De Brulloft fan it Laam, yn it oarspronklike Nederlânsk: Ter Zelver Bruiloft, is in gedicht fan 'e hân fan 'e grutte Nederlânske dichter en toanielskriuwer Joost van den Vondel (1587-1679). It is in koart dichtwurk dat bestiet út fiif fjouwerregelige kûpletten mei it ienfâldige rymskema a-a-b-b, dat yn 1674 skreaun is yn in ier Nijnederlânsk fokabulêre dat, ôfsjoen fan 'e eksintrike stavering, net bjuster ôfwykt fan modern taalgebrûk; it is yn elts gefal noch goed nei te kommen. Ter Zelver Bruiloft is net, sa't it op it earste each liket, in gelegenheidsfers dat foar de brulloft fan in beskaat pear skreaun is, mar is ynstee in útnûging oan 'e roomske leauwenden ta de eucharisty, om it Hillich Sakramint (de hosty) te ûntfangen, en de geastlike brulloft fan it Laam Gods (Jezus Kristus) mei de Memmetsjerke te fieren. De Fryske oersetting fan Ter Zelver Bruiloft ferskynde yn 1983 fan 'e hân fan Klaas Bruinsma.
Oarspronklike Nederlânske tekst Ter zelver bruiloft
Ter bruiloft van het zuiver Lam, 't Welk uit den schoot des vaders quam, En om de menschen heeft geleden, Wort elk genoodigt en gebeden.
De bruigom komt: houdt u gereet. Trekt aen het witte bruiloftskleet. Hy zal ze, die zyn komst verbeyden, Verheught op 't hooge feest geleyden.
Wat openbaert zich hier een dagh, Die 't oor noit hoorde, 't oogh noit zagh! Noit kon een sterflyk hart bevroeden Den overvloet van zoo veel goeden. thumb|right|200px|Portret fan Vondel troch Ph. Koninck (1665).
Hier bloeit een eeuwigh Paradys. Verborgen Manna strekt hier spys. Hier klinken harpen en cimbalen Op zang van hemelsche kooraelen.
Gelieven, wien dit huwlyxlot Beschoren wert alleen van Godt, Wy wenschen, dat hy u wil geven De volle vreught in 't ander leven.
Fryske oersetting Ter Zelver Bruiloft waard ûnder de titel De Brulloft fan it Laam yn it Frysk oerset troch Klaas Bruinsma, dy't dy fertaling yn 1983 publisearre yn it jannewarisnûmer fan it tsjerkebledsje Trijeresom fan 'e herfoarme gemeenten fan De Rottefalle, Drachtster Kompenije en Boarnburgum-Koartehimmen.
Kategory:Literêr wurk fan Joost van den Vondel Kategory:Nederlânsktalich gedicht Kategory:Gedicht út 1674 Kategory:Fryske oersetting