thumb|225px|Arne Jansen yn 2007 Aloisius Gertrudis Gerhardus (Arne) Jansen (Wieken, 26 april 1951 – Silvolde, 10 desimber 2007) wie in Nederlânsk sjonger.
Biografy Arne Jansen mocht al as jonkje fan njoggen fan muzykútjouwer Jaap de Kruyff in tal Dútske singles opnimme. Jansen trede op as Aloys Jansen en letter Aloys Johnson.Altijd weer die 'Meisjes met rode haren, De Gelderlander, 11 desimber 2007 Op oanstean fan syn men learde er it kappersfak, mar tagelyk bleau er wurkjen oan in muzykkarriêre, dy't fral op Dútslân rjochte wie. Begjin jierren 70 gong er optreden mei de begeliedingsband 'Les Cigales'. Dat late yn 1972 al ta ge grutste hit út syn karriêre: Meisjes met rode haren stie 17 wiken yn de Nederlânske Top 40 en 12 wiken yn de Daverende Dertig. It lietsje wie ek opnaam yn de film Turks Fruit.
Dat earste súkses hat Jansen nea wer helje kinnen, mar hy hie wol in tal lytsere hits yn de jierren 70 en 80, wêr't it fan Frans Bauer en Marianne Weber covere Zeven brieven ien fan wie. It lêste hitsje hie Jansen yn 1992, doe't Zeg eens meisje it 34e plak helle. Hy bleau lykwols singles en albums meitsjen en trede er in protte op op feesten dêr't it Nederlânsktalige liet/libbensliet sintraal stie, bygelyks de populêre Mega Piratefestinen. Yn 2000 krige er mei weromwurkjende krêft in gouden plaat foar Meisjes met rode haren, nei't út in nije tellen blykte dat der 150.000 platen fan ferkocht wiene.
Njonken de muzyk trainde Jansen plysjehûnen en hie er in stoeterij, dêr't er minihynders fokte.
Jansen stoar mei 56 jier. Neffens Menno Muis die er himsels tekoart. It nûmer "Schaam je voor je tranen niet" fan Jansen waard op syn begraffenis ôfspile.
Diskografy Albums Julie 1973: Arne Jansen & Les Cigales 1981: Arne Jansen & Les Cigales 1983: De Grootste Successen Van Arne Jansen & Les Cigales 1985: Zomerzon En Zuidenwind 1991: Dromen Over Liefde 1994: Mijn Jubileum: 20 Grote Successen* 1995: Ik Wil Nog Meer 1996: Liefde Is Geen Spel 1997: Het Beste Van Arne Jansen 1998: De Jaren 90 Hits 2003: Liedjes Die Je Nooit Vergeet 2007: Wat Ik Voel Voor Jou
Dvd 2004: In Griekenland
Keppelings om utens Arne Jansen - Folsleine diskografy Arne Jansen - Op flickr.com
Kategory:Nederlânsk sjonger Kategory:Sjonger fan it libbensliet Kategory:Achterhoeksk persoan Kategory:Persoan berne yn 1951 Kategory:Persoan stoarn yn 2007