Nieuwe Revu is in Nederlânsk wykblêd. It tydskrift is sûnt 2001 eigendom fan útjouwerij Sanoma Men's Magazines. It blêd wie yn 1968 de fuortsetting fan Revue en de Katholieke Illustratie en gkrige doe de nije namme Nieuwe Revu.

Yn it earstoan woe it in famyljewykblêd wêze ûnder de haadredaksje fan Albert Welling. Mids jierren santich keas Nieuwe Ruvue ûnder haadredakteur Ton van Dijk foar in dúdlike linkse en rebelske koers, ûnder it motto 'sosjalisme, seks en sensaasje'. De grutste rebûlje wêr't it blêd yn dy tiid by belutsen wie (1976), wie it fersnipeljen - fanwege útjouwerij VNU - fan it krystnûmer. Dat nûmer hie fragminten fan âlde krysttaspraken fan keninginne Juliana, ferluchtige mei artistyke neakenfot's fan manlju en froulju.

De jierren '80 waard Nieuwe Revu serieuzer fan toan en krige it skaaimerken fan in folwoeksen opinywykblêd. Yn 2005 presintearre it blêd ek foar it earst koarte fideo-ynterviews op sy webstee.

Juny 2008 makke haadredakteur Altan Erdogan bekend dat it blêd fan wike 27 ôf oan wer 'Revu' hjitte soe ynstee fan 'Nieuwe Revu'. De 'e' uit de oarspronklike titel ('Revue') kaam lykwols net werom. Op 1 july 2008 is de namme Nieuwe Revu yndie feroare yn Revu. Wilens is de titel, yn it ramt fan in restyling, wer feroare yn 'Nieuwe Revu'.Revu is weer Nieuwe Revu.

De oplage fan Nieuwe Revu sakke yn de jierren tachtich en njoggentich fan 219.000 (1980) nei 111.084 (2000) en sakke dêrnei noch flugger nei 40.415 (2010).

Haadredakteuren 1968-1975: Albert Welling 1975: Jaap Velt 1975 - 1977: Ton van Dijk 1977 - 1982: Hans Wilbrink, Hans Waleveld, Ger Ackermans, Fons Burger en Derk Sauer 1982 - 1989: Derk Sauer 1989 - 2000: Hans Verstraaten 2001 - 2004: Jildou van der Bijl 2004 - 2005: Mark Koster 2005 - 2006: Hans Verstraaten 2006 - 2007: Jan Paul de Wildt 2007 - 2008: Fred Sengers (adjunkt haadredakteur) 2007 - 2010: Altan Erdogan maart 2010 - juny 2011: Frans Lomans juli 2011 - febrewaris 2012: Gert-Jaap Hoekman en Willem Uylenbroek juni 2012 - april 2015: Erik Noomen april 2015 - no : Marijn Schrijver

Oplagesifers neffens HOI, Ynstitút foar Media Auditing. 1968: 280.000 1969: 213.000 1970: 206.089 1971: 181.497 1973: 183.443 1974: 166.466 1977: 189.678 1978: 203.745 1979: 217.304 1980: 219.332 1990: 163.374 2000: 111.084 2005: 70.208 2006: 68.562 (-2,3%) 2007: 64.360 (-6,1%) 2008: 63.439 (-1,4%) 2009: 46.619 (-26,5%) 2010: 40.415 (-1,3%) 2011: 34.589 (-14,4%) Gecertificeerde jaarcijfers HOI 2011 2012: 32.529 (-6,0%) Gecertificeerde jaarcijfers HOI 2012 2013: 23.807 (-26,8%)

Kategory:Nederlânsk opinyblêd Kategory:Nederlânsktalich tydskrift Kategory:Krante of tydskrift oprjochte yn 1968