Brazzers is in Kanadeesk-Amerikaanske pornografyske webside en filmstudio, wêrfan't it haadkertier fêstige is yn Montreal, yn 'e Kanadeeske provinsje Kebek, mar wêrfan't de produksje almeast plakfynt yn 'e Feriene Steaten, benammen yn Las Vegas (Nevada), Los Angeles (Kalifornje), Miami (Floarida) en San Antonio (Teksas).
Brazzers waard yn 2005 oprjochte troch Ouissam Youssef, Stéphane Manos en Matt Keezer. Sûnt hat it him ûntjûn ta in ynternetnetwurk dat op 't heden (2013) bestiet út tritich pornografyske websiden. Tsjintwurdich heart it ta de top 500 fan meast besjoene ynternetsiden. It bedriuw is sûnt 2010 eigendom fan 'e yn Lúksemboarch fêstige porno-mulitnational MindGeek (foarhinne Manwin), dy't û.m. ek konkurrint Reality Kings en de Amerikaanske pornostudio Digital Playground yn besit hat.
Keppelings om utens Offisjele webside fan Brazzers
Kategory:Kanadeeske pornografyske filmstudio Kategory:Kanadeesk webstee Kategory:Kanadeesk ynternetbedriuw Kategory:Eroatyske en/of pornografyske webside Kategory:Ingelsktalich webstee Kategory:Webstee oprjochte yn 2005 Kategory:Bedriuw oprjochte yn 2005