thumb|Anton Koolhaas as gast fan Mies Bouwman in 1968 thumb|Anton Koolhaas (1981) Anthonie Koolhaas (Utert, 16 novimber 1912 - Amsterdam, 16 desimber 1992) wie in Nederlânsk skriuwer fan romans, senarioskriuwer en resinsint.

Biografy Anton Koolhaas wie de jongste fan in húshâlding mei fjouwer bern. Hy studearre oan de Ryksuniversiteit Utert, nei't er sels sei, enige vakken die verband konden houden met de journalistiek. As lid fan de Utertskere studinteferiening Unitas wie er befreone mei Albert Alberts en Leo Vroman. Mei dy twa rjochte er it Utertsk Studintetoaniel op. Foar en yn de Twadde Wrâldkriich wurke er tsien jier as bûtenlânredakteur by de Nieuwe Rotterdamsche Courant. Dêrnei wie er keunstredakteur fan De Groene Amsterdammer, oant er yn 1952 ta direkteur fan de Stichting Culturele Samenwerking yn Yndoneezje waard.

Yn 1955 gie Koolhaas werom nei Nederlân en waard toanielresinsint by Vrij Nederland. Tagelyk waard er learaar oan de filmakademy yn Amsterdam, dêr't er fan 1968 oant 1978 direkteur wie. Hy skreau ek sels senario's, ûnder oaren foar Bert Haanstra syn films Bij de beesten af (1972) en Dokter Pulder zaait papavers (1975, nei syn eigen roman De nagel achter het behang).

Koolhaas syn earste boek ferskynde yn 1956, de ferhalebondel Poging tot instinct. Koolhaas' romans gean faak oer bisten mei typysk minsklike einegskippen. De Boekewike fan 2009 wie wijd oan 'it bist yn de literatuer'. Dêrom ûntfâlde biolooch en skriuwer oer bisten Midas Dekkers op 19 maart dat jier in plakette oan Koolhaas' hûs oan it Amsterdamske Vondelpark mei in sin fan Koolhaas: 'Ik zit in alle figuren, al zijn het regenwormen'.

Anton Koolhaas is de heit fan arsjitekt Rem Koolhaas (1944).

Bibliografy Boeken 1933 - De deur 1939 - Stiemer en Stalma 1956 - Poging tot instinct 1957 - Vergeet niet de leeuwen te aaien 1958 - Er zit geen spek in de val 1959 - Gekke Witte 1960 - Een gat in het plafond 1961 - Weg met de vlinders 1962 - Een schot in de lucht 1963 - Een pak slaag 1964 - De hond in het lege huis 1964 - Een geur van heiligheid 1966 - Niet doen, Sneeuwwitje 1967 - Vleugels voor een rat 1968 - Andermans huid 1969 - Ten koste van een hagedis 1970 - Corsetten voor een libel 1970 - Mijn vader inspecteerde iedere avond de Nijl 1970 - Noach 1972 - De nagel achter het behang 1972 - Blaffen zonder onraad 1973 - Vanwege een tere huid 1974 - Een punaise in de voet 1975 - De geluiden van de eerste dag 1976 - Tot waar zal ik je brengen? 1977 - De laatste goendroen 1977 - Een kind in de toren 1978 - Een pak slaag 1978 - Nieuwe maan 1980 - Raadpleeg de meerval 1981 - Een aanzienlijke vertraging 1983 - Sprookje 1985 - Liefdes tredmolen en andere dierenverhalen 1990 - Alle dierenverhalen

Senario's 1979: Juliana in zeventig bewogen jaren¹ 1975: Dokter Pulder zaait papavers 1972: Bij de beesten af 1966: De Stem van het water 1963: Alleman 1950: De Dijk is Dicht¹ ¹ Films ek fan Koolhaas regissearre

Prizen 1959 - Lucy B. en C.W. van der Hoogtpriis foar Er zit geen spek in de val 1961 - Proazapriis fan de gemeente Amsterdam foar Gekke witte 1972 - Vijverbergpriis foar Blaffen zonder onraad 1973 - Tollens-priis foar syn hiele oeuvre 1974 - Multatulipriis foar Vanwege een tere huid 1989 - Frans Erenspriis foar syn folsleine oeuvre 1989 - Constantijn Huygenspriis foar syn oeuvre 1992 - P.C. Hooftpriis foar syn oeuvre

Literatuer Kusters, Wiel (2008). Koolhaas' dieren : over de biologie van een schrijver. Vantilt, Nymwegen. 295 s. ISBN 978-946-004-001-6. Oer de libbensbeskôglike kanten fan syn bisteferhalen ensafh.

Keppelings om utens Anton Koolhaas yn de DBNL Literatuurplein.nl: Ynformaasje oer Anton Koolhaas

Kategory:Nederlânsk sjoernalist Kategory:Nederlânsk teaterkritikus Kategory:Nederlânsk keunstkritikus Kategory:Nederlânsk romanskriuwer Kategory:Nederlânsk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Nederlânsk senarioskriuwer Kategory:Persoan berne yn 1912 Kategory:Persoan stoarn yn 1992