Varel is in stêd yn 'e Dútske dielsteat Nedersaksen. Varel is mei ynwenners () en in oerflak fan 113,53 km² de grutste stêd fan 'e landkreis Fryslân.
Stedsyndieling Varel bestiet út 21 Stadtteile. Njonken Varel sels binne dat Altjührden, Borgstede, Büppel, Dangast, Dangastermoor, Grünenkamp, Hohelucht, Hohenberge, Jeringhave, Jethausen, Langendamm, Moorhausen, Neudorf, Neuenwege, Obenstrohe, Rallenbüschen, Rosenberg, Seghorn, Streek en Winkelsheide. Oare doarpen yn 'e gemeente binne Almsee, Bramloge, Brunne, Jethausermoor, Logemoor, Plaggenkrug, Rahling, Rotenhahn, Schwarzenberg, Tange, Vareler Schleuse en Wilkenhausen.
Skiednis De stêd hat in tige lange skiednis. Dêr tsjûgje ferskillende grêfheuvels en oare archeologyske fynsten fan. Foar it earst waard Varel yn 1123 neamd. Ien fan 'e tsjerken yn 'e stêd datearret út it midden fan 'e tolfte iuw. De tsjerke waard nei 1650 in diel fan it troch de greven boude Slot fan Varel.
Oant yn 'e 15e iuw lei Varel op Fryske grûn. Yn 1577 waard Varel in selsstannich part fan it greefskip Aldenburch. Yn 1663 waarden Varel en Kniphausen gearfoege ta in fideicommis (in famyljelângoed wêrby't in erflitter fêstleit dat in erfenis earst nei in earste erfgenamt giet en nei dy syn ferstjerren oergiet nei de folgjende erfgenamt). It kastiel fan 'e stêd waard yn 1751 troch in grutte brân ferneatige. Tusken 1810 en 1813 besette Frankryk de hiele regio, ynklusyf Varel. Dêrnei folge anneksaasje troch it Gruthartochdom Aldenburch.
Keunstnersgroep Yn 'e rin fan 'e 20e iuw ûntstie yn it stedsdiel Dangast in keunstnerskoloanje. Fral leden fan 'e ekspresjonistyske keunstnersgroep Die Brücke besochten it plak. De skilder Franz Radziwill wenne dêr oant 1983. Oan in kuierpaad waarden njoggentjin panielen set wêrop skilderijen te sjen binne dy't dêr makke binne.
Kategory:Fryslân (Nedersaksen) Kategory:Plak yn East-Fryslân Kategory:Gemeente yn East-Fryslân Kategory:Plak yn Nedersaksen Kategory:Gemeente yn Nedersaksen