Gilles van (den) Rade, latinisearring: Aegidius Radaeus, (Gint, mids 16e iuw - Frjentsjer, 20er jierren 17e iuw) wie drukker en boekferkeaper yn Frjentsjer fan 1585 oant 1611.

Van den Rade kaam fan Antwerpen dêr't er op de drukkerij fan Plantijn en ek selsstannich wurke. Hy wie de earste akademydrukker (en Steatedrukker) fan Fryslân. Van den Rade syn wurk heart ta it bêste fan dy tiid. Hy hie in moai drukkersmerk. Syn soan Abraham en syn pakesizzers Jan en Piter hawwe besocht de tradysje fuort te setten yn Ljouwert en Grins, mar dat slagge harren net rjocht.

Keppeling om utens Wiidweidige biografy yn Nasjonaal Biografysk Wurdboek

Kategory:Súdnederlânsk drukker (foar 1830) Kategory:Súdnederlânsk útjouwer (foar 1830) Kategory:Flaamsk drukker Kategory:Flaamsk útjouwer Kategory:Frysk drukker Kategory:Frysk útjouwer Kategory:Frysk persoan fan Flaamsk komôf Kategory:Persoan stoarn yn Frjentsjer Kategory:Persoan berne yn de 16e iuw Kategory:Persoan stoarn yn de 17e iuw