thumb|Marilyn Manson by it Ynternasjonale Filmfestival fan Cannes, 2006 Marilyn Manson, pseudonym en alter ego fan Brian Hugh Warner (Canton, Ohio, 5 jannewaris 1969) is in Amerikaansk sjonger, songwriter, akteur en keunstskilder. Hy is de haadsjonger fan de band mei deselde namme (Marilyn Manson) en faaks it meast ferneamd fan syn lieten en albums dy't útbrocht waarden yn de 90-er jierren, lykas Antichrist Superstar (1996) en Mechanical Animals (1998), dy't him de namme fan kontroversjeel persoan besoargen mei in negative ynfloed op de jongerein. Manson hat nominearre west foar fjouwer Grammy Awards. De artystenamme Marilyn Manson is gearstald út de nammen Marilyn Monroe en Charles Manson.
Hy gie doe't er 18 wie oer nei Fort Lauderdale (Florida), dêr't er as muzyksjoernalist oan 't wurk gie. Troch dy baan krige er kunde oan Trent Reznor, de sjonger fan Nine Inch Nails, dy't him letter noch helpe soe. Yn 1989 rekke Manson befreone mei gitarist en ferskoveling fan de mienskip Scott Mitchell; sy besletten ta it oprjochtsjen fan band, "Marilyn Manson and the Spooky Kids", wat letter gewoan "Marilyn Manson" waard.
Manson hat in lange relaasje hân mei aktrise Rose McGowan en wie ien jier boaske oan it neakenmodel Dita Von Teese, dy't ein 2006 in fersyk ta skieden yntsjinne. Ek syn ferkearing mei aktrise Evan Rachel Wood rûn yn 2010 op 'e non. Manson is dwaande mei in earste film dêr't ersels it skript foar skreaun hat en dy't er sels regissearje sil: Phantasmagoria: The Visions of Lewis Carroll.
Filmografy Lost Highway (1997) "Groupie" (Unreleased) Celebrity Deathmatch (1998) Jawbreaker (1999) Clone High (2002) Bowling for Columbine (dokumintêre, 2002) The Hire: Beat the Devil (2003) Party Monster (2003) The Heart Is Deceitful Above All Things (2004) Area 51 (2005) Rise: Blood Hunter (2006) Tim and Eric Awesome Show, Great Job! (2010) Splatter Sisters (net útbrocht) Born Villain (2011) Wrong Cops (2012) Californication (2013) Celebrity Ghost StoriesMarilyn Manson - Ancient Text: Celebrity Ghost Stories Full Episodes and Videos; Biography.com, Eastbound & Down (2013) Once Upon a Time (TV series) (2013) Peter Pan's Shadow Phantasmagoria: The Visions of Lewis Carroll (ôfsein) Sons of Anarchy (2014) (Ron Tully) Let Me Make You a Martyr (2016) (Paus) Salem (2016–2017) (Thomas Dinley) The New Pope (2020) The New Mutants (2020) Stim fan de Laitsjende man American Gods (2021) Johan Wengren
Boeken The Long Hard Road Out of Hell (autobiografy). New York: HarperCollins division ReganBooks, 1998 ISBN 0-06-039258-4. Holy Wood. New York: HarperCollins division ReganBooks, net útjûn. Genealogies of Pain. Nuremberg: Verlag für moderne Kunst Nürnberg, 2011 ISBN 3-86984-129-X. Campaign''. Calabasas: Grassy Slope Incorporated, 2011 ASIN B-00-5J24ZH-S.
Diskografy Albums Album Utbrocht op Band Single(s) Portrait of an American Family19 july 1994Marilyn MansonGet Your Gunn,LunchboxAntichrist Superstar8 oktober 1996The Beautiful People,TourniquetMechanical Animals15 septimber 1998The Dope Show,I Don't Like the Drugs (But the Drugs Like Me),Rock Is DeadThe Last Tour on Earth12 novimber 1999Holy Wood(In the Shadow of the Valley of Death)11 novimber 2000Disposable Teens,The Fight Song,The NobodiesThe Golden Age of Grotesque7 maaie 2003Mobscene,This Is the New ShitEat Me, Drink Me15 juny 2007Heart-Shaped Glasses (When the Heart Guides the Hand),Putting Holes in HappinessThe High End of Low20 maaie 2009We're from America,Arma-goddamn-motherfuckin-geddonBorn Villain25 april 2012No Reflection,Slo-Mo-TionThe Pale Emperor15 jannewaris 2015Third Day of a Seven Day Binge,Deep Six,Cupid Carries a GunHeaven Upside Down6 oktober 2017We Know Where You Fucking Live,Kill4MeWe Are Chaos11 septimber 2020We Are Chaos,Don't Chase the DeadOne Assassination Under God - Chapter 12024
Kategory:Amerikaansk sjonger Kategory:Amerikaansk muzikant Kategory:Amerikaansk gitarist Kategory:Amerikaansk metalartyst Kategory:Amerikaansk lietsjeskriuwer Kategory:Amerikaansk filmregisseur Kategory:Amerikaansk filmakteur Kategory:Amerikaansk keunstskilder Kategory:Amerikaansk autobiograaf Kategory:Amerikaansk persoan fan Dútsk komôf Kategory:Amerikaansk persoan fan Ingelsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1969