Stefan Groothuis (Wierden, 23 novimber 1981) is in earder Nederlânsk reedrider.
Hy die fiif kear mei oan it Wrâldkampioenskip sprint en trije kear oan de Olympyske Winterspullen (yn 2006, 2010 en 2014). Hy waard by dizze kampioenskippen ien kear Olympysk kampioen en ien kear wrâldkampioen sprint, ek waard er ien kear Wrâldkampioen by de ôfstânskampioenskippen op de 1000 meter. Yn de simmer fan 2015 kaam er ûnder it skeelerjen te fallen, wêrtroch't er foar langere tiid net ride koe. Dêrop folge in matich seizoen en begjin maart 2016 joech er oan mei wedstriidreedriden op te hâlden oan de ein fan it reedrydseizoen.
Persoanlike records OfstânTiidDatumBaan500 meter 34,55 21 jannewaris 2012 Utah Olympic Oval, Salt Lake City1000 meter 1.06,96 29 jannewaris 2012 Olympic Oval, Calgary1500 meter 1.43,48 4 desimber 2009 Olympic Oval, Calgary3 km 3.53,72 16 maart 2001 Olympic Oval, Calgary5 km 6.54,59 20 maart 2002 Olympic Oval, Calgary10 km 14.41,70 21 maart 2002 Olympic Oval, Calgary
Resultaten
Kategory:Nederlânsk reedrider Kategory:Nederlânsk Olympysk kampioen Kategory:Twintsk persoan Kategory:Persoan berne yn 1981