thumb|Arthur Wellesley, 1e hartoch fan Wellington, troch Francisco Goya Arthur Wellesley, 1e hertog fan Wellington (Mornington House, Dublin, 1 maaie 1769 – Walmer Castle by Dover, 14 septimber 1852), mei de bynamme Izeren Hartoch, wie in Britsk-Iersk militêr oanfierder en letter steatsman fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Ierlân. Hy fersloech Napoleon yn de Slach by Waterloo (1815).
Wellesley, burggreve (1809), greve (febrewaris 1812), markys (oktober 1812) en sûnt 1814 hartoch fan Wellington, wie befelhawwer fan de Britske troepen yn de Spaanske Unôfhinklikensoarloch (1808 – 1814). Hy tsjinne ek as premier fan it Feriene Keninkryk fan 1828 oant 1830.
Under mear waard de haadstêd fan Nij-Seelân, Wellington, nei him ferneamd. Teffens krige it gerjocht Beef Wellington syn namme en ek de Wellington boots ("Wellies"), de Ingelske oantsjutting foar rubberlearzens.
Kategory:Ierske adel Kategory:Iersk generaal Kategory:Iersk diplomaat Kategory:Iersk politikus Kategory:Iersk parlemintslid (foar 1801) Kategory:Ingelske adel Kategory:Ingelsk generaal Kategory:Ingelsk diplomaat Kategory:Ingelsk politikus Kategory:Britsk militêr yn de Napoleontyske Oarloggen Kategory:Lid fan it Britske Legerhûs Kategory:Britsk minister fan Bûtenlânske Saken Kategory:Hartoch Kategory:Iersk persoan fan Ingelsk komôf Kategory:Ingelsk persoan fan Iersk komôf Kategory:Persoan berne yn 1769 Kategory:Persoan stoarn yn 1852