Haye van der Heyden (wiere namme folút: Jeroen Haye Michael van der Heijden; Bilthoven, 20 febrewaris 1957), is in Nederlânsk kabaretier, akteur, toanielregisseur en skriuwer fan toanielstikken, romans en berneboeken. Hy is in tige alsidich man, dy't ek as presintator, sjonger, muzikant en publisist aktyf west hat.

Libben Van der Heyden waard yn 1957 berne yn Bilthoven. Nei't er de middelbere skoalle ôfrûne hie, studearre er in pear jier Nederlânske taal- en letterkunde oan ’e Ryksuniversiteit Utert. Syn teäterkarriêre begûn er by it bernetillefyzjeprogramma De Film van Ome Willem, wêryn't er wurksum wie as clown en basgitarist. Dêrnei rjochte er mei û.o. Erik Brey it kabaretselskip Purper op, dêr't er fiif jier oan ferbûn bleau. Letter ûntjoech Van der Heyden him op ferskillende terreinen; sa song er de bas yn ferskate close harmony-groepen, died er oan alderlei foarmen fan kabaret en wurke er mei er yn it satiryske radio- en tillefyzjeprogramma Binnenlandse Zaken. As akteur spile er yn Laat Maar Zitten, in komeedzjesearje by de VARA, dy't sitewearre wie yn in tichthûs op in eilân. Mei dy rol (fan 'e wat ûnnoazele oanjouwer fan Johnny Kraaijkamp sr.) waard Van der Heyden bekend by it bredere publyk.

Underwilens wied er ek begûn mei it skriuwen fan toanielstikken. Op dat mêd briek er yn 1989 troch mei it stik Jaloezieën, dat him besjen lit as in krityk op 'e Nederlânske lytsboargerlikheid. Van der Heyden wûn foar syn stikken trije kear de wichtige Visser-Neerlandiapriis, yn 1980 foar Drie Jongens, Drie Meisjes, yn 1989 foar Jaloezieën, en yn 2002 foar Gouwe Handjes, in stik dat er spesjaal foar syn freon Johnny Kraaijkamp skreaun hie. Oare stikken skreau er spesifyk foar Anne Wil Blankers, Piet Römer, Edwin de Vries, Nelly Frijda en syn skoanheit Allard van der Scheer. Trije fan syn stikken binne yn it Frysk oerset troch Jikke de Haan. Van der Heyden hat tsjintwurdich in eigen komeedzjetoanielselskip, Mussen en Zwanen, dêr't er ek geregeldwei as regisseur foar wurksum is.

Fan 1990 ôf begûn Van de Heyden njonken syn toaniel- en kabaretwurk ek senario's foar de tillefyzje te skriuwen, û.m. foar komeedzjesearjes as In de Vlaamsche Pot, Kees & Co. en Kinderen Geen Bezwaar, en foar dramarigen as Baantjer (ûnder it pseudonym Pieke Daalders) en Bloedverwanten. Fierders presintearre er yn 2000 de ynteraktive kwis Webstrijd, en wied er ferskate jierren lang haad fan 'e ôfdieling Research and Development fan John de Mol Producties. Yn dy lêste hoedanichheid wie hy it dy't it realityprogramma Big Brother syn namme besoarge.

Op persoanlik mêd hie Van der Heyden begjin njoggentiger jierren in yn 'e rabbersblêden breed útmetten relaasje mei de jong ferstoarne aktrise en presintatrise Sylvia Millecam. Letter troude er mei Veronique van der Scheer, de dochter fan akteur Allard van der Scheer. Van der Heyden is de broer fan sjoernalist en publisist Chris van der Heijden.

Wurk (in kar) Literatuer toanielstikken (rom 20) 1980 – Drie Jongens, Drie Meisjes 1989 – Jaloezieën 1995 – Mussen en Zwanen 20px Fryske oersetting: Mosken en Swannen (fert. Jikke de Haan, 2006) 2002 – Gouwe Handjes 2003 – Vogels 20px Fryske oersetting: Fûgels (fert. Jikke de Haan, 2004) 2006 – Vaders 20px Fryske oersetting: Heit Wêze (fert. Jikke de Haan, 2009) romans (4) 1992 – Jij Bent Steeds een Ander 1995 – Het Oor van Van Gogh 2002 – Ooo, Wat Is het Fijn om Getrouwd te Zijn 2004 – Verwarring berneboeken (rom 20) 1994 – Kusjes 1995 – Zoenen 1996 – Strelen 1997 – Vrijen 1998 – Liefde 2000 – Proost, Lover! 2001 – De Verboden Vriend 2005 – Het Geheim van de Maffiamoeder 2006 – Gered 2007 – Het Geheim van de Ontvoering oare publikaasjes 2007 – Wie Schrijft Die Blijft (Bezig) (in boek oer skriuwen)

Senario's mear as 300 ôfleverings fan telefyzjekomeedzjesearjes, wêrûnder 1990 – In de Vlaamsche Pot 2003-2012 – Kinderen Geen Bezwaar 2004-2006 – Kees & Co. 2009 – Suzanne en de Mannen en dêropta noch tsientallen ôfleverings fan dramasearjes, û.o. 1995 – Baantjer 1993-1994 – Diamant 2010 – Bloedverwanten

Prizen toaniel 1980 – de Visser-Neerlandiapriis, foar Drie Jongens, Drie Meisjes 1989 – de Visser-Neerlandiapriis, foar Jaloezieën 1991 – de Johan Kaartpriis, foar Jaloezieën. 2002 – de Visser-Neerlandiapriis, foar Gouwe Handjes berneboeken 1996 – de tip fan 'e Nederlânske Bernesjuery, foar Zoenen 1997 – de Priis fan de Nederlânske Bernesjuery, foar Strelen 1999 – de tip fan 'e Jonge Sjuery, foar Vrijen 2000 – de tip fan 'e Jonge Sjuery, foar Vrijen

Keppelings om utens Folsleine filmografy fan Haye van der Heyden yn 'e Internet Movie Database (IMDb)

Kategory:Nederlânsk romanskriuwer Kategory:Nederlânsk toanielskriuwer Kategory:Nederlânsk berneboekeskriuwer Kategory:Nederlânsk senarioskriuwer Kategory:Nederlânsk publisist Kategory:Skriuwer fan wa't ien of mear wurken yn it Frysk oerset binne Kategory:Nederlânsk kabaretier Kategory:Nederlânsk sjonger Kategory:Nederlânsk muzikant Kategory:Nederlânsk toanielakteur Kategory:Nederlânsk telefyzje-akteur Kategory:Nederlânsk toanielregisseur Kategory:Nederlânsk telefyzjepresintator Kategory:Persoan berne yn 1957