Jan Greshoff (Nieuw Helvoet, 15 desimber 1888 – Kaapstêd, 19 maart 1971) wie in Nederlânsk sjoernalist en auteur waans namme fral klank krige as dichter en kritikus.

Biografy Greshoff wie fan 1908 ôf oan sjoernalist, ûnder oare by it Dagblad van Zuid-Holland en 's Gravenhage en foar it wykblêd De Hofstad. Yn 1916 kaam er op de keunstredaksje fan De Telegraaf. Fan 1920 oant 1923 wie er haadredakteur fan de Nieuwe Arnhemse Courant. Dêrnei waard er freelancer.

Lumen, in bondel ferzen basearre op in balletsenario wie Grshoff syn literêre debút. Der soene noch in protte fan folgje, lykas Aardsch en Hemelsch (1926) en Ikaros bekeerd (1938). Syn ferneamdste gedicht is "Liefdesverklaring".

Yn Afscheid van Europa (1969) sjocht Greshoff werom op syn (literêre) libben en syn protte bekende freonen, sa as in Adriaan Roland Holst, J.C. Bloem en J. Slauerhoff. De roman Kaas fan Willem Elsschot waard opdroegen oan Greshoff.

De measte boeken fan Jan Greshoff waarden útjûn trochr A.A.M. Stols. De wiidweidige briefwikseling tusken Greshoff en Stols waard yn 1990 útjûn troch it Nederlânsk Letterkundich Museum.

Greshoff wenne lange tiid yn België en yn syn hûs 'Huis De Grashof' by Kaapstêd, Súd-Afrika. Hy stoar dêre yn de âldens fan 82 jier.

Bibliografy (ûnfolslein) 1909 - Aan den verlaten vijver 1910 - Door mijn open venster... 1910 - Edelsmid (oer G.H. Lantman) 1918 - Latijnsche lente 1924 - De ceder 1924 - Mengelstoffen o.h. gebied der Fransche Letterkunde 1925 - Dichters in het koffyhuis (ûnder pseudonym Otto P. Reys) 1925 - Sparsa 1925 - Geschiedenis der Nederl. letterk. (mei J. de Vries) 1926 - Aardsch en hemelsch 1926 - Zeven gedichten 1927 - De Wieken van den Molen 1929 - Bij feestelijke gelegenheden 1928 - Confetti 1930 - Currente calamo 1931 - Spijkers met koppen 1932 - Janus Bifrons 1932 - Mirliton 1932 - Voetzoekers 1933 - Pro domo 1934 - Arthur van Schendel 1936 - Critische vlugschriften 1936 - Gedichten, 1907-1936 1936 - Rebuten 1938 - Ikaros bekeerd 1938 - In alle ernst 1939 - Steenen voor brood 1941 - Fabrieksgeheimen 1943 - Muze, mijn vriendin 1944 - Catrijntje Afrika 1944 - Het spel der spelen 1948 - Zwanen pesten 1948 - Gedichten 1948 - Legkaart 1950 - Het boek der vriendschap 1950 - Grensgebied 1955 - Marnix Gijsen (mei R. Goris) 1956 - Volière 1956-1958 - De laatste dingen 1957 - Bric à brac 1958 - Menagerie 1958 - Nachtschade 1958 - Pluis en niet pluis 1964 - Wachten op Charon 1967 - Verzamelde gedichten 1907-1967 1968 - Wind wind 1969 - Afscheid van Europa

Prijzen 1927 - Priis fan Amsterdam 1966 - Constantijn Huygenspriis (1966)

Keppeling om utens Profyl yn de DBNL

Kategory:Nederlânsk literatuerkritikus Kategory:Nederlânsk sjoernalist Kategory:Nederlânsk dichter Kategory:Nederlânsk autobiograaf Kategory:Persoan berne yn 1888 Kategory:Persoan stoarn yn 1971