De lânkaartflinter (Araschnia levana) is in soarte yn it skaai fan 'e lânkaartflinters (Araschnia).

Foarkommen De lânkaartflinter is in tige algemiene flinter. Hy is faak te sjen by boskrânen, kapflakten en houtwâlen. It is in swermlustige soarte. Foar 1930 wie dizze flinter in ûngewoane ferskining yn Nederlân.

Op de reade list stiet de flinter as net bedrige.

Flinter De foarjiergeneraasje sjocht der oars út as de simmergeneraasje. It ferskil sit him bygelyks yn de wjuklingte. Yn 'e maaitiid is dy 16 oant 18 mm; dy fan 'e simmer is 17 oant 21 mm. De ûnderkant fan de flinter fertoant altyd in lânkaartepatroan.

Fleantiid De flinter fleant fan mids april oant ein juny en fan ein juny oant ein septimber. Se fleane foaral tusken 10 july oant 15 augustus. De Lânkaartflinter fleant yn twa generaasjes.

thumb|left|In rûp fan de Lânkaartflinter.

Rûp De rûp kin 20 mm lang wurde. It liif is swart en is bedutsen mei wite spikkels. De toarns fan de rûp binne swart of oranje-giel. De rûp libbet yn lytse groepen byelkoar. Folwoeksen rûpen libje allinnich. De pop oerwinteret hingjend oan in stâle yn in krûdlaach.

De rûp fret de Grutte brânnettel.

Sjoch ek List fan flinters

center|thumb|400px|Fjouwer lânkaartflinters fan de twadde generaasje.

Kategory:Flintersoarte Kategory:Lânkaartflinter Kategory:Lânseigen fauna yn Andorra Kategory:Lânseigen fauna yn Belgje Kategory:Lânseigen fauna yn Bosnje-Hertsegovina Kategory:Lânseigen fauna yn Bulgarije Kategory:Lânseigen fauna yn Dútslân Kategory:Lânseigen fauna yn Eastenryk Kategory:Lânseigen fauna yn Estlân Kategory:Lânseigen fauna yn Frankryk Kategory:Lânseigen fauna yn Fryslân Kategory:Lânseigen fauna yn Gibraltar Kategory:Lânseigen fauna yn Grikelân Kategory:Lânseigen fauna yn Hongarije Kategory:Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Kroaasje Kategory:Lânseigen fauna yn Letlân Kategory:Lânseigen fauna yn Lychtenstein Kategory:Lânseigen fauna yn Litouwen Kategory:Lânseigen fauna yn Lúksemboarch (lân) Kategory:Lânseigen fauna yn Moldaavje Kategory:Lânseigen fauna yn Nederlân Kategory:Lânseigen fauna yn de Oekraïne Kategory:Lânseigen fauna yn Poalen Kategory:Lânseigen fauna yn Roemeenje Kategory:Lânseigen fauna yn Servje Kategory:Lânseigen fauna yn Sloveenje Kategory:Lânseigen fauna yn Slowakije Kategory:Lânseigen fauna yn Spanje Kategory:Lânseigen fauna yn Switserlân Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjechje Kategory:Lânseigen fauna yn Turkije Kategory:Lânseigen fauna yn Wyt-Ruslân