thumb|Elisabeth Förster-Nietzsche om 1894 hinne Therese Elisabeth Alexandra Förster-Nietzsche (Röcken, 10 july 1846 – Weimar, 8 novimber 1935), wie de suster fan de ferneamde Dútske filosoof Friedrich Nietzsche en de makker fan it Nietzsche Argyf yn 1894.

Förster-Nietzsche wie twa jier jonger as har broer. Beide wiene bern fan in Lutersk predikant yn it Dútske doarp Röcken ûnder Lützen. Sy koene it goed meielkoar fine in harren jonkheid en adolesinsje, mar dat feroare yn 1885 doe't Elisabeth boaske mei Bernhard Förster, in earder learaar oan de middelbere skoalle dy't in fanatyk antisemyt wie. Friedrich Nietzsche moast neat hawwe fan antisemitisme.

Nueva Germania Bernhard Förster woe in 'suvere' Aryske delsetting yn de Nije Wrâld stiftsje'. Hy fûn in plak yn Paraguay dat er gaadlik achte. Hy en de frou hellen 14 Dútske húshâldings oer om har yn de koloanje te festigjen: Nueva Germania ('Nij-Dútslân'). De groep ferfarre nei Súd-Amearika op 15 febrewaris 1887.

De koloanje woe net ta bloei komme. It lân wie net gaadlik foar de Dútske wize fan buorkjen, der wiene in soad syktes en it ferfier nei de koloanje wie in drege saak. Konfrontearre mei hieltyd mear skulden die Förster himsels te koart middels fergif op 3 juny 1889. Fjouwer jier dêrnei gie syn widdo werom nei Dútslân. De koloanje bestiet noch as distrikt fan it departemint San Pedro.Kracht, C., & Woodard, D., Five Years (Hannover: Wehrhahn Verlag, 2011).

Nietzscheargyf Elisabeth is fral bekend wurden fan it behearen en útjaan fan de neilittenskip fan har broer nei't dy sjochtsinnich wurden wie. Yn de geast fan har man mijde hja it ynbringen fan har antisemitysk tinken net yn guon fan de boeken fan har broer, dy't der sels neat fan hawwe moaten hie. Dy ferfalskingen kamen letter út. Adolf Hitler kaam op har begraffenis.

Literatuer (in kar) Forgotten fatherland : the search for Elisabeth Nietzsche, Ben Macintyre, 1992 Élisabeth Nietzsche - de la sottise à la trahison, Diane Chauvelot, 1998 Nietzsche's sister and the will to power - a biography of Elisabeth Förster-Nietzsche, Carol Diethe, 2003 Nietzsche verstehen. Eine Gebrauchsanweisung, Christian Niemeyer, 2011 Aldus sprak Nietzsches zuster - Een leugenachtige vrouw waakt over Nietzsche, Erik Bindervoet & Saskia Pfaeltzer, 2019

Kategory:Dútsk faksist Kategory:Lid fan de NSDAP Kategory:Paraguayaansk faksist Kategory:Paraguayaansk persoan fan Dútsk komôf Kategory:Friedrich Nietzsche Kategory:Persoan berne yn 1846 Kategory:Persoan stoarn yn 1935