Martine Letterie (Amsterdam, 12 desimber 1958) is in Nederlânsk skriuwster fan berne- en jeugdboeken.

Biografy Letterie groeide op yn Voorburg. Har heit is de byldhouwer Frank Letterie. Nei de middelbere skoalle studearre se Nederlânsk yn Utert. Yn 1985 studearrre se ôf mei as haadfak Midnederlânske letterkunde. Nei har stúdzje wie se tolve jier learares Nederlânsk yn Sutfen en Doetinchem op ferskate skoaltypes. Se joech les oan in mafû, hafû, fwû, MEAO en de lêste fjouwer jier oan in PABO. Dêrneist skreau se in soad skoalboeken en wurke se mei oan Tikker en Bumper, tydskriften oer jeugdliteratuer.

Yn 1996 ferskynde har earste berneboek. En yn 1997 hold Letterie op mei lesjaan en bleau allinnich noch mar skriuwen. Se skriuwt benammen histoaryske berneboeken, dy't basearre binne op wier barde ferhalen. In searje boeken is basearre op de histoaryske figuer Bearn fan Hackfort. De boeken beskriuwe de (fiktive) bernejierren fan Bearn.

In oantal boeken fan Martine Letterie binne yn it Dútsk oerset, ûnder oaren Robin und die schwarzen Ritter, Robin und das gefährliche Turnier, Rätselhafte E-mails für Tim en Kinder mit Stern.

Yn 2018 hold Letterie de Bill Minco-lêzing.

Bibliografy ûnder oare: Focke en het geheim van Magnus, Leopold, 1999 Myn twadde Fryske Van Dale, Van Dale, 2008 Oorlog zonder vader, Leopold, 2008 Bommen op ons huis, Leopold, 2009 Brugklassers!, Ploegsma, 2009 y.g.m. Karel Eykman en Caja Cazemier Familiegeheim, 2011, y.g.m. Caja Cazemier Over vroeger en nu, 50 ferhalen by de Ned.kanon, 2012 y.g.m. Agave Kruijssen en Janny van der Molen Keerzijde, 2014, y.g.m. Caja Cazemier Dwars door de storm, 2014, y.g.m. Karlijn Stoffels Waar is Kik, 2014 Zwijsen Piet en Riet hebben een geheim, 2014 Zwijsen Eenzaam in de oorlog, 2015 Leopold Melk aan een boom?, 2015 Zwijsen De genen van mijn vader, 2015, Prometheus, Bert Bakker Kinderen met een ster, 2016 Leopold, bekroand mei in Zilveren Griffel yn 2017 Nooit meer thuis, Leopold, 2017 Made by Indira, yn 'e mande mei Caja Cazemier, Ploegsma, 2018 Verboden te vliegen, Leopold, 2019 Wij waren erbij, Leopold, y.g.m. oaren, 2019 Wij blijven bij elkaar, Leopold, 2020 Waarom de maan verdwijnt, Leopold, 2021 Bang in het donker, Zwijsen, 2022 Hoor je mij?, tegearre mei Caja Cazemier, Ploegsma, 2022 Kinderen van ver, Leopold, 2022 De vermeende verzetsman, Omniboek, 2023 Ze kwamen ons halen, Leopold, 2024 Wij woonden hier, Leopold, 2025

Keppelings om útens Webstee fan Martine Letterie

Kategory:Nederlânsk ûnderwizer Kategory:Nederlânsk letterkundige Kategory:Nederlânsk berneboekeskriuwer Kategory:Nederlânsk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Nederlânsk publisist Kategory:Persoan berne yn 1958