Suncadia is in pland gemeentefrije plak yn Kittitas County yn de Amerikaanske steat Washington en omfiemet in oerflak fan 25 km². It leit sa'n 130 km eastlik fan Seattle yn it Cascadesberchtme. It leit tusken de plakken Cle Elum en Roslyn.
Foar útfiering fan it projekt wurdt gearwurke tusken Jeld-Wen en Lowe Enterprises. As it projekt fan $1 miljard ree is, sil it bestean út in berchhut foar gearkomsten, in doarpssintrum mei winkels en restaurants, in waarmwetterboarne, in sportsintrum mei binnen- en bûtenswimbadden, in iepenloft-amfiteater, in mar ornearre foar rekreaasje foar simmer en winter, 2000 wenten en 3 golfparken. 2 golfparken binne sûnt 2006 ree.
Rom 500 frijsteande huzen binne sûnt 2004 al ferkocht en hat $125 miljoen opbrocht.
In oerflak fan 5 km² oan de rivier de Cle Elum bliuwt frij foar iepen romte is frij tagonklik.
Keppeling om utens Offisjele webside Loftfoto fan Suncadia en Roslyn, fan RIDGE's webside
Kategory:Plak yn Washington Kategory:Plak yn Kittitas County (Washington) Kategory:Plak stifte yn de 21e iuw