Albert Helman (wiere namme: Lodewijk "Lou" Alphonsus Maria Lichtveld; Paramaribo, 7 novimber 1903 – Amsterdam, 10 july 1996) wie in Surinaamsk-Nederlânsk skriuwer fan romans en berneboeken, toanielskriuwer, dichter, essayist, literatuerkritikus, oersetter, komponist, sjoernalist, taalkundige, histoarikus en politikus. Under de Twadde Wrâldoarloch wied er aktyf as fersetsstrider. Neitiid kearde er werom nei syn heitelân Suriname, dêr't er fan 1949 oant 1951 minister wie.
Libben Helman waard berne yn it begoedige fermidden fan 'e kleure Surinaamske elite, en wie foar in part fan Yndiaansk komôf. Mei tolve jier waard er yn 1915 nei Nederlân ta stjoerd om oan it ynternaat fan it roomske Lyts Seminaarje, te Roermond, foar preester te learen. Dat waard lykwols gjin súkses, en Helman kearde werom nei Suriname, dêr't er in muzykoplieding folge en neitiid wurk fûn as oargenist en komponist.
Yn 1922 kaam er wer yn Nederlân om musikology te studearjen. Nei't er syn stúdzje ôfrûne hie, krige er wurk as sjoernalist en muzykresinsint. Hy sleat him doe oan by in espel jonge roomske yntellektuëlen dy't groepearre wiene om it tydskrift De Gemeenschap hinne. Fan dat blêd wie Helman fan 1925 oant 1931 redaktuer. Letter soed er him lykwols fan 'e tsjerke ôfkeare. Yn 1980 skreau er Vriend Pieter, in biografy fan 'e mûnts Pieter van der Meer de Walcheren, dy't de lieder fan it groepke roomske yntellektuëlen wie. Dat boek foarmet oan 'e iene kant in útlis wêrom't harren wegen har op in stuit skaten, mar is tagelyk ek in tsjûgenis dat soks freonskip net yn 'e wei hoecht te stean.
As skriuwer debutearre Helman yn 1926 mei Zuid-Zuid-West, in roman oer Suriname en de ferwaarleazging en útrûpeling fan dat lân troch de Nederlânske kolonisators. De Stille Plantage, út 1931, dat wierskynlik Helman syn bekendste boek is, hat in ferlykber tema: in sakeman fan hugenoatsk komôf keapet in fertutearze slaveplantaazje yn it Surinaamske binnenlân mei as doel om oan te toanen dat men sa'n bedriuw ek op ferljochte wize liede kin; troch tsjinwurking fan oare blanken mislearret syn plan lykwols jammerdearlik. Njonken romans skreau Helman ek withoefolle essay's, gedichten en ferskate berneboeken. Teffens skreau er de muzyk foar de film Regen (1929), fan Joris Ivens.
Yn 1932 ferfear Helman nei Spanje, dêr't er oan 'e republikeinske kant meifocht yn 'e Spaanske Boargeroarloch. Foar de kranten NRC en De Groene Amsterdammer skreau er ferslaggen oer de oarloch, wêryn't er him fûleindich tsjin 'e faksisten fan generaal Francisco Franco kearde. Tsjin 1937 wie syn sitewaasje yn Spanje fanwegen dy artikels sa nuodlik wurden dat er it lân ûntflechtsje moast. Hy sette nei Meksiko ta, mar yn 1939 kearde er werom yn Nederlân, dêr't er him it lot oanloek fan 'e Joadske flechtlingen út Dútslân wei. Foar it Comité voor Bijzondere Joodsche Belangen skreau er doe it boek Millioenen-leed.
Doe't Nederlân yn 1940 troch de Dútsers beset waard, moast Helman frijwol daliks ûnderdûke; syn antyfaksistyske sympatyen wiene sa bekend dat er oars foar syn libben freezje moast. Hy waard aktyf yn it ferset, benammentlik as ferfalsker fan persoansbewizen en skriuwer fan fersetsfersen. Hy publisearre yn it yllegale blêd Vrije Kunstenaar, en kaam yn 'e redaksje dêrfan as de opfolger fan de byldhouwer Gerrit van der Veen, dy't yn 1941 oppakt waard (en oer wa't er yn 1977 in biografy skriuwe soe). Letter wied er ek lid fan 'e Grutte Rie fan de Yllegaliteit.
Nei de oarloch kearde er werom nei Suriname, dêr't er fan 1949 oant 1951 lânsminister fan Folkûntwikkeling en lânsminister fan Folkssûnens wie. Letter ferfolle er noch withoefolle oare funksjes, lykas foarsitter fan 'e Rekkenkeamer fan Suriname en direkteur fan it Buro Folkslektuer. Yn 1961 waard er as folmachtige minister ferbûn oan 'e Nederlânske ambassade yn Washington, D.C., en waard opnommen yn 'e delegaasje fan it Keninkryk fan 'e Nederlannen by de Feriene Naasjes yn New York, spesifyk foar it behertigjen fan 'e Surinaamske belangen.
Nei syn pinsjonearring fêstige er him earst op it Karibyske eilân Tobago, dêrnei yn it Italjaanske Airole, en einlings yn Amsterdam-Buitenveldert, dêr't er yn 1996 yn 'e âlderdom fan 92 jier ferstoar. De lêste jierren wied er sawat blyn, mar dochs bleau er oant op hege jierren aktyf as skriuwer. Helman wie sûnt 1927 troud mei Leni Mengelberg (1903-1984), mei wa't er ûnder it dielde pseudonym Marion Bekker û.m. yn 1935 it itensiedersboek Kook Eens Iets Anders!, mei útlânske resepten, skreau. Hja hiene twa bern, de yllústratrise Noni Lichtveld en plastysk sjirurch Peter Lichtveld.
Wurk 1923 - De Glorende Dag (poëzij) 1926 - Zuid-Zuid-West 1927 - Van Pij en Burnous (mei Albert Kuyle) 1928 - Mijn Aap Schreit 1929 - Hart zonder Land 1930 - Serenitas 1931 - De Stille Plantage 1931 - Overwintering: Spel in Drie Bedrijven 1931 - Op Zoek naar de Spin 1931 - Wij en de Literatuur (essay) 1932 - Het Euvel Gods 1933 - De Geluidsfilm (essay) 1933 - Waarom Niet 1934 - Orkaan bij Nacht 1935 - De Dolle Dictator 1936 - Aansluiting Gemist 1936 - Ratten 1936 - De Kostbare Dood 1937 - ’s Mensen Heen- en Terugweg 1937 - De Sfinx van Spanje (essay) 1939 - Het Vergeten Gezicht 1941 - De Rancho der X Mysteries 1941 - Put der Zuchten, Oude en Nieuwe Spaanse Dichtkunst 1941 - Leef Duizend Levens: Inleiding tot het Lezen van Romans (essay) 1942 - De Dierenriem 1944 - Sebastiaan 1944 - Te Geef (fersen) 1945 - Suriname aan de Tweesprong (as Lou Lichtveld) 1945 - Ontsporing (poëzij) 1946 - Teutonenspiegel - Een Les in Literatuurgeschiedenis 1946 - Gerrit-Jan van der Veen: Een Doodgewone Held (essay) 1946 - Teutonenspiegel (essay) 1947 - Kleine Kosmologie 1947 - Omnibus 1949 - Afdaling in de Vulkaan 1949 - De Eeuwige Koppelaarster (essay) 1949 - Drie Liederen (poëzij) 1950 - Millioenen-leed 1952 - De Laaiende Stilte 1953 - De Medeminnaars 1953 - Mijn Aap Lacht 1954 - Spokendans 1956 - Rondom een Westindisch Passiespel 1958 - Suriname: Spiegel der Vaderlandse Kooplieden 1968 - Zaken, Zending en Bezinning 1974 - Over "Nationale" Letterkunde 1976 - Elf Facetten van Culturele Interactie in Suriname (essay) 1977 - De Levensgeschiedenis van Gerrit-Jan van der Veen 1902-1944 (biografy) 1977 - Facetten van de Surinaamse Samenleving 1977 - Cultureel Mozaïek van Suriname 1979 - Verzamelde Gedichten (poëzij) 1980 - Suriname: Spiegel der Vaderlandse Kooplieden (2de op 'e nij besjoene printinge) 1980 - Het Eind van de Kaart (essay) 1980 - Vriend Pieter: Het Levensavontuur van Pieter van der Meer de Walcheren (biografy) 1982 - Semi-finale, Verzen (poëzij) 1982 - Avonturen aan de Wilde Kust: De Geschiedenis van Suriname met zijn Buurlanden 1982 - Gebed voor de Ezels en Andere Gedichten (poëzij) 1983 - Oroenoko (oersetting nei Aphra Behn, mei in neiwurd fan 104 siden oer Behn syn libben en wurken) 1983 - Waar is Vrijdag Gebleven? 1983 - De Foltering van Eldorado: Een Ecologische Geschiedenis van de Vijf Guyana's 1984 - Uit en Thuis: Over Reizen en hun Gevolgen 1984 - Hoofden van de Oayapok! 1985 - Wederkerige Portretten: Een Alternatieve Autobiografie 1986 - Het Vlas en de Beuk: Een Ware Fabel 1988 - Zusters van Liefde 1990 - Verdwenen Wereld: Verhalen en Schetsen uit Suriname 1992 - Mexico Zingt: Een Bloemlezing uit de Mexicaanse Lyriek sinds de 15de Eeuw 1993 - Peis Noch Vree 1994 - De G.G. van Tellus 1994 - Adyosi/Afscheid 1994 - Zomaar Wat Kinderen 1995 - Kroniek van Eldorado I: Folteraars Over en Weer 1995 - Kroniek van Eldorado II: Gefolterden zonder Verweer 1999 - Amor Ontdekt Aruba''
Kategory:Surinaamsk romanskriuwer Kategory:Surinaamsk berneboekeskriuwer Kategory:Surinaamsk toanielskriuwer Kategory:Surinaamsk essayist Kategory:Surinaamsk publisist Kategory:Surinaamsk itensiedersboekeskriuwer Kategory:Surinaamsk dichter Kategory:Surinaamsk oersetter Kategory:Surinaamsk literatuerkritikus Kategory:Surinaamsk taalkundige Kategory:Surinaamsk skiedkundige Kategory:Surinaamsk sjoernalist Kategory:Surinaamsk komponist Kategory:Surinaamsk politikus Kategory:Nederlânsk romanskriuwer Kategory:Nederlânsk berneboekeskriuwer Kategory:Nederlânsk toanielskriuwer Kategory:Nederlânsk essayist Kategory:Nederlânsk publisist Kategory:Nederlânsk itensiedersboekeskriuwer Kategory:Nederlânsk dichter Kategory:Nederlânsk oersetter Kategory:Nederlânsk literatuerkritikus Kategory:Nederlânsk taalkundige Kategory:Nederlânsk skiedkundige Kategory:Nederlânsk sjoernalist Kategory:Nederlânsk komponist Kategory:Nederlânsk fersetsstrider yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Surinaamsk-Kreoalsk persoan Kategory:Surinaamsk persoan fan Yndiaansk komôf Kategory:Nederlânsk persoan fan Surinaamsk komôf Kategory:Nederlânsk persoan fan Surinaamsk-Kreoalsk komôf Kategory:Nederlânsk persoan fan Yndiaansk komôf Kategory:Persoan berne yn 1903 Kategory:Persoan stoarn yn 1996