demografy Mei de term "Lakota" wurdt it westlike folksdiel fan 'e Sû (Sioux) oantsjutten. Histoarysk sjoen bestiene de Sû út sân ûnderskate stammen, te witten: de Mdewakanton, Wahpeton, Wahpekûte, Sisseton, Jankton, Janktonai en Titon. De earste seis fan dy stammen foarmje mei-inoar de Dakota, it eastlike folksdiel fan 'e Sû, wylst de Titon lykslein wurde kinne mei de Lakota, (mei't "Titon" in etnografyske oantsjutting is, en "Lakota" yn it foarste plak in taalkundigen). Hjoed de dei wurdt trouwens almeast fan "Lakota" sputsen, mei't "Titon" as âlderwetsk beskôge wurdt. De Lakota/Titon kinne sels wer opdield wurde yn sân substammen: de Brulee, Hûnkpapa, Minnikonzjû, Oglala, Sâns Arks, Swartfuotten (dy't net betize wurde moatte mei it bekendere Algonkwynske folk fan 'e Swartfuotten) en Twatsjettels.
Mei't dit grif wakker betiizjend is, hjirûnder nochris in oersichtlike opbou fan 'e Lakota as folk, mei útlis wat de nammen yn 'e eigen taal fan 'e Lakota betsjutte. Lakota (Ingelsk: Lakota; Lakota: Lakȟóta; "Bûnsmaten") Titon (Ingelsk: Teton; Lakota: Thítȟuŋwaŋ; mooglik betsjuttend: "Dy't op 'e Prêrje Tahâlde") Brulee (Ingelsk: Brule; Lakota: Sičháŋǧu; "Dy't Ferbaarnde Billen Hawwe" – "billen" yn 'e sin fan "boppeskonken") Hûnkpapa (Ingelsk: Hunkpapa; Lakota: Húŋkpapȟa; "Dy't Har Kamp by de Doar Meitsje" – d.w.s. "Swalkers") Minnikonzjû (Ingelsk: Minniconjou; Lakota: Mnikȟówožu; "Dy't oan it Wetter Plantsje") Oglala (Ingelsk: Oglala; Lakota: Oglála; mooglik betsjuttend: "Dy't Harsels Fersilje") Sâns Arks (Ingelsk: Sans Arcs; Lakota: Itázipčho; "Dy't Gjin Bôgen Hawwe") Swartfuotten (Ingelsk: Blackfoot; Lakota: Sihásapa; "Dy't Swarte Fuotten Hawwe" – net te betiizjen mei it Algonkwynske folk fan 'e Swartfuotten) Twatsjettels (Ingelsk: Two Kettles; Lakota: O'óhenuŋpa; "Dy't Twaris Siede")
Hjoed oan 'e dei libje de Lakota benammentlik yn 'e Amerikaanske steaten Noard- en Súd-Dakota en Montana, mei ien lyts groepke yn it suden fan 'e Kanadeeske provinsje Saskatchewan, al is der ek nochal ris ien yn 'e Amerikaanske steaten Wyoming en Kolorado (fral yn 'e agglomeraasje fan Denver). Harren persize oantal wurdt nearne jûn, mar is net dreech om fêst te stellen, mei't it ledetal fan alle stamme-organisaasjes fan 'e Lakota gewoan bekend is. Troch dy sifers op te tellen, komt men op 96.000 minsken. Dan moat men der noch rekken mei hâlde dat fan 'e 170.000 Sû mar 163.000 by sokke stammen oansletten binne. As men sjocht dat de Sû-stammeleden foar twatrêde diel Lakota en ientrêde diel Dakota binne, soe men dy twadieling hanthavenje kinne foar de net-stammeleden en noch rûchwei 4.000 by dy 96.000 optelle kinne, om út te kommen op in totaal oantal Lakota dat om 'e 100.000 hinne lizze moat. Dy libje frijwol allegear yn 'e Feriene Steaten, want hoewol't der wol Sû yn Kanada wenje, binne dat op goed 200 nei allegearre Dakota. Likernôch de helte fan alle Lakota libbet noch altyd yn 'e Yndianereservaten dy't harren oan 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw tawiisd binne. Fierders wennet der ek in grutte mienskip yn 'e stêd Rapid City yn Súd-Dakota.
Yn 'e Feriene Steaten binne der 4 federaal erkende Lakota-stammen en dêropta noch 2 federaal erkende stammen fan mingde etnisiteit (Dakota-Lakota en Dakota-Lakota-Assiniboin). Yn Kanada bestiet ien lytse Lakota-stamme (of "earste naasje", sa't men de stammen dêr neamt). Al dy 7 stammen hawwe in eigen reservaat. Yn grutte rinne de Lakota-stammen útinoar fan 'e Oglala Sû Stamme fan it Pine Ridge Reservaat fan Súd-Dakota, mei 47.000 leden, oant de Wood Mountain Earste Naasje út súdlik Saskatchewan, mei mar 210 leden. (Sjoch foar in opsomming ûnder it kopke "Stamme-organisaasjes", leger op dizze side.) Alve Sû-stammen yn Noard- en Súd-Dakota en Nebraska (mei in mienskiplik ledetal fan likernôch 144.000 minsken) foarmje mei-inoar de Feriene Sû Stammen, in koepelorganisaasje dy't lykwols troch de Amerikaanske oerheid net erkend wurdt. Under dy alve stammen binne alle Lakota-stammen en ien mingde Dakota-Lakota-stamme (de oare seis besteane útslutend út Dakota). Om lid te wurden fan ien fan 'e federaal erkende Sû-stammen yn 'e Feriene Steaten moat men oantoane kinne dat men teminsten foar in fearn fan Sû-komôf is (ien fan jins pakes en beppes moat dus in folbloed-Sû west hawwe).
Skiednis Iere skiednis De earste kontakten tusken Jeropeänen en de Sû fûnen plak yn 'e rin fan 'e santjinde iuw, yn Wiskonsin en Minnesota, mar dêrby gie it benammentlik om 'e Dakota, en net om 'e Lakota. Dy libben doe al fierder op nei it westen, mooglik foar in diel sels al op 'e Grutte Flakten, al moatte sy oarspronklik krekt as de Dakota yn it noardeastlike boskgebiet taholden hawwe. Men giet derfan út dat it de Sjajinnen (Cheyenne) wiene dy't om 1720 hinne foar it earst it hynder yntrodusearren by harren Lakota-bûnsgenoaten.
Yn dyselde snuorje spjalte de Titon-stamme (de Lakota dus) him op yn twa dielen: de Oglala-Brulee, dy't út súdlik Minnesota wei de Dakota's binnenteagen, en in groep dy't de Frânsen de "Saône" neamden (nei alle gedachten de oare fiif substammen), dy't út Midden-Minnesota wei by Lake Traverse lâns nei it westen setten, yn 'e krite dêr't no de grinzen fan Minnesota, Noard-Dakota en Súd-Dakota gearkomme. Om 1750 hinne hiene de "Saône" de eastoere fan 'e Missoury berikt, likernôch tsien jier letter folge troch de Oglala-Brulee. It is dúdlik dat it grutte ûnderskie tusken de Titon en de oare seis stammen (oftewol tusken de Lakota en de Dakota) werom te fieren is op dit barren: de Lakota wiene de earsten dy't hynders ta har foldwaan krigen, dy't it reizgjen makliker makken. Neitiid teagen se flugger op nei it westen as de oare stammen, wat in brek yn 'e ûnderlinge kommunikaasje fan gefolgen hie. De Lakota-taal ûntjoech him doe, yn dat relative isolemint, yn in oare rjochting as de oare Sû-dialekten.
In alliânsje fan 'e machtige Arikara, Mandan en Hidatsa kearde de Lakota-opmars oan 'e westoere fan 'e Missoury desennia lang op, mar doe't yn 'e jierren 1772-1780 in pokke-epidemy trijefearn fan dy folken útrûge, stieken de "Saône" de rivier oer nei de drûgere, mei koarte gerzen begroeide prêrje fan 'e Hege Flakten. Dêr ferspraten se har fluch yn 'e rjochting fan 'e Black Hills (of Paha Sapa), dy't se as hillich beskôgen en ûnder in ynfal yn it lân fan 'e Arikara, Mandan en Hidatsa yn 1765 foar it earst besocht hiene. Tsien jier nei de "Saône" stieken ek de Oglala-Brulee de Missoury oer. Yn 1776 fûn der in koart wapene konflikt plak tusken de Lakota en de Sjajinnen, hoewol't dy beide folken foartiid en ek neitiid tradisjonele bûnsgenoaten wiene. Dêrby waarden de Sjajinnen, dy't earder de Black Hills op 'e Kajowa (Kiowa) ferovere hiene, út dat gebiet wei nei it westen ta ferdreaun. De Lakota setten har doe foar it earst nei wenjen yn 'e Black Hills, al wreiden se yn it lêste fearn fan 'e achttjinde iuw harren wengebiet noch út oan 'e Rocky Mountains ta, dy't se Heska, oftewol "de Wite Bergen" neamden. De Lakota dominearren dêrnei oardel iuw lang de Noardlike Flakten.
Op 'e flakten Op 'e flakten namen de Lakota krekt as de Sjajinnen in hynstekultuer oan, en fêstigen se in nomadyske libbenswize yn wat no Noard- en Súd-Dakota, Montana, Nebraska en Wyoming is. Harren kultuer stipe fierhinne op twa bisten, de mustang, dy't harren faasje ferskafte, en de Amerikaanske bizon, dêr't se op jagen. Behalven bizonfleis iten se ek nôt, dat se net sels ferbouden, mar almeast kochten troch it driuwen fan hannel mei harren eastlike Dakota-sibben, of mei de Mandan en Hidatsa, dy't sedintêre doarpen oan 'e Missoury hiene.
Yn 'e Lakota-maatskippij wiene manlju en froulju like wichtich wat macht en it nimmen fan beslissings foar de stamme oangie, al hiene se wol dúdlik ferskillende rollen. De manlju wiene yn 'e regel de jagers, krigers, oarlochslieders en de opperhaden dy't de politike oangelegenheden beävensearren. Mar de Lakota wiene in matrilineêr folk, wat sizze wol dat de ôfstamming fia de mem rekkene waard (yn tsjinstelling ta patrilineêre maatskippijen lykas uzes, dêr't soks fia de heit giet). Lakota-bern hearden sadwaande ta de clan fan 'e mem, en opperhaden waarden útkeazen op grûn fan hokker clan oft harren mem út kaam. De froulju hiene it foar it sizzen oer it iten, de tinten en oare besittings en alle oare ferpleatsbere helpboarnen. Manlju trouden by de famylje en de clan fan harren frou yn, wat foardielen opsmiet oangeande de help dy't in frou fan har famylje krije koe as har man fuort wie te jeien of te oarlogjen, en teffens oangeande de behanneling fan froulju troch harren manlju. De froulike stamâldsten stiene by de Lakota yn heech oansjen en sûnder harren goedkarring koe in man net opperhaad wurde. En as hja harren stipe foar in opperhaad ynloeken, koed er syn posysje net lang behâlde. Njonken manlju en froulju wiene der ek noch de saneamde wiŋkte, dy't yn it Ingelsk ornaris two spirits, "twageasten" neamd waarden. Dat wiene lju dy't yn biologysk opsjoch man wiene, mar har as frou klaaiden en in maatskiplike rol oannamen dy't yn 'e regel net troch manlju ferfolle waard (as men dêr mei moderne eagen nei sjocht, soe men oannimme kinne dat it dêrby yn 'e measte gefallen om homoseksuëlen gie, al is dat no fansels net mear te bewizen). Twageasten beklaaiden mank de Lakota gauris in wichtige en sels hillige rol as sjamanen en genêzers. Fan 'e ein fan 'e njoggentjinde iuw ôf krigen se mear de rol fan ûnderwizer fan 'e jongere generaasjes fan 'e Lakota, en waard it harren taak om derfoar te soargjen dat de Lakota har eigenheid net ferlearen yn 'e Amerikaanske kultuer.