Sotsji (Russysk: Сочи) is in Russyske stêd en gemeente yn it suden fan 'e kraj Krasnodar, justjes benoarden de grins mei de Geörgyske regio Abchaazjede jure part fan Geörgje, mar de facto ûnôfhinklik oan de Swarte See yn de Noardlike Kaukasus. It is it wichtichste baaiplak fan Ruslân en wurdt ek wol de 'Russyske riviêra' neamd. De agglomeraasje Grut-Sotsji hat in lingte fan 147 kilometer en wurdt wol de 'op ien nei langste stêd yn de wrâld' neamd, al bestiet Grut-Sotsji feitlik út mear as ien plak. De agglomeraasje rint fan de rivier de Sjepsi oant de rivier de Psou, dêr't ek de grins mei Abchaazje leit.
Sport It Ynternasjonaal Olympysk Komitee wiisde yn july 2007 de Olympyske Winterspullen fan febrewaris 2014 ta oan Sotsji. Sotsji wie sûnt 2014 sân jier gasthear fan 'e F1 Grand Prix Ruslân. Foar it wrâldkampioenskip fuotbal yn 2018 wie it stadion fan Sotsji ien fan 'e wedstrydplakken.
Befolking Neffens de folkstelling fan 2010 bestie de befolking fan Sotsji foar 76,07% út Russen, 14,28% út Armeenjers, 2,5% út Oekraïners, Geörgjers 1,98% en fierder in grut tal lytsere mienskippen.
Befolkingsûntjouwing
Berne yn Sotsji Andre Geim - natuerkundige Jevgeni Kafelnikov - tennisser
Kategory:Plak yn Jeropeesk Ruslân Kategory:Plak stifte yn 1838