Ale Kerkhof of Alle J. Kerkhof (1898-1969) wie in Frysk yngenieur en oersetter, dy't ferskate toanielstikken út it Noarsk nei it Frysk ta oerbrocht hat. (It Lyts Hânboek fan de Fryske Literatuer sprekt fan "Ale Kerkhof", wylst it digitaal argyf fan Tresoar it hat oer "Alle J. Kerkhof".)

Wurk ● 1928 - Poppethús (nei Et Dukkehjem, fan Henrik Ibsen; foar in diel publisearre yn it tydskrift De Holder) ● 1956 - It Poppehûs (nei Et Dukkehjem, fan Henrik Ibsen; op 'e nij besjoene ferzje mei oare titel; yn syn gehiel publisearre) ● 1957 - De Bile Leit ûnder de Beam (nei Under Treet Ligg Øksa, fan Tormod Skagestad)

Kategory:Frysk yngenieur Kategory:Frysk oersetter Kategory:Oersetter nei it Frysk Kategory:Persoan berne yn Fryslân (berteplak ûnbekend) Kategory:Persoan stoarn yn Fryslân (stjerplak ûnbekend) Kategory:Persoan berne yn 1898 Kategory:Persoan stoarn yn 1969