It gintsiaanblaujurkje (Phengaris alcon, syn. Maculinea alcon en Glaucopsyche alcon) is in flintersoarte út it skaai fan 'e grutte blaujurkjes (Phengaris) yn de famylje fan de reachwjukflinters (Lycaenidae). De namme wurdt ek stavere as gensiaanblaujurkje.De flinter is ferneamd nei de plant it skieppeklokje (Gentiana pneumonanthe), in lid fan 'e plantefamylje Gentianaceae. Op 'e List fan Fryske Plantenammen fan D. Franke en D.T.E. van der Ploeg wurde de planten út dy famylje "gensiaan" neamd (s. 34). Yn it Frysk Hânwurdboek (FA), stiet "gensiaan" (s. 593) en gjin "gintsiaan", en yn it âldere Frysk Wurdboek (Frysk-Nederlânsk) stiet "gentiaan" (s. 331) en net ien fan beide oare foarmen. Yn oare publikaasjes, lykas Dagvlinders in Fryslân (Fryske Akademyrige 911) en Deiflinters en Libellen (fan Sake P. Roodbergen foar it Fryske Gea), wurdt it flinterke gintsiaanblaujurkje neamd.

Foarkommen It gintsiaanblaujurkje is yn Nederlân slim bedrige. De flinter stelt hege easken oan it libbensgebiet. Gintsiaanblaujurkjes libje op wiete heide en fochtige greiden. Se binne tige honkfêst. Om't út ûndersyk bliken die dat it gintsiaanblaujurkje hiel sterk efterút gien is, hat de Flinterstifting in beskermingsplan opsteld. Ta it behâld en ferbinen fan de libbensgebieten fan it gintsiaanblaujurkje wurde stikjes heidefljild plagge. Dit wurdt in pear kear yn it jier dien mei groepkes frijwiligers fan de Blauwe Brigaden. Der moat plagge wurde om't de flinters harren aaikes lizze op it skieppeklokje (Gentiana pneumonanthe), dat ferlet hat fan iepen romte op de heide. Mar it moat mei de hân dien wurde om't oars ek de eamelnêsten fuorthelle wurde, dêr't de rûpen ferlet fan hawwe.

Op de Nederlânske reade list stiet de flinter as: bedrige, mar ynternasjonaal komt er noch rûnom foar.

Flinter De wjuklingte is likernôch 17 mm. By de mantsjes is de boppekant fan de fleugels sûnder plakken. De wyfkes binne griisbrún mei ûndúdlike plakken en soms blauwe bestowings.

Fleantiid De flinter fleant fan ein juny oant begjin septimber, foaral 15 oant 30 july. It gintsiaanblaujurkje fleant altyd yn ien generaasje.

Rûp De flinter leit syn aaikes mar op ien plant en dat is it skieppeklokje. De rûp yt allinnich fan dy plant. Nei tsien dagen lit de rûp him op de grûn falle. Ien kear op de grûn wurde se fûn troch de rûchknoopeamels (Myrmica scabrinodis), de boskstékeamels (Myrmica ruginodis) of de reade stekeamels (Myrmica rubra), dy't de rûpen meinimme nei it nêst. De rûp jout de eamels swiete stof, dêrfoar fersoargje de eamels de rûp. As de rûp grut genôch is ferpopket de rûp him. As de flinter út de pop komt, moat er meitsje dat er fuort komt, oars pakke de eamels de flinter.

De rûp fret allinnich it skieppeklokje.

Sjoch ek List fan flinters

Keppeling om utens http://www.gentiaanblauwtje.nl

Kategory:Flintersoarte Kategory:Reachwjukflinter Kategory:Lânseigen fauna yn Abgaazje Kategory:Lânseigen fauna yn Albaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Andorra Kategory:Lânseigen fauna yn Armeenje Kategory:Lânseigen fauna yn Azerbeidzjan Kategory:Lânseigen fauna yn Belgje Kategory:Lânseigen fauna yn Bosnje-Hertsegovina Kategory:Lânseigen fauna yn Bulgarije Kategory:Lânseigen fauna yn Denemark Kategory:Lânseigen fauna yn Dútslân Kategory:Lânseigen fauna yn Eastenryk Kategory:Lânseigen fauna yn Estlân Kategory:Lânseigen fauna yn Frankryk Kategory:Lânseigen fauna yn Georgje Kategory:Lânseigen fauna yn Grikelân Kategory:Lânseigen fauna yn Hongarije Kategory:Lânseigen fauna yn Itaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Kazachstan Kategory:Lânseigen fauna yn Kosovo Kategory:Lânseigen fauna yn Kroaasje Kategory:Lânseigen fauna yn Letlân Kategory:Lânseigen fauna yn Lychtenstein Kategory:Lânseigen fauna yn Litouwen Kategory:Lânseigen fauna yn Lúksemboarch (lân) Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje Kategory:Lânseigen fauna yn Moldaavje Kategory:Lânseigen fauna yn Monako Kategory:Lânseigen fauna yn Montenegro Kategory:Lânseigen fauna yn Nederlân Kategory:Lânseigen fauna yn de Oekraïne Kategory:Lânseigen fauna yn Poalen Kategory:Lânseigen fauna yn Roemeenje Kategory:Lânseigen fauna yn Servje Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Sloveenje Kategory:Lânseigen fauna yn Slowakije Kategory:Lânseigen fauna yn Spanje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Osseesje Kategory:Lânseigen fauna yn Sweden Kategory:Lânseigen fauna yn Switserlân Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjechje Kategory:Lânseigen fauna yn Turkije Kategory:Lânseigen fauna yn Wyt-Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Kirgyzje Kategory:Lânseigen fauna yn Oezbekistan Kategory:Lânseigen fauna yn Tadzjikistan Kategory:Lânseigen fauna yn Turkmenistan