Jessie Volt, echte namme mooglik: Jessie Voft (ûnwis) (Bordeaux, 29 maart 1990), is in Frânsk pornografysk aktrise, wa har artystenamme oft ek wol (mis)stavere wurdt as Jessy Volt (mei in "y"). Neffens har offisjele opjefte is se 1.56 m, mei in gewicht fan 50 kg en kupmaat 32B.
Libben en karriêre Volt is hikke en tein yn it Frânske Bordeaux. Yn 2010 makke se har debút yn in pornografyske film, en sûnt hat se neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) yn 69 pornofilms spile, wêrûnder ek guon foar de foaroansteande Amerikaanske labels Evil Angel, Digital Playground, Pure Play Media, Jules Jordan Video, West Coast Productions en Adam & Eve. Teffens hat se wurke foar Jeropeeske studio's fan namme, lykas it Sweedske Private, en it Frânske Vidéo Marc Dorcel en Woodman Entertainment. Dêrmei hat Volt yn 2012 in Spaanske Galaxy Award wûn foar bêste Jeropeeske aktrise, en ek hat se trijeris nominearre west foar in Amerikaanske AVN Award, in priis dy't wol beskôge wurdt as de Oskar fan 'e pornowrâld. Volt hat fierders in byrol yn 'e Frânske mainstream-dramafilm GHB: To Be or Not To Be, fan regisseur Laetitia Masson, dy't útkomme sil yn 2014.
Prizen en nominaasjes Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn2012AVN Awardnominearrebûtenlânsk artyste fan it jiern.f.t.Galaxy Awardwûnbêste artyste (Jeropa)n.f.t.Urban X Awardnominearrebêste anale sekssêne (mei Bobbi Star en Sean Michaels)Anal Buffet 7nominearrebêste triosekssêne f/f/m (mei Bobbi Star en Sean Michaels)Anal Buffet 72013AVN Awardnominearrebêste sekssêne yn in bûtenlânske produksje (mei 11 oaren)Brazzers Worldwide: Budapestnominearreartyste fan it jiern.f.t.Xbiz Awardnominearrebêste sekssêne yn in fynjetpublikaasje (mei Bruce Venture)My Sister's Hot Friend 25
Keppelings om utens Offisjele webside fan Jessie Volt Biografy en filmografy fan Jessie Volt yn 'e Internet Movie Database (IMDb) Biografyske gegevens en filmografy fan Jessie Volt yn 'e Internet Adult Film Database (IAFD)
Kategory:Frânsk froulik pornoakteur Kategory:Frânsk filmakteur Kategory:Persoan berne yn 1990