Latécoère 631 275px Rol Passazjiersfleanmasine Makker Groupe Latécoère Untwerper Pierre-Georges Latécoère Earste flecht 4 novimber 1942 Tal makke 10 + 1 prototype De Latécoère 631 wie in passazjiersfleanmasine (fleanboat), ornearre foar transatlantyske flechten, boud by Latécoère yn Frankryk. Doetiids wie it folslein metalen tastel de grutste fleanmasine ea boud. It type wie gjin súkses, wie net te betrouwen en koe ekonomysk net út. Fiif fan de alve tastellen dy't makke waarden giene by in ûngemak ferlern en ien waard ferneatige by in bombardemint yn de Twadde Wrâldoarloch.
Technyske feiten Feiten Bemanning 5-6 Lading 46–70 passazjiers of 9270 kg Lingte 43,50 m Spanwiidte 57,40 m Hichte 10,10 m Djipgong 1,75 m by 70 ton Fleugeloerflak 350 m² Leechgewicht 32.332 kg Startgewicht max. 71.350 kg Krúsfaasje 320 km/o Heechste faasje 405 km/o Fleanberik 6.000 km Oandriuwing seis stjermotoren Wright Cyclone 2699-A5B fan 1191 kW (1600 hk) it stik
Keppelings om utens LAté-631 on Geneva lake (1948) Newsreel footage of the second aircraft Fotos op seawings.co.uk
Kategory:Fleanboat Kategory:Frânske ferkearsfleanmasine Kategory:Frânske wetterfleanmasine Kategory:Yntroduksje út 1942