De Bile Leit ûnder de Beam, yn it oarspronklike Noarsk: Under Treet Ligg Øksa, is in toanielstik yn fjouwer bedriuwen fan 'e hân fan 'e Noarske skriuwer, dichter, toanielskriuwer, akteur en teäterdirekteur Tormod Skagestad (1920-1997). Under Treet Ligg Øksa waard foar it earst publisearre yn 1955.
De 77 siden tellende Fryske oersetting ferskynde yn 1959, ûnder de titel De Bile Leit ûnder de Beam. Dy fertaling wie fan 'e hân fan yngenieur Ale Kerkhof (1898-1969), dy't ek ferantwurdlik wie foar de earste Fryske oersetting fan It Poppehûs, fan 'e grutte Noarske toanielskriuwer Henrik Ibsen. De Bile Leit ûnder de Beam waard yn in bewurking troch L. de Hoop fan Naarden útbrocht by útjouwerij De Terp te Ljouwert.
Kategory:Trageedzje (toanielstik) Kategory:Noarsktalich toanielstik Kategory:Toanielstik út 1955 Kategory:Fryske oersetting