Dorothea Adriana Maria Koen-Ketelaar (Amsterdam, 9 desimber 1925 - 25 augustus 2026) wie in earder Nederlânsk omropster dy't jierrenlang foar de NCRV wurke hat.
Ynearsten woe se balletdûnseresse wurde, mar troch de Twadde Wrâldoarloch koe dat neat wurde. Fia har man Peter Koen kaam se ein jierren fjirtich by de radio telâne. Yn 1951 die se in screentest foar tillefyzje en waard se omropster. Sy gie ûnder mear mei kollega-omroppers nei eveneminten en waard ek frege foar iepeningen en moadeshows.
Nei de ein fan har omropperioade yn 1962 presintearre se programma's sa as Dier en vriend en Wie wil er mijn marmotje zien. Letter wie hja panellid yn Zo Vader, Zo Zoon en die ek mei oan 'Springtrofee'.
Tanja Koen wie lid fan de klub fan de ‘Gouden Meiden’, dy't 1985 troch kollega-omropster Karin Kraaykamp oprjochte is. Yn 1977 waard Koen beneamd ta Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau.
Kategory:Nederlânsk telefyzjepresintator Kategory:NCRV-wurknimmer Kategory:Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau Kategory:Persoan berne yn 1925 Kategory:Persoan stoarn yn 2026